Rambo (film út 2008)

Rambo, ek bekend as John Rambo en Rambo IV (sjoch hjirre foar útlis), is in Amerikaansk-Dútske aksjefilm út 2008 ûnder rezjy fan Sylvester Stallone, mei yn 'e haadrollen Stallone sels en Julie Benz. It ferhaal giet oer de ferâlderjende Amerikaanske oarlochsfeteraan en âld-kommando John Rambo, dy't al mear as tweintich jier yn Tailân tahâldt. As er troch in groep Amerikaanske sindelingen frege wurdt harren it troch boargeroarloch en diktatuer ferskuorde Birma binnen te smokkeljen, lit er him op 't langelêst beprate. De sindelingen wurde lykwols al rillegau finzen nommen troch it Birmeeske Leger en draaie in raar gat yn. Rambo jout him by in groepke hierlingen dat betelle wurdt om 'e sindelingen te rêden. Rambo is it fjirde diel fan 'e Rambo-filmsearje, en folget as sadanich nei tweintich jier stilte op Rambo III, út 1988. De film is opdroegen oan 'e yn 2003 ferstoarne akteur Richard Crenna, dy't yn 'e trije eardere Rambo-films de rol fan kolonel Sam Trautman spile. Fan 'e filmkritisy krige Rambo mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súkses. In fyfde diel yn 'e rige kaam yn 2019 út ûnder de titel Rambo: Last Blood.

Rambo
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sylvester Stallone
produsint Avi Lerner
Kevin King Templeton
John Thompson
senario Art Monterastelli
Sylvester Stallone
kamerarezjy Glen MacPherson
muzyk Brian Tyler
filmstudio Millennium Films
Nu Image
Equity Pictures Medienfonds
distribúsje Lionsgate Films
The Weinstein Company
spilers
haadrollen Sylvester Stallone
Julie Benz
byrollen Paul Schulze
Graham McTavish
Matthew Marsden
Maung Maung Khin
Tim Kang
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
premiêre 25 jannewaris 2008
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm
taal Ingelsk (ek wat Birmaansk)
spyltiid 91 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $113,2 miljoen
filmsearje
filmsearje Rambo
● foarich diel Rambo III
● folgjend diel Rambo: Last Blood

De offisjele titel fan 'e film is Rambo. De wurktitel wie lange tiid John Rambo, mar Sylvester Stallone wie fan miening dat dy namme assosjaasjes oprôp mei syn film út 2006 Rockey Balboa, dy't ek de hiele namme fan 'e haadpersoan brûkte. Mei't Rocky Balboa bedoeld wie as de lêste film oer Rocky, of alteast de lêste film oer Rocky wêryn't er sels bokste, fûn er de titel John Rambo misliedend, om't it personaazje John Rambo neffens him bêst noch ien of mear films yn deselde hoedanichheid mei koe. Nettsjinsteande dat wurdt yn in protte lannen en territoaria, wêrûnder Dútslân, Frankryk, Itaalje, Poalen, Hongarije en Grikelân, de titel John Rambo oanholden om't de earste film út 'e Rambo-filmrige, First Blood, dêr al útbrocht wie as Rambo. Ek yn 'e begjintitels dy't de film yn guon oare lannen oanhâldt, wêrûnder de Feriene Steaten en Nederlân, wurdt de filmtitel jûn as John Rambo.

Yn guon lannen, wêrûnder Servje, Ruslân, de Oekraïne, Turkije en Maleizje, hjit Rambo ynstee Rambo IV (soms skreaun as Rambo 4). Dat is ek om ûnderskie te meitsjen mei de earste film. Noch wer in oare alternative titel, dy't lykwols mar selden brûkt wurdt, is Rambo: The Fight Continues. Filmdistributeur Lionsgate Films makke yn oktober 2007 bekend dat de film Rambo: To Hell and Back komme soe te hjitten, mar nei negative reäksjes fan fans fan 'e filmrige, waard it bedriuw weromfluite troch Stallone.

Yn 2007 brekt yn Birma de Saffraanrevolúsje út, in beweging fan freedsume demonstraasjes fan 'e boargerbefolking, oanfierd troch boedistyske mûntsen, dy't troch de militêre diktatuer lykwols op ûnmeilydsume wize yn bloed smoard wurdt. Tagelyk is yn 'e grinsgebieten fan Birma al mear as sechstich jier de Birmeeske Boargeroarloch oan 'e gong, in oanhâldende guerrilja-oarloch fan 'e leden fan ûnderdrukte etnyske minderheden tsjin it Birmeeske Leger, dat himsels de Steatsried foar Frede en Untwikkeling neamd. Yn eastlik Birma, deunby de grins mei Tailân, fiert de sadistyske majoar Pa Tee Tint in wier skrikbewâld troch de doarpen fan 'e etnyske Karen te oerfallen en plat te brânen. Lytse bern, folwoeksen manlju en de âlderein wurde dêrby fermoarde, froulju en famkes ferkrêfte en opslûpen jonges ûntfierd om ronsele te wurden as nije soldaten.

Underwilens libbet John Rambo, in âld-kommando út it Amerikaanske Leger en in traumatisearre feteraan út 'e Fjetnamoarloch, tweintich jier nei de foarfallen yn Afganistan noch altyd yn Tailân. Deunby de Birmeeske grins fertsjinnet er de kost troch yn it oerwâld slangen te fangen dêr't Taiske artysten foarstellings mei fersoargje om Westerske toeristen mei te fermeitsjen. Dêrnjonken hat er in boat dêr't er groepen toeristen mei de rivier op nimt.

Op in dei wurdt Rambo opsocht troch Michael Burnett, de foaroanman fan in tsienmannich sindelingen en dokters út 'e Amerikaanske steat Colorado. Dyselde freget Rambo om harren de rivier de Salween op te farren en sa de Birmeeske grins oer te smokkeljen. Hja binne op in humanitêre misje nei in Karensk doarp dêr't harren tsjerke gedoente mei hat en se wolle dêr medyske foarrieden besoargje. Rambo fielt dêr neat foar en stegeret it fersyk fan 'e ûnsympatike fint ôf. Burnett, dy't dúdlik delsjocht op sa'nent as Rambo, konkludearret dat Rambo inkeld om himsels jout. De iennichste frou yn 'e groep, Sarah Miller, dy't de ferloofde fan Burnett is, wol it lykwols noch net opjaan. Hja praat ferskate kearen op Rambo yn, oant se úteinlik foar it ferstân kriget dat Rambo wol deeglik om oare minsken jout, safolle sels, dat er maklik fertsjinne jild ôfstegeret om lju lykas Burnett-en-dy tsjin harsels yn beskerming te nimmen. Rambo seit tsjin har dat se de wrâld akseptearje moat sa't er is, om't er dochs net feroare wurde kin. Sarah wegeret har dêrby del te lizzen. Op 't langelêst seit Rambo ta harren nei Birma te bringen, mar hy wol der neat foar hawwe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underweis begjint Sarah in petear mei Rambo, dy't se freget wêr't er wei komt. Rambo antwurdet dat er opgroeid is yn Bowie, in plakje yn Arizona, dêr't syn heit hynders fokte. As se witte wol wêrom't er dêr nei de Fjetnamoarloch nea wer weromkeard is, seit er dat der wat wêze moat om nei werom te gean. Letter komme Rambo en de sindelingen by in basis fan Birmeeske rivierpiraten lâns. Rambo besiket der ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster foarby te glûpen, mar de piraten krije it boatsje yn 'e gaten en fjouwer fan harren hâlde Rambo-en-dy oan. As se foar it ferstân krije dat der in frou mank de groep is, easkje se Sarah op as tol, sadat se har ferkrêftsje kinne. Rambo, dy't sjocht dat er harren net op oare gedachten bringe kin, hellet ynienen in fjoerwapen foar it ljocht en sjit fan it iene momint op it oare de fjouwer piraten dea.

Sa'n útbarsting fan 'sinleas geweld' befêstiget alle foaroardielen dy't Burnett oer Rambo hat. Mei't er sels in reedlik persoan is, kin er net akseptearje dat oaren dat net wêze kinne. Hy makket himsels wiis dat as er inkeld mar mei de piraten prate kinnen hie, hy harren wol op oare gedachten brocht hawwe koe. Tige oerstjoer oer de dieden fan 'e Rambo stjoert er dyselde fuort sadree't se har bestimming berikt hawwe. Hy seit dat se wol in oare manear sykje sille om Birma wer út te kommen. Fan 'e hiele groep sindelingen kin inkeld Sarah begryp en tankberens opbringe foar wat Rambo dien hat. By wize fan ôfskie jout se him it krúske dat se om 'e hals draacht.

Wylst Rambo weromfart en op it plak fan 'e konfrontaasje mei de rivierpiraten alle spoaren fan it treffen útwisket, wurde de sindelingen mei blydskip en gastfrijens wolkom hjitten yn it Karenske doarp. Burnett en inkele oaren mei genêskudige training begjinne daliks mei de behanneling fan 'e siken en ferwûnen, wylst oaren it evangeelje útdrage. De freedsume gong fan saken wurdt rou fersteurd as sûnder warskôging Birmeeske troepen ûnder majoar Pa Tee Tint it doarp mei mortieren begjinne te bombardearjen. As it hiele doarp yn gaos feroare is, kringe soldaten der binnen en moardzje de bewenners sûnder ûnderskie te meitsjen út. De sindelingen binne dêr tsjûge fan, mar kinne neat dwaan. Ferskaten fan harren komme om, mar in stik as fiif, ûnder wa Burnett en Sarah, wurde finzen nommen en mei weromsleept nei de Birmeeske legerbasis. Dêr wurdt Sarah yn in koai bûten de wente fan 'e majoar opsletten, wylst se tasjen moat hoe't har manlike selskipslju ien foar ien libben oan 'e bargen opfuorre wurde.

Wiken nei't er de groep yn Birma ôfset hat, kriget Rambo nachts besite fan in Amerikaan dy't himsels foarstelt as Arthur Marsh. Hy is de predikant fan 'e Kristustsjerke fan Colorado, it tsjerkegenoatskip dêr't de humanitêre misje fan útgie. Marsh seit dat der al fierstente lang gjin kontakt mear west hat mei de groep fan Burnett, en dat syn tsjerke fia-fia fan 'e rebellen fan it Karensk Nasjonaal Befrijingsleger (KNLA) te hearren krigen hat dat de sindelingen finzen nommen binne troch it Birmeeske Leger. De rebellen hawwe in gids beskikber steld en Marsh syn tsjerke hat in groepke hierlingen ynhierd om in rêdingsaksje te prebearjen. No hawwe se ferlet fan Rambo syn help oan om 'e hierlingen sekuer nei it plak te bringen dêr't er de sindelingen oan lân set hat. Rambo seit syn meiwurking ta.

Der binne fiif hierlingen, dy't oanfierd wurde troch Lewis, in Britske âld-kommando fan 'e Special Air Service (SAS). By it plak dêr't Rambo de sindelingen ôfset hat, wurde se opwachte troch de Karenske gids Myint, dy't goed bekend is mei de krite. Rambo biedt oan om mei te gean, mar Lewis wol dêr neat fan witte. Hy sjocht Rambo as in ûntrainde boargerman en wol dêrnjonken dat der in blankenien by de boat bliuwt, om't er de ynboarlingen mar heal fertrout. De hierlingen sette mei Myint ôf, dy't harren nei de ruïnes fan it Karenske doarp liedt. Dêrby komme se yn it tropysk reinwâld by in âlde Britske swiere Tallboy-bom út 'e Twadde Wrâldoarloch lâns dy't net ôfgien is. Yn it doarp binne de stoflike omskotten fan 'e eardere bewenners ûnderwilens yn in fiergeande steat fan ûntbining rekke. Wylst se it doarp oereagje en redendiele oer de fraach oft it noch sin hat om te sykjen nei oerlibbenen, arrivearret der in frachtwein fan it Birmeeske Leger. Myint en de hierlingen sykje dekking.

De frachtwein blykt in stik as fjouwer soldaten te befetsjen en teffens in groepke finzenen. De soldaten binne út op it spyljen fan in spultsje mei de finzenen, dy't eardere bewenners fan it doarp binne. Wylst de finzenen mei de rêch nei in sawa ta sitte, smyt ien fan 'e soldaten op ferskate plakken lânminen yn it wetter, wêrnei't de finzenen twongen wurde om troch it wetter fan 'e iene kant fan 'e sawa nei de oare te draven yn 'e hope dat ien of mear fan harren opblaasd wurde sille as se op in myn traapje. De hierlingen sjogge helpeleas ta en oerlizze flústerjend oer de fraach oft se wol alle soldaten deadzje kinne as se yngripe soene, en sa ja, hoe lang't it duorje sil foar't de soldaten mist wurde en oft de rêdingsmisje dêrtroch yn 'e knipe komme sil. Underwilens ferskynt ynienen Rambo op it toaniel, dy't de hierlingen en harren gids temûk folge is, en sjit mei pylk-en-bôge alle soldaten dea foar't dyselden begripe wat der bart.

Lewis wol de rêdingsmisje ôfblaze, mei't er net ynsjocht hoe't se dy no noch ta in goede ein bringe kinne, mar troch in konfrontaasje mei Rambo, dy't him tabyt dat er "nearne foar libje of earne foar stjerre" kin, betinkt er him. Sânresom geane se yn 'e frachtwein fierder nei de Birmeeske legerbasis, dêr't se nei it fallen fan it tsjuster oankomme. De Britske slûpskutter mei de bynamme School Boy skeakelet in skyldwacht yn in wachttoer út en nimt syn plak yn. De oaren ynfiltrearje de basis troch efteryn de frachtwein plak te nimmen, dy't troch Myint ferklaaid yn in Birmeesk legerûnifoarm nei by de kontrôlepost lâns riden wurdt. Under dekking fan it tsjuster befrije se temûk Burnett en de iennichste oare oerbleaune manlike sindeling, mei dêropta in trijetal Karenske famkes. Sarah is lykwols dreech te finen en as Rambo har úteinlik opspoart, is it al foarby de tiid dy't ôfsprutsen wie om fuort. Lewis wegeret te wachtsjen en set mei Myint, de hierlingen En-Joo, Diaz en Reese en de befrijde finzenen ôf. As Rambo Sarah befrijd hat, wurde se by de yngong fan it kamp oanholden troch twa soldaten, dy't lykwols deasketten wurde troch School Boy, dy't op harren wachte hat. Mei't se gjin gids hawwe, kinne se trijeresom allinne mar itselde paad weromgean dat se kommen binne.

De oare moarns, as it ljocht wurdt, flechtsje de beide groepen noch altyd troch it oerwâld. Lewis stapt op in âlde lânmyn en rekket swierferwûne oan 'e skonk. Burnett behannelet him mei de krappe middels dy't foar hannen binne. De oare hierlingen meitsje gau-gau in brankaar fan in pear beamstamkes en in tekken en drage him mei. Underwilens wurdt Rambo gewaar dat hy, School Boy en Sarah efterfolge wurde troch soldaten mei speurhûnen. Hy skuort in stik fan Sarah har blûze ôf en bynt dat om syn skoech hinne. Wylst School Boy en Sarah tegearre fierder geane, lokket Rambo de speurhûnen en dêrmei de soldaten efter him oan en liedt harren nei de Tallboy-bom ta, dêr't er in Claymore-myn ferstoppet, omwuolle mei it stik blûze fan Sarah. As de speurhûnen dêre hohâlde en de soldaten it stik stof oppakke, giet de myn ôf, en dy lytse ûntploffing lit de Tallboy ôfgean, wat in folle, folle gruttere ûntploffing ta gefolch hat, dy't de hiele ôfdieling soldaten yn ien kear útrûget.

School Boy en Sarah witte úteinlik it plak te berikken dêr't Rambo syn boat leit, mar fan in hichte ôf sjogge se hoe't Lewis en Burnett-en-dy, dy't dêr earder arrivearre binne, yn in mûklaach fan majoar Pa Tee Tint rûn en finzen nommen binne. It is dúdlik út 'e meneuvels dat Tint risselwearret om 'e hierlingen stânrjochtlik te eksekutearjen, mar de Birmezen binne mei safolle, dat as School Boy wat docht, dat inkeld meitsje sil dat hy en Sarah ek dea reitsje. Ut it neat komt lykwols Rambo wer oansetten, dy't de soldaten yn in pânserfiertúch op 'e hichte ombringt en dêrnei mei it swiere M2 Browing-masinegewear fan 'e pânserwein de soldaten by de riviersigge ûnder fjoer nimt. School Boy begjint dan ek te sjitten en de finzen hierlingen brekke frij en witte wapen te bemachtigjen om harsels mei te ferdigenjen.

As de munysje fan 'e Browning oprekket en Rambo sa ûnder fjoer nommen wurdt dat er yn it skouder rekke wurdt en gjin nije patroanrym yn it masinegewear ynbringe kin, liket alles dochs noch ferlern. Mar op dat stuit arrivearret in ôfdieling Karenske rebellen dy't de Birmezen oanfalle. Dêrtroch slagget it Rambo om syn masinegewear wer sjitklear te krijen, en dat is mar goed ek, want in Birmeeske patrûljeboat arrivearret op 'e rivier, dy't mei in swier masinegewear op 'e rebellen ynsjit. Rambo iepenet it fjoer op 'e patrûljeboat en syn bemanning, dy't folslein trochsingele wurde. In Birmeeske luitenant sjit ien fan 'e sindelingen del en sil dêrnei Lewis deasjitte, mar Burnett slacht him dea mei in stien. As dúdlik is dat syn troepen belies jaan moatte, besiket majoar Pa Tee Tint út te piken. Rambo sjocht him lykwols gean en wachtet him op, wêrnei't er him de búk iepenryt mei in masjete. Middenmank alle dea en ferdjer fine Burnett en Sarah inoar op it slachfjild en falle inoar yn 'e earmen. As se de ferwûne Rambo op 'e hichte stean sjogge, stekke se de hân nei him op.

In ûnbeskate tiid letter rint Rambo oer in ferlitten wei yn it Súdwesten fan 'e Feriene Steaten, dêr't er by in reed it lân yn lâns komt. Op in ferware brievebus stiet de namme 'Rambo'.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Sylvester Stallone.
 
Julie Benz.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
John Rambo Sylvester Stallone
Sarah Miller Julie Benz


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Michael Burnett Paul Schulze
Lewis Graham McTavish
School Boy Matthew Marsden
majoar Pa Tee Tint Maung Maung Khin
En-Joo Tim Kang
Myint Supakorn Kitsuwon
Diaz Rey Gallegos
Reese Jake La Botz
predikant Arthur Marsh Ken Howard
luitenant Aye Aung Aay Noi
Tha Sornram Patchimtasanakarn

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Rambo is it fjirde diel fan 'e Rambo-filmsearje, dat tweintich jier nei it foargeande diel folge, Rambo III út 1988. Yn 'e twa desennia tusken 1988 en 2008 wie Carolco Pictures, de oarspronklike filmstudio efter de Rambo-rige, fallyt gien. De rjochten op 'e mediafranchise kamen yn 1997 yn 'e hannen fan Miramax Films, dat yn 1998 fia syn dochterûndernimming Dimension Films in nije film yn 'e rige meitsje sillen hie, mar dat rûn op 'e non troch it dwerslizzen fan haadrolspiler Sylvester Stallone, dy't doe besletten hie dat er gjin aksjefilms mear meitsje woe. Yn 2005 ferkocht Miramax de rjochten op Rambo oan Milennium Films en Nu Image.

Koarte tiid letter, doe't Stallone weromkommen wie op syn eardere beslút oangeande aksjefilms, krige de produksje fan in fjirde Rambo-film it griene ljocht. De film waard regissearre troch Stallone nei in senario fan himsels en Art Monterastelli. It hie oarspronklik de bedoeling west dat in oare regisseur de film meitsje soe, mar nei't dy omreden fan in kreätyf skeel de produksje ferliet, besleat Stallone mei tsjinnichheid sels op 'e regisseursstoel plak te nimmen. Syn tsjinnichheid kaam fan it feit dat er gjin fisy foar de film ûntwikkele hie, mar doe't er it idee krige om 'e film deselde persoanlikheid as John Rambo sels te jaan, waard er entûsjast. Fan gefolgen 'traktearre' er de cast eltse moarn op nije werskriuwings fan it senario.

In ier idee foar it skript wie om Rambo nei Meksiko reizgje te litten om in ûntfierd famke te rêden. Stallone fûn dat wol in goed idee, mar socht in oar ûnderwerp foar dizze film, om't er in brêge hawwe moast fan Rambo as ferlerne siel dy't om utens omdoarmet nei Rambo dy't weromkeart nei hûs. (It idee foar de reis nei Meksiko waard letter útwurke en ferfilme as Rambo: Last Blood út 2019.) In besyk oan it Haadkertier fan 'e Feriene Naasjes yn New York brocht Stallone op it idee om 'e film yn Birma spylje te litten. In besyk oan in flechtlingekamp yn Tailân, dat bewenne waard troch Karen út Birma, helle de produsinten oer om dêryn mei te gean.

As produsinten wiene Avi Lerner, Kevin King Templeton en John Thompson by it projekt belutsen foar Milennium, Nu Image en Equity Pictures Medienfonds GmbH. De film wie dêrmei in Amerikaansk-Dútske ko-produksje. Foar Rambo wie in budget beskikber fan $50 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Glen MacPherson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Brian Tyler.

Dat Sylvester Stallone weromkeare soe yn 'e rol fan John Rambo stie yn 't foar fêst, want sûnder Stallone gjin Rambo. De rol fan 'e wichtichste antagonist waard yn Rambo spile troch Maung Maung Khin, in eardere Karenske frijheidsstrider. Dyselde wist dat der in kâns bestie dat guon fan syn famyljeleden yn Birma by wize fan represaille oppakt en finzenset wurde soene. Hy fûn it lykwols sa wichtich om omtinken te jaan oan 'e Saffraanrevolúsje en de Birmeeske Boargeroarloch, dat er de rol dochs oannaam.

De opnamen foar Rambo setten op 22 jannewaris 2007 útein en duorren oant en mei 4 maaie fan dat jier. Mei't de film fansels net yn Birma opnommen wurde koe, waard der benammen filme op lokaasje yn Chiang Mai, yn Tailân. Guon sênes waarden opnommen yn Meksiko en yn 'e Amerikaanske steaten Kalifornje en Arizona. Neffens Stallone wie it dreech om in memorabele film te meitsjen mei it (nei de mjitstêven fan 'e moderne filmyndustry fan Hollywood) relatyf lytse budget. Dêrom waard besletten om 'e film grafysk sa gewelddiedich mooglik te meitsjen, mei bloed en lichemsdielen dy't alle kant út fleagen. Yn in fraachpetear sei Stallone dêroer: "We sieten allegearre byinoar te prakkesearjen oer it lytse produksjebudget. Doe soe ik: 'Hee, nepbloed is goedkeap. Litte we der in bloedbad fan meitsje.' "

By opnamen deunby de Birmeeske grins fjurre it Birmeeske Leger op in stuit warskôgingsskotten ôf boppe de hollen fan 'e akteurs. Dat makke de militêre diktatuer yn dat lân der by Stallone net populêrder op, mar folle ferskil makke it ek net, nei't er, sa fertelde er yn in fraachpetear, yn 'e flechtlingekampen "oerlibbenen [sjoen hie] mei ôfhoude skonken en alderhanne ferwûnings fan lânminen, fan maaitsen optillende wûnen en ôfsniene earen."

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Rambo waard fersoarge troch Lionsgate Films en The Weinstein Company. De film gie op 25 jannewaris 2008 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 22 jannewaris by platemaatskippij Lions Gate Entertainment. Rambo waard op 27 maaie 2008 útbrocht op dvd en blu-ray. Yn 2008 waard der in extended cut fan Rambo makke, dy't syn debút hie op it Filmfestival fan Zürich, en yn 2009 op dvd en yn 2010 op blu-ray útbrocht waard.

Under filmkritisy

bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Rambo mingde resinsjes. Der wie oer it algemien lof foar de aksjesênes, mar krityk op it oerdiedige geweld yn 'e film. Yn The New York Times skreau A.O. Scott: "Stallone is slim genôch – of miskien dom genôch, hoewol't ik fermoedzje fan net – om 'e mytyske proporsjes fan it personaazje sûnder ûntskuldiging of irony te presintearjen. Syn antlit sjocht derút as in misfoarme brok granyt en syn aktearjen is mar kwealk ekspressiver, mar de man kriget de put derút. Wolkom werom." Yn 'e Fort Worth Business Press skreau Michael H. Price dat Stallone oan 'e rol fan John Rambo "in reälistyske akseptaasje fan it ferâlderingsproses meijoech", wat foar him assosjaasjes oprôp mei de rollen fan Humphrey Bogart yn The African Queen (1951) en Clint Eastwood yn Unforgiven (1992).

David Morrell, de skriuwer fan 'e roman First Blood, út 1972, dêr't de earste Rambo-film op basearre wie, sei oer de nije film Rambo: "Ik bin bliid om sizze te kinnen dat ik der oer it algemien tefreden bin. It nivo fan geweld is miskien net foar eltsenien, mar it hat in earnstige bedoeling. Dit is de earste kear dat de toan fan myn roman First Blood brûkt is yn in film. It komt sekuer oerien mei hoe't ik my it personaazje foarsteld hie – lulk, burned-out en folle mei selswalging om't Rambo hatet wat er is en dochs wit dat it it iennichste is dat er goed kin. […] Ik fyn dat eleminten [fan 'e film] better kinnen hiene, [mar] ik fyn dat dizze film maklik trije stjerren [fan fjouwer] fertsjinnet."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rambo in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 38%, basearre op 154 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Sylvester Stallone wit hoe't er aksjesênes staljaan moat, mar it ûngelikense tempo fan 'e film en it eksessive geweld (sels foar de franchise) is mear mislik meitsjend as ûnderhâldend." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Rambo in goedkarringspersintaazje fan 46%, basearre op 26 resinsjes.

Om foar de hân lizzende redens waard Rambo ferbean troch de miltêre gûnta yn Birma. Nettsjinsteande dat skine der ûnder de Birmeeske befolking withoefolle yllegale kopyen fan 'e film yn omrin te wêzen. It Karenske Nasjonale Befrijingsleger (KNLA) dat yn 'e film in helderol ferfollet, hat sein dat de film in tige geunstich effekt hie op it moraal fan 'e frijheidsstriders. Guon rebellen skine sels dielen fan 'e dialooch út 'e film oernommen te hawwen, yn 't bysûnder Rambo syn wurden "Libje nearne foar of stjer earne foar". Stallone sei dêroer: "Dat is foar my ien fan 'e mominten út myn karriêre yn 'e filmyndustry dêr't ik it meast grutsk op bin."

Rambo brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $42,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $70,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $113,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 miljoen betsjut dat in winst fan $63,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.