Springe nei ynhâld

Zuidschermer

Ut Wikipedy
Zuidschermer
Polityk
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
Sifers
Ynwennertal 650 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 17,95 km², wêrfan:
- lân 17,33 km²
- wetter 0,62 km²
Oar
Koördinaten 52° 35 'NB, 4° 46 'EL
Kaart
Zuidschermer (Noard-Hollân)
Zuidschermer

Zuidschermer (Súdskermer) is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Alkmar.

It doarp hat 650 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Mei't yn 1635 de Skermar drûchfoel, waard besletten om twa doarpen yn 'e Skermerpolder te stiftsjen: Noard-Skermer en Súd-Skermer. Dy doarpen binne altiten lyts bleaun. Yn Noard-Skermer waard yn 1662-1664 û.l.f. Pieter Post in herfoarme tsjerke boud. Fanwegen de stompe toer fan dy tsjerke krige dat doarp letter de namme Stompetoren.

Yn Súd-Skermer bouden Pieter en Claes Dirkssoan in houten tsjerke neffens it foarbyld fan 'e stolptsjerke fan Volendam. It houten gebou waard swart tarre, mar yn 'e 19e iuw is it hout ferfongen troch de bou fan bakstiennen bûtenmuorren. Allinne it tuorke is noch fan hout, mar de tsjerke stiet noch jimmeroan bekend as de Swarte Tsjerke.

Fan 1736 oant 1751 wurke Laurens Praalder (dy't letter ferneamd waard as wiskundige) as learaar yn it doarp.

Oant 1 jannewaris 1993 foel it doarp ûnder de gemeente Akersloot en oant 1 jannewaris 2015 ûnder de gemeente Skermer. Op dy datum waard de gemeente Skermer by de gemeente Alkmar yndield.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Swarte Tsjerke út 1665 is in ryksmonumint. Njonken de Swarte Tsjerke, it skoalgebou út 1790 en in molkfefeehâlderij is der noch de roomske Michaëltsjerke. Op it doarpsgebiet stiet súdeast fan it doarp yn it lân de poldermûne K.

It doarpsgebiet is beskerme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeente Alkmar
Stêd:
Alkmar
Doarpen:
DriehuizenGraftGrootschermerKoedijk (foar in part) • MarkenbinnenNoordeindeOost-GraftdijkOterleekOudorpDe RijpSchermerhornStarnmeerStompetorenUrsem (foar in part) • West-GraftdijkZuidschermer
Buorskippen:
BergermeerKogerpolder (foar in part) • Omval · NieuwpoortDe NollenDe Weijdt
· · Berjocht bewurkje