De Jedi (útspr.: [ˈʤɛdaːi̭], likernôch: "dzjed-daai") binne in fiktive ridderoarder út 'e Star Wars-franchise, formeel de Jedi-ridders fan 'e Republyk of de Jedi Oarder neamd. In learling-Jedi hjit in padawan. Hja meitsje gebrûk fan de Krêft en fjochtsje mei ljochtsabels en wurde bestjoerd troch de Hege Jedi Ried. In Jedi dy't ta proai falt oan 'e ferliedings fan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft, wurdt in tsjustere Jedi neamd. Jedi binne, njonken de leden fan it Rebelleferbûn de wichtichste protagonisten út 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. De Star Wars-prequeltrilogy draait suver hielendal om harren, wylst de Star Wars-ferfolchtrilogy oer harren en it Ferset giet. Dizze fiktive organisaasje is troch de Star Wars-films sa ferneamd wurden, dat der in echte religieuze beweging út fuortkommen is, it jediïsme. De Jedi waarden yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film.

It embleem fan 'e Jedi Oarder.
Dizze side giet oer de fiktive ridderoarder út Star Wars. Foar oare betsjuttings, sjoch: Jedi (betsjuttingsside).

De oantsjutting Jedi soe troch Star Wars-betinker George Lucas ûntliend wêze oan it Japanske wurd 時代劇, jidaigeki, dat ferwiist nei in kostúmdrama oer samoerai. Mooglik is it ek beynfloede troch de fiktive wurden jed ("lieder") en jeddak ("kening") út 'e Barsoom-romansearje fan Edgar Rice Burroughs, dêr't Lucas in fan fan wie en wêrfan't er op in stuit in ferfilming yn omtinken naam. Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016) wurdt suggerearre dat de term yn it Star Wars-universum ûntliend is oan 'e planeet Jedha, dy't de boarne is foar de enerzjykristallen dêr't ljochtsabels gebrûk fan meitsje.

Foarstelling

bewurkje seksje

De Jedi Oarder wurdt foarsteld as in monastyske en akademyske organisaasje mei in sterke kriichsdissipline, wêrfan't de leden yn 'e rangen opklimme op basis fan fertsjinste. De oarsprong fan 'e Oarder leit tûzenen jierren yn it ferline. De prioriteit fan 'e Jedi is it bewarjen fan 'e frede en it hanthavenjen fan wet en oarder yn it algemien. De Jedi leauwe dat eangst en leafde de woartel fan alle kwea binne. Eangst liedt ta lulkens, lulkens ta hate en hate ta lijen. Leafde liket neffens harren inkeld in positive emoasje, mei't it samar omslaan kin yn hate, en minsken dogge soms ferskriklike dingen út leafde. Alle emoasjes wurde troch Jedi sadwaande op in distânsje holden.

Jedi-ridders kinne troch meditaasje, útputtende training, yntuysje en yntinse selsdissipline in boppenatuerlike enerzjy hantearje dy't de Krêft hjit. Dêrtroch beskikke se oer skynber boppeminsklike krêften, lykas telekineze (it bewegen fan fysike foarwerpen mei harren geast) en telepaty (it kommunisearjen mei harren tinzen), mar ek it hawwen fan foarkennis fan takomstige foarfallen en it manipulearjen fan fysike enerzjy. As se komme te ferstjerren, kinne guon, as se 'sterk yn 'e Krêft' binne, in 'geast yn 'e Krêft' wurde; se kinne harsels dan yn trochlittige foarm manifestearje en op dy wize ynteraksje hawwe mei de libbenen.

De Jedi folgje de ljochte kant fan 'e Krêft. Hja hawwe lykwols oerâlde aartsfijannen, de Sith, dy't de tsjustere kant fan 'e Krêft brûke. Dyselden jouwe har krekt oer oan harren emoasjes, fral oan negative gefoelens lykas agresje, hate, razernij, eangst en ferbittering. Dêrmei besykje se har egoïstyske doelen te berikken en geane se oer liken. Wylst it doel fan 'e Sith is om troch geweld en terreur de absolute hearskippij oer it Stjerrestelsel yn 'e hannen te krijen, besykje de Jedi om demokrasy, frede en rjochtfeardichheid te beskermjen en oan te fiterjen.

Geweld is foar Jedi altyd it lêste rêdmiddel. Nettsjinsteande dat hawwe se in yntinsive training ûndergien yn alle foarmen fan fjochtsjen. It wapen dat harren foarkar hat, is de elegante ljochtsabel, wêrmei't se net inkeld duëls útfjochtsje mei lju dy't krektsa bewapene binne, mar ek projektilen ôfwarje kinne dy't ôfsketten wurde mei ploffers. Teffens brûke se har ljochtsabel wol as ark, mei it limmet, dat út in laserstriel bestiet, troch alle materialen hinne snije kin.

Fiktive skiednis

bewurkje seksje

Yn 'e âlde Galaktyske Republyk hiene de Jedi in symbioatyske relaasje mei de oerheid om frede en gerjochtichheid te bewarjen. Se fungearren as gesanten en probleme-oplossers. Sa waarden se ynset om beskate slimme misdriuwen te ûndersykjen en op te lossen (lykas ynfloedrike gefallen fan moard en saken fan politike korrupsje), om as midslju te tsjinjen yn ûnderhannelings tusken machtige ynterstellêre groepen, om pommeranten te beskermjen as dy omreden fan politike omtinkens bedrige waarden, en om gefaarlike sochte kriminelen op te spoaren. Yn dat tiidrek wiene der yn it hiele Stjerrestelsel mear as 25.000 Jedi, dy't bestjoerd waarden troch de Hege Jedi Ried yn it haadkertier fan 'e Oarder op 'e planeet Coruscant.

Yn 'e Kloane-oarloggen, oan 'e ein fan 'e it tiidrek fan 'e Republyk, tsjinnen de Jedi ek as ofsieren en kommandanten fan it leger fan kloansoldaten fan 'e Republyk yn 'e striid tsjin 'e androïdestriidkrêften fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, dy't har fan 'e Republyk ôfskiede woene. Wat se net wisten, wie dat se yn 'e Kloane-oarloggen inkeld oan symptoombestriding diene. Dejinge dy't ferantwurdlik wie foar alle swierrichheden en dy't fan binnenút gebrûk makke fan 'e swakten fan 'e Republyk, wie senator en letter kânselier Palpatine, dy't yn wurklikheid de Sith-master Darth Sidious wie.

Doe't er de tiid ryp achte, liet dyselde Oarder 66 útgean, dy't de kloansoldaten opdracht joech om harren Jedi-oanfierders te deadzjen. Sa begûn de Grutte Suvering fan 'e Jedi, wêrby't yn inkele dagen tiid fierwei it grutste part fan 'e Jedi Oarder útrûge waard. Op Coruscant waard it haadkertier fan 'e Oarder oanfallen en ferneatige. Palpatine helle de Republyk ûnder fuotten en rjochte yn it stee dêrfan it Galaktysk Keizerryk op mei himsels as keizer. Under syn rezjym, dat wier skrikbewâld wie, waarden de restearjende Jedi bûten de wet pleatst en ûnmeilydsum ferfolge. Der wiene mar inkelingen, lykas Yoda, Obi-Wan Kenobi en Ahsoka Tano, dy't it slagge om langere tiid yn libben te bliuwen troch ûnder te dûken op ôfhandige planeten.

Sa't yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy te sjen is, waard de Jedi Oarder fyftich jier letter, nei de fêstiging fan 'e Nije Republyk, nij libben ynblaasd.

Ynfloed yn 'e echte wrâld

bewurkje seksje

It jediïsme is in echte filosofy en nije religieuze beweging dy't fierhinne basearre is op 'e ôfskildering fan 'e Jedi-ridders yn Star Wars. Dizze religy kaam foar it earst yn 2001 rûnom yn 'e media, doe't him by folkstellings yn ferskate lannen it Jedi-folkstellingsferskynsel foardie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.