Nerva
Nerva, folút yn it Latyn Marcus Cocceius Nerva, (8 novimber 30 – 27 jannewaris 98) wie keizer fan it Romeinske Ryk fan 96 oant 98.
Komôf
bewurkje seksjeNerva wie net fan Romeinske komôf, mar stamme út in foarnaam Italysk laach dat troch houlik ek bannen hie mei de Julysk-Klaudyske Dynasty. Syn famylje kaam fan de Etruskyske stêd Narnia, dêr't er op 8 novimber 30 berne waard. Syn pakesizzer en heit wienen ferneamde juristen. Hy sels wie twa kear konsul, yn 71 en 90 en lid fan de Romeinske Senaat.
Keizer fan it Romeinske ryk
bewurkje seksjeDoe't op 18 septimber 96 de wrede keizer Domitianus fermoarde waard, mooglik troch tadwaan fan Nerva, besleat de Romeinske senaat om it keizerskip fuort te jaan oan de 66-jierrige en bernleaze Nerva, om sadwaande it keizerryk te frijwarjen foar noch in despoatyske keizer.
Nerva koe it yn syn bewâld goed fine mei de senaat, mar hie muoite mei it leger dêr't foaral fertrouwensmannen fan Domitianus it foar it sizzen hienen. Hy krige los fan elkoar twa oanfarringen mei it leger te ferwurkjen. Earst hied er te krijen mei in opstân fan troepen oan de Donau en twads waard troch syn eigen pretorjaanske garde yn it keizerlik paleis, tsjin syn sin yn, twa persoanen efterfolge en arrestearre op fertinking fan de moard op Domitianus. Hy kaam it leger temjitte troch Trajanus, de gûverneur fan Boppe-Germaanje, te adoptearjen sadat dy him opfolgje koe.
Mei de beneaming fan Trajanus as syn opfolger bruts it tiidrek fan de saneamde adoptyfkeizers oan: Nerva, Trajanus, Hadrianus, Antoninus Pius en Markus Aurelius. Dat systeem soe yn it grutste part fan de 2e iuw goed funksjonearje (oant Kommodus yn 177 syn natuerlike heit Markus Aurelius as keizer opfolge). Nerva stoar op 25 jannewaris 98 in natuerlike dea.