Springe nei ynhâld

United Center

Ut Wikipedy
United Center
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Illinois
county Cook County
plak Chicago
adres 1901 West Madison Street
koördinaten 41°52′50″ N 87°40′27″ E
bysûnderheden
type bouwurk sportstadion
subtype basketbal- en iishockeystadion
boujier 1992-1994
arsjitekt Thornton Tomasetti
oare ynformaasje
hichte 43 m
oerflak 89.000 m²
tal ferdjippings 3
kapasiteit 20.917 (basketbal)
19.717 (iishockey)
23.500 (konserten)
kosten $175 miljoen
offisjele webside
www.unitedcenter.com
kaart
United Center (Chicago)
United Center
Lokaasje yn Chicago.

It United Center is in oerdutsen stadion yn 'e Amerikaanske stêd Chicago, dat yn 1994 iepene waard en ferneamd is nei syn sponsor, loftfeartmaatskippij United Airlines. It is de thúsbasis fan sawol it basketbalteam de Chicago Bulls, dat útkomt yn 'e National Basketball Association (NBA), as it iishockeyteam de Chicago Blackhawks, dat spilet yn 'e National Hockey League (NHL). Dêrnjonken tsjinnet it as evenemintehal, dêr't ek konserten holden en oare sporteveneminten organisearre wurde. It United Center wurdt ek wol oantsjut mei de ôfkoarting "U.C.", en it hat de bynammen "Madhouse on Madison" ("Gekkehûs oan Madison"), ferwizend nei it adres oan 1901 West Madison Street, en "The House that Jordan Built" ("It Hûs dat Jordan Boud Hat"), ferwizend nei stjerspiler Michael Jordan fan 'e Chicago Bulls.

It United Center stiet yn 'e Near West Side fan Chicago en wurdt eksploitearre as in joint venture mei de namme United Center Joint Venture (UCJV) troch de Chicago Bulls en de Chicago Blackhawks, dy't elts 50% fan it gebou yn eigendom hawwe. Sponsor United Airlines betellet jiers likernôch $1,8 miljoen foar de nammerjochten op it stadion. It United Center is 43 m heech en beslacht in oerflak fan 89.000  op in terrein dat yn totaal, mei bygebouwen en parkearterrein derby, 19 ha mjit. Dêrmei is it stadion it grutste yn 'e Feriene Steaten. Fan bûten liket it United Center sterk op syn foargonger, it Chicago Stadium.

De binnenkant fan it United Center by in basketbalwedstryd fan 'e Chicago Bulls yn 2007.

Op it mêd fan publykskapasiteit kinne der yn it United Center 19.717 minsken telâne foar in iishockywedstryd, 20.917 foar in basketbalwedstryd, en 23.500 foar muzykkonserten. Hoewol't it United Center it grutste stadion fan 'e Feriene Steaten is, binne der oaren dy't mear publyk bergje kinne. Njonken de publike tribunes omfettet it United Center 216 lúkse skyboxes, en sûnt de renovaasje fan 2009-2010 binne der ek 169 suites op trije ferdjippings.

De hurdhoutene flier dêr't de Bulls harren basketbalwedstriden op spylje, wurdt oer it iis hinne lein dêr't de Blackhawks harren iishockeywedstriden op spylje. Oan 'e eastkant fan it stadion steane de brûnzene stânbylden fan 'e ferneamde basketbalspilers Michael Jordan, Bobby Hull en Stan Mikita, dy't foar de Bulls spilen, wylst oan 'e noardkant fan Madison Street, dêr't foarhinne it Chicago Stadium stie, in stânbyld fan ferskate Blackhawks-iishockeyers stiet.

Foar 1994 spilen de Bulls en de Blackhawks yn it Chicago Stadium, dat oare kant West Madison Street stie, en dat fan 1929 datearre. Doe't dat efter de tiid rekke, makken de beide teams plannen foar de bou fan in nij stadion, mar de resesje fan 'e iere 1990-er jierren kearden it projekt jierrenlang op. Uteinlik kaam de finansiering rûn troch ynvestearrings fan Japanske, Australyske en Frânske banken.

De bou fan wat it United Center wurde soe, sette op 6 april 1992 útein en duorre oant mids 1994. Der waard benammen beton en 3.500 ton stiel brûkt. De bou koste $175 miljoen. Arsjitekt fan it nije gebou wie Thornton Tomasetti. It bouprojekt waard útfierd troch Populous (doe HOK Sport), W.E. Simpson Company en Marmon Mok. Op 18 augustus 1994 waard it nije stadion iepene, wêrnei't it âlde Chicago Stadium sloopt waard. De Bulls namen fuort dêrnei har yntrek yn it United Center, mar de Blackhawks folgen pas yn 1995, fanwegen de NHL-lockout fan 1994-1995 (wêrby't it management de spilers wurk wegere omreden fan in arbeidskonflikt).

De binnenkant fan it United Center by in iishockeywedstryd fan 'e Chicago Blackhawks.

Tsjintwurdich wurde yn it United Center mear as 200 eveneminten yn it jier organisearre. Dêrmei hat it stadion sûnt syn iepening in totaal publyk fan 20 miljoen minsken lutsen. Behalven foar de wedstriden fan 'e Bulls en de Blackhawks wurdt it United Center ek foar oare basketbal- en iishockeywedstriden brûkt, benammen nasjonale en ynternasjonale toernoaien of skoallekampioenskippen. Ek oare sporten wurde yn it stadion spile. Sa wie it alderearste evenemint dat der yn augustus 1994 plakfûn, de Summerslam fan 'e WWF, in toernoai op it mêd fan showwrakseljen. Fierders waarden yn 2010, 2013 en 2015 de finales fan 'e Stanley Cup, ien fan 'e wichtichste tennistoernoaien fan 'e wrâld, yn it United Center holden. Sûnt 2012 wurde yn it stadion ek gauris mixed martial arts-toernoaien organisearre.

Ek waarden yn it United Center konserten holden fan û.o. Billy Joel, New Kids on the Block, Prince, Kanye West, Madonna, U2, de Rolling Stones, Tina Turner, Van Halen, Aerosmith, Bon Jovi, Barbra Streisand, Bruce Springsteen, Paul McCartney, Janet Jackson, Celine Dion, Pearl Jam, Jay-Z, Mary J. Blige en Lady Gaga. Oare eveneminten yn it stadion wiene foarstellings fan it sirkus Ringling Bros. and Barnum & Bailey Circus en fan Disney on Ice, in ôflevering fan it praatprogramma fan Oprah Winfrey (2011) en de Nasjonale Konvinsje fan 1996 fan 'e Demokratyske Partij.

Yn 2009-2010 waard it United Center hielendal renovearre. Yn 2014 waard de bûtenkant nochris opknapt. Yn 2016-2017 folge in útwreiding mei it United Center Atrium.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.