Miguel Ferrer
Miguel Ferrer (folút: Miguel José Ferrer; Santa Monica (Kalifornje), 7 febrewaris 1955 – Los Angeles, 19 jannewaris 2017) wie in Amerikaansk akteur fan mingd blank en Latino-komôf. Hy stie benammen bekend om syn spyljen fan smjunterollen, lykas Bob Morton, de ûntwerper fan it titelpersonaazje yn 'e film RoboCop, dêr't er yn 1987 mei trochbriek. Oare bekende rollen hie Ferrer yn 'e films Mulan en Rio 2, en yn 'e tillefyzjesearjes Twin Peaks, Crossing Jordan en NCIS: Los Angeles.
Miguel Ferrer | ||
akteur | ||
Miguel Ferrer yn 2015. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Miguel José Ferrer | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 7 febrewaris 1955 | |
berteplak | Santa Monica (Kalifornje) | |
stoarn | 19 jannewaris 2017 | |
stjerplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Dútsk Iersk Ingelsk Portorikaansk | |
jierren aktyf | 1981 – 2017 | |
prizen | SAG Award 2000 | |
offisjele webside | ||
Miguel Ferrer op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeFerrer waard yn 1955 berne yn Santa Monica, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de soan fan akteur en Oscarwinner José Ferrer, dy't fan Portorikaansk komôf wie, en dy syn frou, de sjongster Rosemary Clooney, dy't Dútske, Ierske en Ingelske foarâlden hie. Hy wie de âldste fan fiif bern, mei twa jongere susters, Maria en Monsita, en twa jongere bruorren, Gabriel (dy't letter trouwe soe mei sjongster Debby Boone) en Rafael, dy't krekt as hysels akteur waard. Ferrer wie in folle neef fan akteur George Clooney en in omkesizzer fan 'e sjoernalist Nick Clooney. Hy groeide op yn Hollywood, dêr't er yn syn tinerjierren as drummer yn it bandsje Seduction of the Innocent spile, mei Bill Mumy, Steve Leialoha en Max Allan Collins.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeFerrer begûn yn 'e iere 1980-er jierren oan in wurkpaad as akteur doe't syn maat Bill Mumy him as drummer caste yn 'e tillefyzjesearje Sunshine. Yn 1981 spile er de jongere foarm fan it personaazje fan syn heit yn 'e detektivesearje Magnum, P.I. en yn 1983 krige er in lyts roltsje taparte as in ober yn 'e film The Man Who Wasn't There. Ek hied er in lyts roltsje yn 'e science fiction-film Star Trek III: The Search for Spock (1984), as de roerman fan 'e U.S.S. Excelsior. Oare lytse roltsjes út syn begjintiid as akteur hie Ferrer yn 'e plysjesearjes Cagney & Lacey en Hill Street Blues.
De trochbraak kaam foar Ferrer yn 1987, doe't er yn 'e satiryske aksjefilm RoboCop de kokaïnesnuvende sakeman Bob Morton spile, it kweade genius efter de ûntwikkeling fan it ta cyborg makke titelpersonaazje. Neitiid wied er faker te sjen yn smjunterollen: as in sinistere motorrider yn Valentino Returns (1988), in oeriverige yngenieur yn DeepStar Six (1989), en in fernimstige figilante yn Revenge (1990). Fierders spile er ek yn 'e filmkomeedzje Hot Shots! Part Deux (1993), mei Charlie Sheen, en yn 'e minysearje The Stand (1994), nei in boek fan Stephen King. Yn 'e horrorfilm The Night Flier (1997), oer in al te nijsgjirrige sjoernalist dy't in fampier efter de hakken sit, hie Ferrer de haadrol.
Begjin 1990-er jierren wie Ferrer te sjen yn trije populêre tillefyzjesearjes tagelyk: as ofsier fan Justysje Todd Spurrier yn Shannon's Deal (1989-1991), as de Keedjun-plysjeman Beau Jack Bowman yn Broken Badges (1990-1991) en as de synyske gerjochtlik ûndersiker foar de FBI Albert Rosenfield yn 'e cultsearje Twin Peaks. Dy lêste rol spile fertolke Ferrer ek yn 'e film Twin Peaks: Fire Walk with Me (1992).
Yn 'e pilotôflevering foar de mislearre searje Justice League of America, út 1997, spile Ferrer in supersmjunt dy't himsels 'de Waarman' (the Weatherman) neamde. Letter datselde jiers liende er syn stim oan in ferlykber personaazje, de 'Waartsjoender' (Weather Wizard), yn 'e ôflevering Speed Demons fan 'e tekenfilmsearje Superman: The Animated Series. Yn 1999 spriek er de dialooch yn foar de superheld Aquaman yn 'e ôflevering A Fish Story fan deselde searje. Letter dat jiers waard er nominearre foar in Grammy Award foar it foarlêzen fan it bêste audioboek foar bern, ntl. The Lion King II, fan 'e Disney Studios. Syn bekendste wurk as stimakteur hie Ferrer lykwols yn 'e Disney-film Mulan, út 1997, wêryn't er de rol fan 'e Hunske lieder Shan Yu fertolke.
Yn 'e tillefyzjesearje Crossing Jordan, dy't rûn fan 2001 oant 2007, spile Ferrer de rol fan dokter Garret Macy, in patolooch-anatoom. Yn 2003 makke er syn debút as toanielakteur yn New York yn 'e off-Broadwayproduksje fan it toanielstik The Exonerated. It jiers dêrop wied er as stimakteur belutsen by de produksje fan it fideospultsje Halo 2. Fierders died er voice-overwurk foar de tekenfilmsearjes Robot Chicken yn 2006 en American Dad! yn 2007.
Yn 2011 spile Ferrer yn it plysjedrama The Protector de rol fan 'e Los Anzjelynske plysjeresjersjeur Felix Valdez. Fierders hied er datselde jiers in weromkearende rol yn it lêste seizoen fan 'e soapsearje Desperate Housewives. Yn 2012 hied er in weromkearende rol as adjunkt direkteur Owen Granger fan 'e NCIS (de eigen resjerzje fan 'e Amerikaanske Marine) yn 'e plysjesearje NCIS: Los Angeles. Dy rol waard yn 2013 omset ta in fêstenien, sadat Ferrer in fêst lid fan 'e cast waard. Dat soed er bliuwe oant syn ferstjerren. Ek wurke er mei oan 'e superheldefilm Iron Man 3, út 2013, en wied er noch te sjen yn 'e revival fan 'e searje Twin Peaks yn 2017.
Ferstjerren
bewurkje seksjeMiguel Ferrer kaam op 19 jannewaris 2017 yn syn wente yn Los Angeles te ferstjerren oan kielkanker. Hy waard 61 jier.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1981 | Magnum, P.I. | faandrich Bobby Wickes | gastrol; ôfl. Lest We Forget |
1982 | Trapper John, M.D. | Darby Thud | gastrol; ôfl. A Piece of the Action |
1983 | CHiPs | Bean | gastrol; ôfl. Firepower |
1983 | Trapper John, M.D. | dokter Austin | gastrol; ôfl. Hear Today, Gone Tomorrow |
1984 | Cagney & Lacey | Nunzio | gastrol; ôfl. Choices |
1984 | Hill Street Blues | Carlos | gastrol; ôfl. Ewe and Me, Babe |
1985 | T.J. Hooker | Sonny Unger | gastrol; ôfl. Love Story |
1985 | Trapper John, M.D. | traumateamdokter | gastrol; ôfl. All the King's Horses… |
1987 | Houston Knights | Virgilio | gastrol; ôfl. Scarecrow |
1987 | CBS Summer Playhouse | Mic | gastrol; ôfl. Kung Fu: The Next Generation |
1987 | Hotel | Brian | gastrol; ôfl. All the King's Horses |
1987 | Ohara | Kramer | gastrol; ôfl. Artful Dodgers |
1987 | Downpayment on Murder | Martin | tillefyzjefilm |
1988 | Hooperman | Scott Kapus | gastrol; ôfl. Chariots of Fire |
1988 | C.A.T. Squad: Python Wolf | Paul Kiley | tillefyzjefilm |
1988 | Badlands 2005 | Rex | pilotôflevering |
1987 & 1989 | Miami Vice | ofsier fan justysje Ramon Pedroza | weromkearende rol; 2 ôfl. |
1989 | Guts and Glory: The Rise and Fall of Oliver North | Scott Toney | tillefyzjefilm |
1989 | Shannon's Deal | Todd Spurrier | tillefyzjefilm |
1990 | Drug Wars: The Camarena Story | Tony Riva | weromkearende rol; 3 ôfl. |
1990 | Tales from the Crypt | Mitch Bruckner | gastrol; ôfl. The Thing from the Grave |
1990–1991 | Twin Peaks | FBI-agint Albert Rosenfield | weromkearende rol; 8 ôfl. |
1990–1991 | Shannon's Deal | ofsier fan justysje Todd Spurrier | weromkearende rol; 9 ôfl. |
1990–1991 | Broken Badges | Beau Jack Bowman | weromkearende rol; 7 ôfl. |
1991 | Murder in High Places | Wilhoite | tillefyzjefilm |
1992 | On the Air | Bud Budwaller | fêste rol; 7 ôfl. |
1992 | In the Shadow of a Killer | ofsier fan justysje Steven Walzer | tillefyzjefilm |
1992 | Cruel Doubt | Lewis Young | weromkearende rol; 2 ôfl. |
1993 | Scam | Barry Landers | tillefyzjefilm |
1993 | Tales from the Crypt | hiermoardner | gastrol; ôfl. As Ye Sow |
1994 | Biography | n.f.t. | as ferteller; ôfl. Bruce Lee: The Immortal Dragon |
1994 | Royce | Gribbon | tillefyzjefilm |
1994 | The Stand | Lloyd Henreid | minysearje |
1994 | Incident at Deception Ridge | Ray Hayes | tillefyzjefilm |
1994 | ER | Parker | gastrol; ôfl. 24 Hours |
1994 | Tales from the Crypt | Gary | gastrol; ôfl. In the Groove |
1994 | Jack Reed: A Search for Justice | Win Carter | tillefyzjefilm |
1994 | A Promise Kept: The Oksana Baiul Story | Stanislav | tillefyzjefilm |
1995 | The Return of Hunter: Everyone Walks in L.A. | Jack Valko | tillefyzjefilm |
1995 | In the Line of Duty: Hunt for Justice | Thomas Manning | tillefyzjefilm |
1995 | Fallen Angels | Abbazzia | weromkearende rol; 6 ôfl.; ek ferteller fan 'e prolooch |
1996 | Project ALF | Dexter Moyers | tillefyzjefilm |
1997 | Justice League of America | Dr. Eno / Weather Man | pilotôflevering |
1997 | Superman: The Animated Series | Weather Wizard | as stimakteur; gastrol; ôfl. Speed Demons |
1997 | The Shining | Mark James Torrance | as stimakteur; gastrol; ôfl. s1.e2 |
1997 | Superman: The Animated Series | De'Cine | as stimakteur; gastrol; ôfl. Warrior Queen |
1998 | Brave New World | direkteur fan Utbrieding en Conditioning | tillefyzjefilm |
1998 | Men in Black: The Series | dr. Lupo | as stimakteur; gastrol; ôfl. The Take No Prisoners Syndrome |
1998 | Hercules | Antéus | as stimakteur; gastrol; ôfl. Hercules and the Hostage Crisis |
1998–1999 | LateLine | Vic Karp | fêste rol; 17 ôfl. |
1999 | Superman: The Animated Series | Aquaman | as stimakteur; gastrol; ôfl. A Fish Story |
1999 | Will & Grace | Nathan Berry | gastrol; ôfl. Saving Grace |
2000 | 3rd Rock from the Sun | Jack | gastrol; ôfl. Youth Is Wasted on the Dick |
2001 | Matisse & Picasso: A Gentle Rivalry | Pablo Picasso | as stimakteur; tillefyzjespecial |
2001–2007 | Crossing Jordan | dokter Garret Macy | fêste rol; 117 ôfl. |
2002 | Shadow Realm | dokter Daniel Critchley | tillefyzjefilm |
2002 | Night Visions | dokter Dan Critchley | gastrol; ôfl. Patterns |
2002 | Sightings: Heartland Ghost | Allen | tillefyzjefilm |
2003 | L.A. County 187 | brigadier Walter Drazin | tillefyzjefilm |
2003–2004 | Jackie Chan Adventures | Tarakudo / Shadowkhan King | as stimakteur; weromkearende rol; 8 ôfl. |
2006 | Robot Chicken | Danny Ocean / Basher Tarr | as stimakteur; gastrol; ôfl. 1987 |
2007 | American Dad! | CIA-agint Hopkins | as stimakteur; gastrol; ôfl. American Dream Factory |
2007 | El Tigre: The Adventures of Manny Rivera | El Tigre | as stimakteur; gastrol; ôfl. The Grave Escape |
2007 | Bionic Woman | Jonas Bledsoe | weromkearende rol; 9 ôfl. |
2007 | The Batman | Sinestro | as stimakteur; gastrol; ôfl. Ring Toss |
2008 | Medium | Joey / Teddy Carmichael | gastrol; ôfl. Being Joey Carmichael |
2008 | Law & Order: Criminal Intent | Gus Kovak | gastrol; ôfl. Ten Count |
2009 | The Spectacular Spider-Man | Silvio Manfredi / Silvermane | as stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl. |
2009 | CSI: Crime Scene Investigation | abbekaat Whitten | gastrol; ôfl. Miscarriage of Justice |
2009 | Kings | generaal Mallick | gastrol; ôfl. Prosperity |
2009 | Lie to Me | FBI-agint Bill Steele | gastrol; ôfl. Tractor Man |
2010 | Psych | Fred Collins Boyd | gastrol; ôfl. Think Tank |
2010 | Edgar Floats | Bob | pilotôflevering |
2011 | Ben 10: Ultimate Alien | magister Hulka | as stimakteur; gastrol; ôfl. Basic Training |
2011 | ThunderCats | duëlist | as stimakteur; gastrol; ôfl. The Duelist and the Drifter |
2011 | The Protector | ynspekteur Felix Valdez | fêste rol; 13 ôfl. |
2011 | Desperate Housewives | André Zeller | weromkearende rol; 5 ôfl. |
2012 | Applebaum | resjersjeur Pepper Ferrer | pilotôflevering |
2010–2011 | Young Justice | L-1 | as stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl. |
2011–2013 | Young Justice | Vandal Savage | as stimakteur; weromkearende rol; 9 ôfl. |
2011–2014 | Adventure Time | de Dea | as stimakteur; 4 ôfl. |
2012–2017 | NCIS: Los Angeles | adjunkt-direkteur Owen Granger fan 'e NCIS | fêste rol; 115 ôfl. |
2017 | Twin Peaks | FBI-agint Albert Rosenfield | 11 ôfl.; postúm útstjoerd nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur op 'e tillefyzje |
2017–2018 | Stretch Armstrong and the Flex Fighters | Stretch Monster | as stimakteur; fêste rol; 10 ôfl.; postúm útstjoerd |
films | |||
1982 | Truckin' Buddy McCoy | Pete | |
1982 | And They Are Off | ûnbekend | |
1983 | Heartbreaker | Angel | |
1983 | The Man Who Wasn't There | ober | |
1984 | Star Trek III: The Search for Spock | roerman fan 'e USS Excelsior | |
1984 | Flashpoint | Roget | |
1984 | Lovelines | Dragon | |
1987 | RoboCop | Bob Morton | |
1989 | Deepstar Six | Snyder | |
1989 | Valentino Returns | motorrider | |
1990 | Revenge | Amador | |
1990 | The Guardian | Ralph Hess | |
1992 | Twin Peaks: Fire Walk with Me | FBI-agint Albert Rosenfield | |
1992 | The Harvest | Charlie Pope | |
1993 | Cigarettes & Coffee | Bill | koarte film |
1993 | Point of No Return | direkteur Kaufman | |
1993 | Hot Shots! Part Deux | luitenant-kolonel Harbinger | |
1993 | Another Stakeout | Tony Castellano | |
1993 | It's All True: Based on an Unfinished Film by Orson Welles | n.f.t. | voice-over; dokumintêre |
1994 | Blank Check | Carl Quigley | |
1997 | The Disappearance of Garcia Lorca | Centeno | |
1997 | The Night Flier | Richard Dees | |
1997 | Mr. Magoo | Ortega Peru | |
1998 | Mulan | Shan Yu | as stimakteur |
1998 | Where's Marlowe? | Joe Boone | |
2000 | Traffic | Eduardo Ruiz | |
2002 | Sunshine State | Lester | |
2004 | The Manchurian Candidate | kolonel Garret | |
2004 | Silver City | Cliff Castleton | |
2005 | The Man | CIA-agint Peters | |
2008 | Justice League: The New Frontier | J'onn J'onzz / Martian Manhunter | as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht |
2009 | Wrong Turn at Tahoe | Vincent | |
2010 | Hard Ride to Hell | Jefe | |
2011 | This Is Not a Movie | ûnbekend | as stimakteur |
2011 | Beverly Hills Chihuahua 2 | Delgado | as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht |
2011 | Four Assassins | Eli | |
2012 | Noah | Kabos | as stimakteur |
2012 | The Courier | Capo | |
2012 | Beverly Hills Chihuahua 3: Viva la Fiesta! | Delgado | as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht |
2013 | Iron Man 3 | fise-presidint Rodriguez | |
2014 | Rio 2 | Grutte Baas | as stimakteur |
2017 | Teen Titans: The Judas Contract | Slade Wilson / Deathstroke | as stimakteur; postúm direkt-op-fideo útbrocht |
fideospultsjes | |||
1998 | Disney's Animated Storybook: Mulan | Shan Yu | |
2004 | Halo 2 | lieder fan 'e Ketters | |
2013 | Adventure Time: Explore the Dungeon Because I Don't Know! | de Dea | |
fideoclips | |||
1986 | Pizza Face | man | nûmer fan Barnes & Barnes |
1995 | I Will Remember | man | nûmer fan Toto |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Miguel Ferrer
- (in) Folsleine filmografy fan Miguel Ferrer yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|