Springe nei ynhâld

Willy Derby

Ut Wikipedy
Willy Derby
sjonger en/of muzikant
Willy Derby (1926)
Willy Derby (1926)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Willem Frederik Christiaan Dieben
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 5 april 1886
berteplak De Haach
stoarn 9 april 1944 (58 jier)
stjerplak De Haach
wurkpaad
sjenre Nederlânsktalige lieten
sjongtaal Nederlânsk
offisjele webside
gjint

Willem Frederik Christiaan Dieben (De Haach, 5 april 1886 – dêre, 9 april 1944) wie in Nederlânsk sjonger dy't yn de tiid tusken de beide wrâldoarloggen ûnder de namme Willy Derby ien fan de meast populêre artysten fan Nederlân wie. By syn bekendste lietsjes binne Het plekje bij den molen (Daar bij dien molen), Twee oogen zoo blauw, Pinda Pinda Lekka Lekka en smartlappen, dêr't Hallo Bandoeng, Het fiere schooiershart, Droomland en Witte rozen de bekendste fan binne.

Derby kaam út in Haachske arbeidershúshâld. Hy wurke as sjongende kelner yn Antwerpen en New York en op de fearboat Hoeke fan Hollân - Harwich ear't er yn 1915, stipelearre troch syn frou Adelaïde de Kuijper, in serieuze karriêre yn it fariëtee begûn. Yn 't earstoan trede er tegearre mei syn broer Lou Bandy op ûnder de namme The Bandy Brothers. Rillegau dei bliken dat de karakters fan de bruorren totaal net akkordearren, dat it hie gjin doel om meiïnoar op te arbeidzjen; oars as Lou hie Willy de namme fan geskikte keardel.

Willy feroare syn artystenamme yn it ek Amerikaansk klinkende Derby en hie yn de jierren tweintich en tritich in soad súksessen as sjonger fan licht sentimintele teksten, meast skreaun troch Ferry van Delden of Jacques van Tol. Neist artyst wie er ik eigener fan in tal platesaken yn De Haach. Derby buorke goed en koe it jild goed brûke mei't er fan mids jierren 30 ôf tagelyk syn oare helte as syn freondinne Teddy Schaank ûnderhold.

Yn de Twadde Wrâldoarloch hie Derby fan 'e miet ôf oan de namme fan anty-Dútsk artyst, mei't er Van Tols ferhoalen fersetsliet Op de Grebbeberg song hie. Gebrûkmeitsjend fan syn grutte populêrens socht er by optredens de grinzen op fan wat der neffens de besetter noch op troch koe. Dat er harren grinzen wolris oergie docht bliken út it feit dat er yn 1941 en 1943 fêstsiet yn de Skeveningse straffinzenis op beskuldiging fan anty-Dútske provokaasje. Dêr krige er de medisinen dy't er nedich hie foar syn hertoandwaning net. It slagge Teddy Schaank en smokkelje de medisinen de finzenis yn; faaks hat hja dêrmei it libben fan derby rêden.

Under de oarloch waard Derby's sûnens minder. Koart skoft nei't Teddy Schaank de leafdesrelaasje mei him ferbriek, stoar Derby mei 58 jier oan in hertoanfal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]