2015
jier
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 | 2015 | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2015 MMXV |
Ab urbe condita | 2768 |
Armeenske kalinder | 1464 ԹՎ ՌՆԿԴ |
Etiopyske kalinder | 2007 – 2008 |
Hebriuwske kalinder | 5775 – 5776 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2070 – 2071 |
- Shaka Samvat | 1937 – 1938 |
- Kali Yuga | 5116 – 5117 |
Iraanske kalinder | 1393 – 1394 |
Islamityske kalinder | 1437 – 1437 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4711 – 4712 辛午 – 壬未 |
2015 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2015.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- 2015
- jannewaris
- 1 - Lúksemboarch fiert it homohoulik yn.
- 1 - Litouwen fiert de euro yn as muntienheid.
- 1 - De Jeraziatyske Ekonomyske Uny wurdt fan krêft, wêrmei't in ekonomyske uny ûntstiet tusken de Russyske Federaasje, Wyt-Ruslân, Armeenje, Kazachstan en Kirgyzje.
- 3-7 - By it Bloedbad fan Baga komme yn noardlik Nigearia by in oanfal fan 'e terroristyske beweging Boko Haram op 'e bewenners fan Baga en omlizzende doarpen mear as 2.000 minsken om.
- 6 - De Amerikaanske steat Floarida fiert it homohoulik yn.
- 7-9 - By ferskate oanslaggen yn 'e Frânske haadstêd Parys komme 20 minsken om (ynkl. 3 dieders) en reitsje 22 oaren ferwûne.
- 12 - By in oanfal op Kolofata troch Kameroeneeske regearingstroepen komme 143 striders fan 'e terroristyske beweging Boko Haram om.
- 19 - Yn Eritreä wurdt de Eriteesk-Katolike Tsjerke oprjochte, in ôfspjalting fan 'e Etiopysk-Katolike Tsjerke.
- 22 - De Jemenityske presidint Abd Rabbû Mansoer Hadi treedt ôf nei't syn amtswente ynnommen is troch de Hûty-rebellen.
- 26 - By parlemintsferkiezings yn Grikelân komt Alexis Tsipras, de lieder fan 'e sosjalistyske partij Syriza, oan 'e macht as premier. Dat bart nei't de kiezers it fertrouwen ferlern hawwe yn 'e tradisjonele partijen fanwegen de Grykske Skuldekrisis.
- 29 - In geastlik betize man kringt de NOS-studio's binnen en ûnderbrekt it NOS Journaal fan acht oere, dat ferfalt. Hy wurdt al rillegau oermastere troch de plysje.
- febrewaris
- febrewaris - It Ynternasjonaal Konsortium fan Undersykssjoernalisten (ICIJ) út Washington, D.C. makket yn it ramt fan 'e striid tsjin belestingfraude it saneamde Switserske lek bekend. Dêrby giet it om swart jild ter wearde fan mear as €180 miljard dat op Switserske bankrekkens stean soe.
- 12 - De lieders fan 'e Oekraïne en Ruslân slute ûnder bemiddeling fan Dútslân en Frankryk yn 'e Wytrussyske haadstêd Minsk it saneamde Minsk II-ferdrach. Underdiel dêrfan is in sjitferbod yn 'e oangeande Donbasoarloch yn 'e eastlike Oekraïne en de weromlûking fan it front fan alle swiere wapens. It ferdrach sil lykwols net folle praktyske útwurking hawwe (mei't it sjitferbod op earste dei al 139 kear skeind wurdt), en de striid giet sûnder belúnjen troch.
- 14 - By oanslaggen op it Kultureel Sintrim Krudtønden en de Grutte Synagoge komme yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen 2 minsken om en reitsje 5 plysjes ferwûne.
- 16 - As ferjilding foar de ûnthalzing fan mear as tsien Koptyske kristenen út Egypte (dy't as gastarbeiders yn Lybje wurken) troch oanhingers fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) yn 'e Libyske regio Syrenaika, set de Egyptyske loftmacht útein mei it útfieren fan bombardeminten op IS-posysjes yn Lybje.
- 20 - De Oarloch yn Noard-Maly wurdt beëinige nei't Westerske troepen yn gearwurking mei it Malineeske leger en Tûarek-milysjes de islamistyske terroristen dy't ferbûn binne mei de saneamde Islamityske Steat (IS) ferdreaun hawwe.
- 24 - By in lawine yn Afganistan komme 310 minsken om en reitsje 129 oaren ferwûne.
- 27 - Yn Moskou wurdt de Russyske opposysjelieder Boris Nemtsov, in fûleindich kritikaster fan presidint Vladimir Pûtin, by in oanslach op 'e Bolsjoj Moskvoretsky-brêge, yn it sicht fan it Kremlin, fermoarde. It (ûnbewiisbere) fermoeden is dat fermiddens yn 'e neite fan Pûtin efter de moard sitte.
- maart
- 5 - De Amerikaanske ambassadeur yn Súd-Koreä, Mark Lippert, moat mei stekwûnen nei it sikehûs ta brocht wurde nei't er yn in restaurant yn Seoel oanfallen is troch de mei in mês bewapene Kim Ki-jong.
- 5-8 - Yn Irak wurde de ruïnes fan 'e stêden Nimrod, Hatra en Doer-Sjarrûkin, út 'e Aldheid, fernield troch de saneamde Islamityske Steat (IS).
- 6 - De romtesonde Dawn, fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, berikt as earste troch de minske makke objekt in baan om 'e dwerchplaneet Seares.
- 9 - By de helikopterbotsing fan Villa Castelli komme yn noardwestlik Argentynje, by opnamen foar it Frânske realitytillefyzjeprogramma Dropped, twa helikopters yn 'e loft mei-inoar yn botsing. Alle tsien ynsittenden fan beide tastellen komme om, ûnder wa bokser Alexis Vastine, sylster Florence Arthaud en swimster Camille Muffat.
- 12 - De Nigeriaanske terreurbeweging Boko Haram slút him oan by de saneamde Islamityske Steat (IS), en foarmet dêrfan de 'Westafrikaanske Provinsje'.
- 13 - De sykloan Pam feroarsaket yn Fanûatû 16 deaden en ferdriuwt 166.000 minsken, de helte fan 'e befolking, fan hûs en hiem. It is de swierste sykloan dêr't Fanûatû ea mei te krijen hân hat.
- 18 - By de oanslach op it Nasjonaal Museum Bardo yn Tuneezje komme 24 minsken om en reitsje 50 oaren ferwûne.
- 19 - De Twadde Jemenityske Boargeroarloch brekt út, tusken de sjiïtyske Hûty-rebellen yn it noarden en it soennityske regear yn it suden.
- 20 - By bomoanslaggen op moskeeën yn 'e Jemenityske haadstêd Sanaä komme 142 minsken om en reitsje 351 oaren ferwûne.
- 24 - Alle 150 ynsittenden fan it ferkearsfleantúch Germanwings-flecht 9525 komme om as ko-piloat Andreas Lubitz de fleanmasine yn 'e Frânske Alpen moedwillich tsjin in berch oanfljocht om selsmoard te dwaan.
- 25 - In koälysje fan Arabyske lannen ûnder lieding fan Saûdy-Araabje en de Feriene Arabyske Emiraten ynterveniëarret yn 'e Twadde Jemenityske Boargeroarloch yn Jemen, om foar te kommen dat it troch soenniten dominearre regear fan it lân derûnder strûpt yn 'e striid tsjin 'e sjiïtyske Hûty-rebellen.
- april
- april - Utbraak fan in epidemy fan it sika-firus yn Latynsk-Amearika.
- 2 - By de oanslach op it Garissa University College troch islamistyske terroristen fan 'e Somalyske beweging al-Sjabaab komme yn Kenia 152 minsken om en reitsje 79 oaren ferwûne.
- 25 - By in swiere ierdbeving fan 7,8 op 'e skaal fan Richter yn Nepal komme 8.857 minsken om yn Nepal, 130 yn Yndia, 27 yn Tibet en 4 yn Bangladesj. Ek reitsje nochris sa'n 22.000 oaren ferwûne.
- 26 - Yn Boerûndy brekt ûnrêst út as Pierre Nkurunziza risselwearret foar in (yllegale) trêde amtstermyn as presidint. By demonstraasjes dêrtsjin komme plysje en leger hurd fanwegen. Der falle hûnderten deaden en tûzenen minsken wike út nei it bûtenlân.
- 29 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) ferklearret de sykte reahûn yn 'e Amearika's foar útrûge.
- maaie
- begjin-begjin juny - By in ûndraachlike hjitteweach mei temperatueren dy't oprinne oant 49,4 °C, falle yn Yndia mear as 2.500 deaden.
- 1-31 oktober - Yn 'e Italjaanske stêd Milaan wurdt de wrâldtentoanstelling Expo 2015 holden.
- 7 - By ferkiezings yn it Feriene Keninkryk wint de Konservative Partij fan premier David Cameron in absolute mearderheid yn it Legerhûs en foarmet no in regear sûnder koälysjepartner de Liberaal-Demokraten, dy't by de ferkiezings in swier ferlies ynkassearre hawwe.
- 12 - By in ierdbeving fan 7,3 op 'e skaal fan Richter yn Nepal (eins in swiere neiskok fan 'e ierdbeving fan 25 april) komme yn Nepal 153 minsken om, yn Yndia 62, yn Bangladesj 2 en yn Tibet 1.
- 14 - De Pitcairneilannen fiere it homohoulik yn.
- 20 - De Folksrepublyk Donjetsk en de Folksrepublyk Lûhansk, de beide opstannige provinsjes yn 'e eastlike Oekraïne, kundigje oan harren konfederaasje Nij-Ruslân op te skoarjen nei't ûnderling ûnienichheid ûntstien is.
- 21 - Striders fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) feroverje yn Syrje de ruïnes fan 'e stêd Palmyra, út 'e Aldheid.
- 23 - By in referindum yn Ierlân stimt in mearderheid fan 'e kiezers foar de ynfiering fan it homohoulik.
- 23 - Sweden wint yn Wenen it Eurofyzjesongfestival.
- juny
- 1 - It cruiseskip de Dong Fang Zhi Xing kapseist op 'e rivier de Jangtse yn Sina, nei't er rekke is troch in wetterhoas. Dêrby komme 442 minsken om.
- 2 - FIFA-foarsitter Sepp Blatter kundiget yn ôftreden oan nei't syn posysje ûnhâldber wurden is troch oanhâldende beskuldigings fan korrupsje, dêr't de Amerikaanske plysjetsjinst FBI in offisjeel ûndersyk nei iepene hat.
- 9 - Gûam fiert it homohoulik yn.
- 12 - De Meksikaanske steat Chihuahua fiert it homohoulik yn.
- 18-ein - By in ûndraachlike hjitteweach, mei temperatueren dy't oprinne oant 49 °C, falle yn Pakistan tûzenen deaden. Allinnich yn 'e stêd Karachi komme al 2.000 minsken om.
- 20 - In Yndonezysk militêr transportfleantúch stoart del yn 'e stêd Medan, op Sumatra. Dêrby komme alle 143 ynsittenden en 22 minsken op 'e grûn om.
- 26 - De Feriene Steaten fiere (lanlik) it homohoulik yn.
- 25-26 - By de saneamde Ramadanoanslaggen op Swarte Freed (26 juny) komme yn ferskate lannen 403 minsken om en reitsje mear as 336 oaren ferwûne.
- 25-26 - By it Bloedbad fan Kobanî litte striders fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) trije autobommen yn 'e Syryske stêd Kobanî ûntploffe, wêrnei't se de stêd binnentsjogge en it fjoer iepenje op 'e boargers. Der komme mear as 220 minsken om.
- 26 - By de strânoanslach yn Tuneezje iepenet in oahinger fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) yn in resort yn Tuneezje it fjoer op Westerske toeristen, wêrby't 38 minsken omkomme.
- 26 - By in bomoanslach op in sjiïtyske moskee yn Koeweit-Stêd bringt in oanhinger fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) 27 minsken om en ferwûnet nochris 227 oaren.
- 26 - Yn 'e Slach by Leego falle striders fan 'e islamistyske terroristyske beweging al-Shabaab in legerbasis yn Somaalje oan fan 'e AMISOM-fredesmacht fan 'e Afrikaanske Uny. Dêrby komme mear as 70 Boerûndeeske militêren om.
- 26 - By in bomoanslach troch in selsmoardterrorist fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) yn 'e Syryske stêd Al-Hasaka komme 20 minsken om.
- 26 - By in oanslach troch in oanhinger fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) wurdt yn Saint-Quentin-Fallavier, by Lyon, yn Frankryk, 1 man ûnthalze, wylst 2 oaren ferwûne reitsje.
- 29 - Op 'e kust fan it Frânske eilân Reünion, yn 'e Yndyske Oseaan, wurde de earste brokstikken fan it mear as in jier lyn ferdwûne ferkearsfleantúch Malaysia Airlines-flecht 370 weromfûn.
- 30 - De Noardlike Marianen fiere it homohoulik yn.
- 30 - Kuba is it earste lân fan 'e wrâld dêr't de oerdracht fan mem op bern fan HIV en syfilis útrûge wurdt.
- july
- 1 - Grikelân mist yn it ramt fan 'e Grykske Skuldekrisis as earste ûntwikkele lân ea in werombetellingstermyn oan it Ynternasjonaal Monetêr Fûns (IMF).
- 2 - De fearboat MB Kim Nirvana-B kapseist yn 'e Filipinen, wêrby't 62 minsken omkomme.
- 4 - De Omgong fan Frankryk giet fan start yn Utert.
- 5-13 - Yn it ramt fan 'e Grykske Skuldekrisis sprekt de befolking fan Grikelân him nei mear as in healjier fan demonstraasjes yn in referindum út tsjin 'e troch it bûtenlân opleine besunigingsmaatregels. By nije ûnderhannelings lizze de bûtenlânske machten, yn ruil foar in ekonomysk helppakket dêr't Grikelân net sûnder kin, by wize fan straf foar it referindum noch wredere besunigingsmaatregels op.
- 9 - De Amerikaanske Famme-eilannen fiere it homohoulik yn.
- 13 - Porto Riko fiert it homohoulik yn.
- 14 - De romtesonde New Horizons, fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, passearret as earste romtesonde op koarte ôfstân de planeet Pluto.
- 14 - Iraan, de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Dútslân, de Jeropeeske Uny, Ruslân en Sina slute it saneamde Joint Comprehensive Plan of Action (better bekend as de 'Iraan-deal'), wêrby't Iraan taseit syn nukleêre programma stil te lizzen yn ruil foar it opheffen fan 'e Westerske sanksjes tsjin it lân.
- 20 - Yn it ramt fan 'e saneamde Kubaanske Tei knoopje Kuba en de Feriene Steaten foar it earst yn hast in heale iuw wer diplomatike betrekkings oan.
- 20 - By in bomoanslach troch de saneamde Islamityske Steat (IS) yn 'e Turkske stêd Suruç komme 33 minsken om en reitsje 104 oaren ferwûne. De slachtoffers binne foar it meastepart studinten.
- 24 - Yn reäksje op 'e bomoanslach yn Suruç set Turkije útein mei in rige bombardeminten op posysjes fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) yn Syrje en fan 'e Koerdyske ôfskiedingsbeweging PKK yn súdeastlik Turkije en Irak.
- augustus
- 5 - De brokstikken dy't op 'e kust fan it Frânske eilân Reünion, yn 'e Yndyske Oseaan, oanspield binne, blike wis ôfkomstich te wêzen fan it ferkearsfleantúch Malaysia Airlines-flecht 370, dat yn maart 2014 spoarleas ferdwûn.
- 12 - By twa grutte ûntploffings yn 'e Sineeske havenstêd Tianjin komme teminsten 173 minsken om en reitsje teminsten 700 oaren ferwûne.
- 17 - By in bomoanslach yn 'e Taiske haadstêd Bangkok komme 20 minsken om en reitsje 125 oaren ferwûne.
- 21 - By in mislearre oanslach op 'e Thalys, de hegesnelheidstrein fan Amsterdam nei Parys, reitsje yn Frankryk 4 minsken ferwûne, ynkl. de dieder.
- 26 - Yn it Amerikaanske plak Moneta (Firginia) wurde ferslachjouster Alison Parker en har kameraman Adam Ward deasketten wylst se live op 'e tillefyzje binne.
- septimber
- 10 - Wittenskippers meitsje de ûntdekking yn Súd-Afrika bekend fan 'e Homo naledi, in oant no ta ûnbekende soarte homonide.
- 11 - Yn Mekka, yn Saûdy-Araabje, komme 111 minsken om as in boukraan omfalt.
- 16 - By in ierdbeving fan 8,3 op 'e skaal fan Richter komme yn Sily 14 minsken om.
- 18 - By it saneamde Sjoemelsoftwareskandaal komt oan it ljocht dat it Dútske automerk Folkswein troch temûk tafoegjen fan ekstra software al jierren de emissytests bedonderet. Der wurdt rûsd dat wrâldwiid likernôch 11 miljoen auto's mei dizze sjoemelsoftware tarist binne.
- 24 - By in ramp op 'e lêste dei fan 'e hadj nei Mekka brekt ûnder it ritueel fan it Stiennigjen fan de Duvel yn Mina panyk út ûnder de grutte mannichte pylgers, mei as gefolch dat in soad lju ûnder de foet rûn wurde. Dêrby komme teminsten 2.236 minsken om, wylst mear as 900 oaren ferwûne reitsje.
- 28 - De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA makket bekend dat der floeiber wetter fûn is op 'e planeet Mars.
- 30 - Ruslân ynteveniëarret oan 'e kant fan 'e diktatuer fan Basjir al-Assad yn 'e Syryske Boargeroarloch en set útein mei bombardeminten fan 'e troch it Westen stipe sekuliere rebellen en ek fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS).
- oktober
- 3 - By in bombardemint yn Afganistan dat (yn it ramt fan 'e Oarloch yn Afganistan) troch de Amerikaanske Loftmacht by fersin útfierd wurdt op in sikehûs fan 'e helporganisaasje Dokters sûnder Grinzen komme likernôch 20 minsken om.
- 10 - By bomoanslaggen yn 'e Turkske haadstêd Ankara komme 109 minsken om en reitsje mear as 400 oaren ferwûne.
- 17-19 - De tyfoan Koppu (yn 'e Filipinen bekend as Lando) feroarsaket yn 'e Filipinen teminsten 48 deaden en rjochtet foar $236 miljoen oan skea oan.
- 26 - By in ierdbeving fan 7,5 op 'e skaal fan Richter komme yn it Hindoekûsj-berchtme 279 minsken om yn Pakistan, 115 yn Afganistan en 4 yn Yndia.
- 30 - By in brân yn in nachtklub yn 'e Roemeenske haadstêd Boekarest komme 63 minsken om. Neitiid liede massale demonstraasjes ta it ôftreden fan premier Victor Ponta.
- 31 - It Russyske ferkearsfleantúch Kogalymavia-flecht 9268, ûnderweis fan Sjarm al-Sjeich nei Sint-Petersburch, wurdt troch islamistyske terroristen delsketten yn 'e Sinaï-woastyn. Dêrby komme alle 224 ynsittenden om.
- novimber
- 8 - By de earste min ofte mear frije ferkiezings yn Birma sûnt 1990 behellet de opposysje ûnder lieding fan Aung San Suu Kyi in grutte oerwinning.
- 12 - By bomoanslaggen yn 'e Libaneeske haadstêd Beirût komme 43 minsken om en reitsje 240 oaren ferwûne.
- 13-14 - By in rige koördinearre oanslaggen yn 'e Frânske haadstêd Parys komme 137 minsken om (ynkl. 7 dieders) en reitsje 413 oaren ferwûne.
- 16 - Ierlân fiert it homohoulik yn.
- 20 - By in bomoanslach op in hotel yn 'e Malineeske haadstêd Bamako komme 20 minsken om en reitsje 9 oaren ferwûne.
- 24 - It Turkske leger sjit in Russyske strieljager del dy't fanút Syrje it Turkske loftrom ynkrongen is. De beide piloaten komme dêrby om. Dit liedt ta in krisis yn 'e relaasje tusken de beide lannen.
- 30 - Yn 'e Frânske haadstêd Parys giet de Konferinsje oangeande Klimaatferoaring fan de Feriene Naasjes fan start, yn oanwêzichheid fan 'e lieders fan 147 lannen.
- desimber
- 2 - By in oanslach yn 'e Amerikaanske stêd San Bernardino (Kalifornje) komme 16 minsken om (ynkl. de beide dieders) en reitsje nochris 24 oaren ferwûne.
- 12 - Alle 195 leden fan 'e Feriene Naasjes nimme it histoaryske Klimaatakkoart fan Parys oan om klimaatferoaring tsjin te gean.
- 13 - De tyfoan Melor (yn 'e Filipinen bekend as Nona) feroarsaket yn 'e Filipinen 42 deaen en rjochtet foar $136 miljoen oan skea oan.
- 16 - Opskuor yn Geldermalsen fanwegen de mooglike komst fan in asylsikerssintrum. De plysje wurdt yn it nau brocht en de gemeenteriedsgearkomste moat ôfbrutsen wurde.
- 23 - De Meksikaanske steat Nayarit fiert it homohoulik yn.
Berne
bewurkje seksjeFerstoarn
bewurkje seksje- jannewaris
- 5 - Cees Greuter, Frysk sjonger (* 1950)
- 7 - Georges Wolinski, Frânsk striptekener (* 1934)
- 12 - Wam de Moor, Nederlânsk literatuerkritikus en skriuwer (* 1936)
- 13 - Dirk van der Veen, Frysk skriuwer (* 1965)
- 25 - Demis Roussos, Gryksk sjonger en bassist (* 1946)
- 29 - Paul Panhuysen, Nederlânsk komponist en keunstner (* 1934)
- 31 - Richard von Weizsäcker, Dútsk politikus (* 1920)
- febrewaris
- 1 - Jos van Manen Pieters, Nederlânsk skriuwster (* 1930)
- 6 - Kayla Mueller, Amerikaansk ûntwikkelingswurkster (* 1988)
- 14 - Wim Ruska, Nederlânsk judoka (* 1940)
- 15 - Burgess Roye, Amerikaanske keunstner (* 1944)
- 16 - Lesley Gore, Amerikaansk sjongster en aktrise (* 1946)
- 26 - Maria van Harinxma thoe Slooten, Frysk ealfrouwe (* 1927)
- 27 - Boris Nemtsov, Russsysk politikus en opposysjelieder (* 1959)
- maart
- 2 - Rense Westra, Frysk akteur (* 1946)
- 9 - Camille Muffat, Frânsk swimster (* 1989)
- 9 - H.H. ter Balkt, Nederlânsk dichter (* 1938)
- 19 - Marilyn Durham, Amerikaansk skriuwster (* 1930)
- 19 - Hendrik Jan Broekstra, Nederlânsk pianist (* 1924)
- 19 - Gerda van der Kade-Koudijs, Nederlânsk atlete (* 1923)
- 23 - Lieuwe Pietersen, Frysk skriuwer, learaar en sosjolooch (* 1928)
- 26 - Tomas Tranströmer, Sweedsk dichter en oersetter (* 1931)
- 30 - Ingrid van Houten-Groeneveld, Nederlânsk astronome (* 1921)
- april
- 4 - Jan Hofstra, Frysk predikant en ûndernimmer (* 1945)
- 6 - James Best, Amerikaansk akteur (* 1926)
- 13 - Günter Grass, Dútsk skriuwer en keunstner (* 1927)
- 22 - Alex Brinksma, Frysk sportbestjoerder (* 1929)
- 23 - Richard Corliss, Amerikaansk filmkritikus (* 1944)
- maaie
- 9 - Jan Murk de Vries, Frysk keunstskilder en glêzenier (* 1919)
- 14 - B.B. King, Amerikaansk muzikant (* 1925)
- 16 - Piet ten Thije, Frysk swimmer (* 1934)
- 21 - Dimitri van Toren, Nederlânsk sjonger (* 1940)
- 23 - Ali Raymi, Jemenitisch bokser en militêr (* 1973)
- juny
- 4 - Albert West, Nederlânsk sjonger (* 1949)
- 7 - Christopher Lee, Ingelsk akteur (* 1922)
- 9 - Fred Anton Maier, Noarsk reedrider (* 1938)
- 15 - Mighty Sam McClain, Amerikaansk sjonger (* 1943)
- 20 - John Eskes, Frysk muzikant, dirigint en komponist (* 1951)
- 23 - Thé Lau, Nederlânsk sjonger (* 1952)
- 27 - Boris Sjilkov, Russysk reedrider (* 1927)
- 28 - Wiebe Bergsma, Frysk histoarikus (* 1955)
- 30 - Jan Lukas Eggens, Nederlânsk politikus (* 1943)
- july
- 8 - Irwin Keyes, Amerikaansk akteur (* 1952)
- 10 - Omar Sharif, Egyptysk akteur (* 1932)
- 17 - Jules Bianchi, Frânsk Formule 1-koereur (* 1989)
- 18 - Buddy Buie, Amerikaansk sjonger (* 1941)
- 19 - Sybren Polet, Nederlânsk dichter (* 1924)
- 23 - Jan Postma, Frysk âld-plysjeman en skriuwer (* 1932)
- 26 - Flora MacDonald, Kanadeesk politika (* 1926)
- 26 - Bobbi Kristina Brown Amerikaansk sjongeres (* 1993)
- 27 - Reitze Ketellapper, Frysk ûndernimmer en politikus (* 1944)
- augustus
- 12 - Stephen Lewis, Ingelsk akteur (* 1926)
- 21 - Jo Bosma, Frysk politikus (* 1943)
- 31 - Ger Verrips, Nederlânsk skriuwer (* 1928)
- septimber
- 8 - Joost Zwagerman, Nederlânsk skriuwer en dichter (* 1963)
- 13 - Stef de Haas, Frysk dosint en politikus (* 1933)
- 21 - Jo Bosma, Frysk politikus (* 1943)
- oktober
- 3 - Bauke de Jong, Frysk dichter (* 1931)
- 5 - Henning Mankell, Sweedsk skriuwer (* 1948)
- 7 - Hossein Hamadani, Iraansk generaal (* 1951)
- 20 - Yoná Magalhães Brazyljaansk aktrise (* 1935)
- 22 - Willem Aantjes, Nederlânsk politikus (* 1923)
- 24 - Maureen O'Hara,Iersk aktrise (* 1920)
- 27 - Philip French, Ingelsk filmkritikus (* 1933)
- 27 - Douwe Kooistra, Frysk skiedkundige en publisist (* 1944)
- 31 - Ants Antson, Estysk reedrider (* 1938)
- novimber
- 3 - Tiny Terpstra-Sluyter, Frysk keunstskilderesse (* 1945)
- 19 - Armand, Nederlânsk protestsjonger (* 1946)
- 22 - Sipke van der Land, Frysk predikant, skriuwer en presentator (* 1937)
- 28 - Yoka Berretty, Nederlânsk aktrise en sjongster (* 1928)
- desimber
- 4 - Robert Loggia, Amerikaansk akteur (* 1930)
- 22 - Jaap Zijlstra, Nederlânsk dichter, skriuwer en predikant (* 1933
bisten
bewurkje seksje- mids july - Wabe, filmhynder (* 1991)
- 16 oktober - Delta Paramount, ferneamde fokbolle (* 2001)
Literatuer
bewurkje seksje- romans
- Tanya Huff, An Ancient Peace
- Patricia Briggs, Dead Heat
- N.K. Jemisin, The Fifth Season
- Jo Walton, The Just City
- Jo Walton, The Philosopher Kings
- Jean Johnson, The Terrans
- Julie E. Czerneda, This Gulf of Time and Stars
- Jean Johnson, The V'Dan
- C.J. Cherryh, Tracker
- Anne Bishop, Vision in Silver
- novelles
- ferhalebondels
Films
bewurkje seksje
Jierren: | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 | 2015 | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|