Springe nei ynhâld

Voltaire

Ut Wikipedy
Voltaire

François-Marie Arouet, better bekend ûnder syn pseudonym Voltaire (21 novimber 1694 - 30 maaie 1778), wie in Frânsk skriuwer en filosoof.

Voltaire wie ien fan de grutte filosofen fan de Ferljochting en foaroanman yn de striid foar frije mieningsutering en de rjochten fan de minske. Dêrneist leaude Voltaire oan it Deisme.

Yn 2007 waard troch in klant fan Tresoar in briefke ûntdutsen dat skreaun wie troch Voltaire. It briefke is in reaksje op in oersetting yn it Nederlânsk dy’t P.A. de Huybert van Kruiningen makke fan in troch Voltaire skreaun lofdicht op de Fryske politikus Willem fan Haren. It bysûndere oan it briefke is dat dy yn it Nederlânsk skreaun is. Dêrfoar wienen der noch gjin Nederlânske teksten fûn fan Voltaire.[1][2]

Elémens de la philosophie de Neuton, 1738

Seleksje út syn wurken:

  • Oedipe (1718)
  • Henriade oer Hendrik IV (1723)
  • Histoire de Charles XII (1731)
  • Zaïre (1732)
  • Lettres philosophiques (1734)
  • Alzire ou les Américains (1736)
  • Mahomet (1742)
  • Zadig, ou la destinée. Histoire orientale (1747)
  • Le siècle de Louis XIV (1751)
  • Le Micromégas, in filosofyske ferhelling (1752)
  • Sokrates (1755), in toanielstik fan J. Thomson, [pseud.]: uut it Frans forfryske fen Knillis Jorrits Posthumus te Sint Anna [1]
  • Essai sur les moeurs et l'esprit des nations (1756)
  • Poème sur la loi naturelle et Poème sur le Désastre de Lisbonne (1756)
  • Karel XII (1756)
  • Candide (1759)
  • L'Extrait de sentiment de Jean Meslier (1762)
  • Traité sur la tolérance (1763)
  • Dictionnaire philosophique (1765)
  • L'Ingénu (1767)
  • La Princesse de Babylone (1768)
  • Irène (1778)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Voltaire skreau ek Hollânsk Omrop Fryslân webside fan 02-04-2007 (sjoen op 13-04-2010)
  2. In mei de hân skreaune brief fan Voltaire fan de Frysk Erfskip webside (sjoen op 13-04-2010)