Rabé Tonsort (útspr.: [ɹɑˈbeː ˈtɔnsɔɹt], likernôch: "ra-bee tòn-sôrt"); folút: Rabene Tonsort) is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja is in hofdame fan keninginne Padmé Amidala fan Naboo en waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). De rol fan Rabé waard spile troch Cristina da Silva.

Rabé Tonsort
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Rabene Tonsort
sekse froulik
soarte personaazje minske (Nabooaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt hofdame, musika
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Padmé Amidala
Sabé
Saché Adova
Eirtaé Ballory
Quarsh Panaka
Sio Bibble
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Fiktive biografy

Rabé Tonsort is berne yn 'e Westlike Provinsjes fan 'e planeet Naboo. Hja giet nei in prestizjeuze keunstakademy, dêr't se û.m. skilderjen, byldhouwen en aktearjen leart. Hoewol't se talint hat foar sokke dingen, is se de liedster fan in groepke studinten dat begjint mei it ferfalskjen fan keunstwurken om dy te ferkeapjen oan lju fan oare planeten dy't gjin weet hawwe fan Nabooaanske keunst. As Rabé úteinlik tsjin 'e lampe rint, wurdt har frege om sels har stúdzje ôf te brekken, om't de skoalle in skandaal foarkomme wol.

Net folle letter wurdt har troch kaptein Quarsh Panaka, de kommandant fan 'e paleiswacht, frege om hofdame te wurden fan 'e nije, koartby ferkeazen keninginne Padmé Amidala. Panaka is fan miening dat Rabé, mei har licht kriminele eftergrûn, de yn syn eagen naïve Padmé bedroch bybringe kin, eat dêr't in politika net sûnder kin. Nei in earste moeting mei de keninginne tinkt Rabé dat Panaka syn soeverein ûnderskat, mar nettsjinsteande dat nimt se de posysje fan hofdame oan en swart se trou oant yn 'e dea oan Padmé.

Yn 'e Nabookrisis, dy't letter dat jiers útbrekt, wykt Rabé net fan Padmé har side. Se is behelle yn it ferwikseljen fan Padmé foar in oare hofdame, Sabé, dy't har plak ynnimt om har te beskermjen. Mei Sabé, Padmé, Panaka en trije oare hofdames, Yané, Saché Adova en Eirtaé Ballory, wurdt Rabé finzen nommen as Naboo beset wurdt troch de troepen fan 'e Hannelsfederaasje. Nei't se befrijd binne troch de Jedi Qui-Gon Jinn en Obi-Wan Kenobi, reizget se mei Padmé-en-dy nei de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op Coruscant yn in fergees besykjen om stipe los te krijen fan 'e Galaktyske Senaat en kânselier Finis Valorum.

Nei't se sûnder wat bedijd te hawwen weromkeard binne nei Naboo, beselskippet Rabé de keninginne nei de amfibyske Gunganen, it ras fan bûtenierdske wêzens dat op Nabou lânseigen is. Se is tsjûge fan it militêr bûnsgenoatskip dat Padmé mei de Gungaanske lieder baas Nass slút. Letter bliuwt se by Padmé as dy mei har entoeraazje it keninklik paleis yn 'e Nabooaanske haadstêd Theed bestoarmet. Yn 'e gefjochten ferliest Rabé Padmé út it each, en as se harsels letter in paad nei de troanseal ta fjochtet, ûntdekt se dat Padmé en kaptein Panaka Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, al finzen nommen hawwe. Dêrmei komt in ein oan 'e blokkade en besetting fan Naboo.

Nei't Padmé har termyn as keninginne fan Naboo fjouwer jier letter úttsjinne hat, begjint Rabé in nije karriêre as musika oan in prestizjeus konservatoarium yn Theed.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.