Springe nei ynhâld

Tsûnamy

Ut Wikipedy
De Aziatyske tsûnamy fan 26 desimber 2004 op 'e kust fan Tailân.

In tsûnamy (fan it Japanske 津波, tsunami, útspr.: ['ʦunɑmi], letterlik: "havenweach") is de namme foar in rige weagen yn in iepen wetter (ornaris in oseaan, see of grutte mar), dy't feroarsake wurde troch de hommelse ferpleatsing fan in grutte hoemannichte wetter. Ierdbevings (of seebevings), fulkaanútbarstings en oare ûntploffings ûnderwetter (lykas de eksploazje fan nukleêre wapens), ierdferskowings, it ôfkealjen fan gletsjers, de ynslach fan ien of mear meteoriten en in ferskaat oan oare fersteurings sawol boppe as ûnder wetter kinne pontinsjeel ynienen safolle wetter fan 't plak triuwe dat der in tsûnamy ûntstiet.

Tsûnamys lykje net op gewoane weagen dy't troch de wyn of troch it tij feroarsake wurde, mei't harren weachlingte folle langer is, oant ferskate hûnderten kilometers. Wat djipper it wetter wat minder oft der yn 'e regel oan it oerflak te merken is fan sa'n floedweach; foar in skip op see is it allinich in soartemint fan bulte yn it wetter, dêr't de see net mear as in meter heger is.

De Aziatyske tsûnamy fan 2004 liet in stripe fan ferwuostging nei by de kust fan Atjeh lâns.

Pas as in tsûnamy de kust benei komt, wurdt er merkber. De weachlingte wurdt dan koarter en de weachtoppen heger. As er it lân berikt, binne de weagen faak tsientallen meters heech en kinne se in hommelse en ferneatigjende oerstreaming feroarsaakje. De krêft fan it wetter is grut genôch om dêrby fêste objekten, lykas gebouwen, tetriuwe te kinnen, en losse objekten, lykas skippen, kilometers it efterlân yn te spielen. Hoewol't de ynfloed fan tsûnamys beheind is ta kustgebieten, kin de skea dy't se oanrjochtsje ûnbidige grut wêze. Boppedat hawwe hiele oseaankriten soms fan ien en deselde tsûnamy te lijen.

Tsûnamys binne al tûzenen jierren bekend; sa wijde de Grykske skiedkundige Tusydides der ein fyfde iuw f.Kr. yn syn Skiednis fan de Peloponnezyske Oarloch in stik oan wêryn't foarsafier bekend foar de earste kear in ferbân lein waard tusken seebevings en tsûnamys. It wittenskiplik begryp fan dit ferskynsel bleau lykwols oant yn 'e tweintichste iuw tige beheind.

Warskôgings-boerd foar tsûnamys.

It is in misfetting dat tsûnamys inkeld foarkomme yn Stille en de Yndyske Oseaan. Sa hat bgl. ek it Middellânske-Seegebiet der yn it ferline slim fan te lijen hân, lykas by de ierdbeving en tsûnamy fan Lissabon, yn 1755; by de Kalabryske ierdbevings fan 1783, dy't tsûnamys feroarsaken wêrby't yn 'e "tean" fan 'e Lears fan Itaalje ferskate tsientûzenen minsken it libben lieten; en by de ierbeving en tsûnamy fan Messina (op Sisylje), wêrby't yn 1908 mear as 123.000 minsken de dea fûnen.

It wurd "tsûnamy" waard yn 'e measte Westerske talen lykwols pas in gongbere oantsjutting foar sa'n floedweach nei de Aziatyske ierdbeving en tsûnamy, fan Twadde Krystdei 2004, dy't feroarsake waard troch in seebeving yn 'e Andamaanske See, benoarden Sumatra. By dat barren foelen yn 14 ûnderskate lannen, mar benammen yn Yndoneezje, Tailân, Sry Lanka en Yndia yn totaal mear as 230.000 deaden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, References en Further reading, op dizze side.