Iisein
iisein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Clangula hyemalis | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De iisein (Clangula hyemalis) is in fûgel út it skaai fan de iiseinen.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iiseinen binne lytse see-einen. De jerk wurdt sa'n 55 sm. ynklusyf de lange sturtfearren, it wyfke mar 40 sm. grut. De fûgels wage tusken de 650 en 850 gram. It mantsje is it opfallendst swart fan ûnder en op de wjukken en meast wyt op it boarst, de kop en de rêch. Fierders hat er in opfallend donker plak op de sydkant fan de kop.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iiseinen komme foar yn it noarden fan de toendra oant de râne fan it pakiis en se binne dêr de einesoart dy't dêr it measte foarkomt. Yn súdliker gebieten meitsje se harren nêsten yn berchtmen. De wintermoannen lûke wat súdliker nei de seekusten. Foaral de Eastseekust is in belangryk oerwinteringsgebiet, dêr sitte dan wol inkele miljoenen iiseinen. Oan de Nederlânske kust en ek yn Fryslân binne meast mar in pear fûgels te sjen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iiseinen siket syn fretten it leafst op de seeboaiem oant wol 30 meter djipte. Hjir sykje se benammen nei moksels en kreeften en somtiden lytse fiskjes. De iisein kin wol oant 2 minuten ûnder wetter bliuwe. De jongen ite op de marren meast lytse kreeften en ynsektelarven.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tiid dat de fûgels harren nêst meitsje is eins de ienichste tiid dat se net op see binne. Se meitsje harren nêst it leafst op lytse einlantsjes, yn markes op de toendra. Begjin juny begjint it wyfke te brieden op 5 oant 10 aaien. Nei in dei as 23 komme de aaien út.
- Fûgelsoarte
- Einfûgel
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Yslân