Mediafranchise
In mediafranchise of multymediafranchise is in groep byinoar hearrende wurken yn ferskillende media. Ornaris giet it dan om media lykas films, tillefyzjesearjes, kompjûterspultsjes, boeken en muzykalbums. In mediafranchise begjint altyd mei ien orizjineel wurk, dêr't dan omreden fan kommersjeel súkses oare wurken fan ôflaat wurde. Soms produsearje de oarspronklike rjochthawwenden alle oangeande media, mar it kin ek wêze dat der in lisinsje ferkocht wurdt oan in oare produsint om in ôflaat wurk yn in oar medium te produsearjen (bgl. as in filmstudio in oerienkomst slút mei in kompjûterspultsjesprodusint om op basis fan ien fan harren films sa'n spultsje te meitsjen). Ek merchandising op tal fan manearen (bgl. troch T-shirts te meitsjen mei it logo fan it oarspronklike wurk) heart ta in mediafranchise.
Ien fan 'e súksesfolste mediafranchises aller tiden is Star Wars, dat yn 1977 begûn mei de oarspronklike film Star Wars. Op basis fan dy film wiene anno 2019 acht ferfolchfilms makke plus twa films dy't yn itselde universum spilen, en fierders trije tillefyzjefilms, in lange tekenfilm, seis tekenfilmsearjes, ferskate soundtrackalbums, in radiosearje, mear as hûndert romans en stripalbums, trije companionboeken, in stikmannich kompjûterspultsjes en in breed skala oan boartersguod. Ek bestiene der yn 2019 fjouwer ferdivedaasjeparken mei in Star Wars-tema. Oare tige bekende foarbylden fan mediafranchises binne: it Marvel Cinematic Universe (mei û.m. Iron Man, Captain America, Guardians of the Galaxy en Thor), J.K. Rowling's Wizarding World (mei û.o. Harry Potter), Shrek, Star Trek, Middle Earth (mei û.m. The Lord of the Rings), Despicable Me, Indiana Jones, Toy Story, The Incredibles, Finding Nemo, Ice Age, Madagascar, Terminator, The Matrix, Alien en Kung Fu Panda.
Behalven fiksje kin in mediafranchise ek bestean út non-fiksje. In tige bekende non-fiksje-mediafranchise is Playboy Enterprises, dat oarspronklik úteinset is mei it neakenblêd Playboy, mar dat tsjintwurdich ek oare publikaasjes omfiemet op it mêd fan non-fiksje en fiksje (wêrûnder strips). Dêropta hat Playboy Enterprises in eigen tillefyzjestjoerder (Playboy TV), in eigen modelleburo, en fierders nachtklubs, restaurants, bioskopen en in radiostjoerder. It bedriuw bringt ek eigen films en muzykalbums út en produsearret fuotark, klean, juwiellen, húsrie (lykas lampen, klokken, bêdrêding en glêswurk), assessoires foar húsdieren, pakjes spylkaarten, flipperkasten, biljertballen, ensfh.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |