Springe nei ynhâld

Territoarium Hawaï

Ut Wikipedy
Territoarium Hawaï
Territory of Hawaii
1898 – 1959
flagge wapen
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Honolulu
offisjele taal Ingelsk
steatsfoarm organisearre territoarium
   fan de Feriene Steaten
ûntstien út Republyk Hawaï
opgien yn Feriene Steaten
Steat Hawaï
Johnston
Kingman Reef
Midway-eilannen
Palmyra
no diel fan Feriene Steaten
sifers
ynwennertal 154.001 (1900)
499.794 (1950)
befolkingstichtens 5,4 / km² (1900)
17,6 / km² (1950)
oerflak 28.462 km²
bykommende ynformaasje
muntienheid Amerikaanske dollar (USD)

It Territoarium Hawaï (Ingelsk: Territory of Hawaii; Hawaïaansk: Panalā‘au o Hawai‘i) wie de oantsjutting foar Hawaï as bestjoerlike ienheid fan 1898, doe't it nei de anneksaasje troch de Feriene Steaten omfoarme waard ta in organisearre territoarium, oant 1959, doe't it as folweardige steat opnommen waard yn 'e Amerikaanske Uny. Under it Amerikaansk bestjoer ferwaarden de lânseigen Hawaïanen ta twadderangs boargers en sloegen de blanke Angelsaksyske Amerikanen foar master op. It meast yngripende barren út 'e 61 jier dat Hawaï de status fan territoarium hie, wie de Japanske Oanfal op Pearl Harbor, yn 1941, dy't de Feriene Steaten by de Twadde Wrâldoarloch beloek. Neitiid waard yn Hawaï it boargerlik bestjoer ôfskaft en de steat fan belis ôfkundige, dy't duorre oant 1944.

It Territoarium Hawaï omfieme it hiele grûngebiet fan 'e lettere Steat Hawaï, d.w.s. de Hawaï-eilannen, mei in oerflak fan 28.311 km². Dêropta hearden ek ferskate oare gebieten yn 'e Stille Oseaan ta it Territoarium Hawaï: de atollen Johnston (2,67 km²), Kingman Reef (70 km²), Midway (66,3 km²) en Palmyra (11,9 km²). It totale oerflak fan it territoarium kaam dêrmei út op 28.462 km².

Keninginne Lili‘uokalani, de lêste monarch fan it Keninkryk Hawaï.

De Hawaï-eilannen hiene fan 1795 ôf it Keninkryk Hawaï foarme. Geandewei de njoggentjinde iuw kaam dat lân wat langer wat mear ûnder ynfloed fan 'e Feriene Steaten te stean. Yn dy tiid waarden der op 'e eilannen grutte sûkerreidplantaazjes oanlein, dy't eigendom wiene fan blanke (almeast Amerikaanske) plantaazje-eigners en bewurke waarden troch lânseigen en útlânske fjildarbeiders, mei as gefolch dat der in rike blanke elite ûntstie. Hoewol't de Feriene Steaten yn 1842 de ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk Hawaï erkend hiene, en de beide lannen diplomatike relaasjes ûnderholden, waard it lânseigen bestjoer fan Hawaï troch Amerikanen net foar fol oansjoen.

Doe't keninginne Lili‘uokalani yn 1893 plannen oankundige foar in nije grûnwet dy't de macht fan 'e blanke elite beheine soe, wie dat foar dyselden oanlieding om by in steatsgreep sels de macht op Hawaï oer te nimmen. Mei militêre stipe fan 'e Feriene Steaten waard Lili‘uokalani begjin 1893 ôfset troch in klyk fan blanke plantaazje-eigners ûnder lieding fan Lorrin A. Thurston. Yn july 1894, nei in perioade fan provisjoneel regear, waard de Republyk Hawaï útroppen, mei Sanford B. Dole as earste (en iennichste) presidint. Wylst de lânseigen Hawaïanen ûnderdrukt waarden, stjoerden de nije blanke machthawwers oan op anneksaasje troch de Feriene Steaten.

De anneksaasje, dy't yn 1893 en 1894 noch op 'e lange baan skood wie troch de anty-ymperialistyske Amerikaanske presidint Grover Cleveland, waard op 4 july 1898 goedkard troch it Amerikaanske Kongres mei de ferrifeljende Newlands-resolúsje (ferneamd nei kongreslid Francis Newlands). Dêrby spile in grutte rol dat der ferlet wie fan Hawaï as marinebasis yn Spaansk-Amerikaanske Oarloch, dy't doe oan 'e gong wie. Presidint William McKinley ûndertekene de resolúsje op 7 july, wêrmei't nettsjinsteande alle eardere betsjûgings fan freonskip troch de Amerikanen oan it adres fan 'e Hawaïanen de Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï in feit waard en de Hawaïanen op snoade wize har eigen lân ûntnadere waard. De Newlands-resolúsje waard op 12 augustus fan krêft as wet. Dy deis waard der by it foarhinne keninklike ‘Iolani Paleis yn 'e Hawaïaanske haadstêd Honolulu in seremoanje holden wêrby't de flagge fan Hawaï delhelle en de Stars and Stripes hyst waard.

Op 12 augustus 1898 wurdt de flagge fan 'e Republyk Hawaï by it ‘Iolani Paleis yn Honolulu omleech helle en dy fan 'e Feriene Steaten yn it plak dêrfan hyst.

Oer de status fan Hawaï wie neitiid yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington D.C. noch witwat te dwaan. Dat kaam om't in protte kongresleden bang wiene dat it takennen fan 'e status fan organisearre territoarium úteinlik liede soe ta it opnimmen fan it gebiet yn 'e Feriene Steaten as in folweardige Amerikaanske steat, wylst it in "net-blanke" mearderheid fan 'e befolking hie. Soks wie doedestiden fral foar politisy it rasistyske Amerikaanske Suden ûnbesprekber. It debat dêroer duorre mear as in jier, en pas yn 1900 gie it Kongres mei weromwurkjende krêft akkoart mei Hawaï as in organisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten. Presidint McKinley ûndertekene de Hawaïaanske Organyske Wet dy't de juridyske wederwarichheden regele, en de eardere Hawaïaanske presidint Sanford B. Dole waard oansteld as territoriaal gûverneur.

De eardere presidint fan 'e Republyk Hawaï, Sanford B. Dole, wurdt op 'e treppens fan it ‘Iolani Paleis yn Honolulu foar in publyk fan rike blanke plantaazje-eigners en sakelju ynsward as de earste gûverneur fan it Teritoarium Hawaï.

Ien fan 'e meast promininte útdagings foar it Territoarium Hawaï wie om 'e ûnderlinge ferhâldings tusken de ferskillende rassen yn goede banen te lieden. Hawaï wie yn dy tiid apart om't it yninoar omtrouwen fan lju fan ferskillende rassen dulde en bytiden sels oanfitere waard. In protte lânseigen Hawaïaanske froulju joegen har op dy wize by de hegerein fan it territoarium. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it útslutend gie om blanke manlju dy't mei net-blanke froulju trouden; oarsom, it trouwen fan blanke froulju mei net-blanke manlju, waard net akseptearre. Wol trouden in protte etnyske Sinezen mei Portegeeske froulju, mar de etnyske Portegezen waarden troch de Angelsaksyske Amerikanen net as echt 'blank' beskôge.

Tsjin 1898 bestie de befolking fan Hawaï foar it meastepart út plantaazje-arbeiders dy't ôfkomstich wiene út Sina, Japan en de Portegeeske koloanjes Madeara en de Azoaren. Yn 'e tiid fan it Territoarium kamen dêr noch lju by út Koreä, de Filipinen, de Rjûkjû-eilannen en Porto Riko. Mienskiplike ûnderfinings op 'e plantaazjes skoep in bân tusken al dy ferskillende befolkingsgroepen. Ek Hawaïaansk Pidgin, in pidgintaal foar ûnderlinge kommunikaasje, ûntjoech him yn dy tiid op 'e plantaazjes. It boedisme en sjintoïsme groeiden op Hawaï út ta grutte religyen, en de Roomsk-Katolike Tsjerke waard de grutste kristlike denominaasje.

Yn 1931 die yn 'e Saak-Massie lykwols bliken dat de rasserelaasjes yn Hawaï net sa geunstich wiene as se foarsteld waarden. Op 12 septimber 1931 rekke Thalia Massie, de frou fan in Amerikaanske marine-ofsier, dronken. Letter fertelde se dat se yn dy steat mishannele en ferkrêfte wie troch fiif net-blanke manlju. Dyselde jûns noch pakte it Honolulu Police Department fiif plantaazje-arbeiders op, dy't by Massie yn it sikehûs brocht waarden, dêr't sy harren identifisearre as de dieders. Doe't it lykwols ta in rjochtsaak kaam, oardiele de sjuery dat der net genôch bewiismateriaal wie om ta in skuldichbefining te kommen. Neitiid waard ien fan 'e beklagen troch ûnbekenden slim mishannele, wylst in oarenien, Joseph Kahahawai, fermoarde waard. De plysje arrestearre de dieders: Massie har man Thomas, har mem Grace Fortescue en twa Amerikaanske matroazen. Dy waarden skuldich befûn troch in sjuery en feroardiele ta tsien jier twangarbeid. Yn grutte ferûntweardiging oer dat fûnis drigen de lieders fan 'e blanke mienskip yn Hawaï en 103 leden fan de Territoriale Legislatuer om 'e steat fan belis ôf te kundigjen. Gûverneur Lawrence M. Judd sette de straffen doe om ta in oere 'neibliuwen' yn syn amtskeamer. De gewoane befolking fan Hawaï wie skokt oer dizze gong fan saken.

De Amerikaanske slachskippen ôfmarre oan Battleship Row ûnder de Japanske Oanfal op Pearl Harbor op 7 desimber 1941. Yn it wetter fan 'e haven binne de weagen fan guon torpedo's te sjen. Op 'e eftergrûn stiigje reekwolkens op fan it fleanfjild Hickam Field.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen oprinnende spannings yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, dy't ferbân holden mei de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch en oanboaze waarden troch de oangeande Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa, ferhuze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float begjin 1941 fan San Diego, yn Kalifornje, nei it Marinestasjon Pearl Harbor. Dat wie troch de Amerikaanske Marine fêstige oan 'e súdkust fan it Hawaïaanske eilân Oähû, by de lagune Pearl Harbor, fuort bewesten Honolulu.

Op 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 fierde de Keizerlike Japanske Marine in ferrassingsbombardemint út op it Marinestasjon Pearl Harbor en oare doelen op Oähû. Dat bombardemint wie bedoeld om 'e Amerikaanske Pasifyske Float mei ien ferpletterjende klap út te skeakeljen, sadat de Japanners de hannen frij hawwe soene foar de ferovering fan 'e Amerikaanske, Britske en Nederlânske koloanjes yn Súdeast-Aazje. By dy beruchte Oanfal op Pearl Harbor waarden fjouwer Amerikaanske slachskippen en ferskate oare marineskippen ta sinken brocht en kamen yn totaal oan Amerikaanske kant 2.403 minsken om. De Feriene Steaten, dy't har oant dy tiid ôfsidich holden hiene fan 'e Twadde Wrâldoarloch, waarden dêrtroch op abrupte en ûntsjinkearbere wize by it konflikt belutsen.

Nei it bombardemint waard yn Hawaï de steat fan belis útroppen, wêrby't de opienfolgjende territoriale gûverneurs Jospeh B. Pointdexter en Ingram M. Stainback ôfstân diene fan in grut diel fan harren foech en dat oerdroegen oan in militêre gûverneur dy't oansteld waard troch de Amerikaanske Striidkrêften. De territoriale grûnwet waard opskoarre, en de Territoriale Legislatuer en it Territoriaal Heechgerjochtshôf waarden foar ûnbeskate tiid ûntbûn. De formearring fan in militêr regear foar Hawaï foel foar it meastepart ta oan generaal-majoar Thomas H. Green, in funksjonaris fan it buro fan 'e auditeur-militêr-generaal, dy't sels de militêre minister fan Binnenlânske Saken waard. Generaal Walter Short stelde himsels op 7 desimber 1941 oan as de earste militêr gûverneur, naam it regear fan it territoarium oer en betrok in kantoar yn it ‘Iolani Paleis, dat barrikadearre en fan rinfuorgen foarsjoen waard. Hy waard lykwols op 17 desimber al út syn funksje ûntheft, formeel yn beskuldiging steld foar plichtsfersom en der yn algemiene sin fan beskuldige dat er minne tariedings makke hie foar in eventuele Japanske oanfal op Hawaï.

De USS Arizona brânend en kapseizend nei de Oanfal op Pearl Harbor.

De Oanfal op Pearl Harbor en fral it dêropfolgjende Niïhau-ynsidint, wêrby't in delstoarte Japanske piloat op it eilân Niïhau blykber sûnder folle muoite help besette koe fan pleatslike Japanske ymmigranten, wiene foar de oerheid fan 'e Feriene Steaten bewiis dat Japanners net te fertrouwen wiene. Dy oertsjûging joech oanlieding foar de ynternearring fan etnyske Japanners. Binnen inkele oeren nei de oanfal waarden hûnderten foaroanlju fan 'e Japanske mienskip op Hawaï oppakt en ûnder hege befeiliging finzenset yn kampen lykas dat op Sand Island, yn 'e mûning fan 'e haven fan Honolulu, yn it Militêr Kamp Kilauea op it eilân Hawaï. Yn 'e legere 48 steaten waarden fan 20 febrewaris 1942 ôf mear as 110.000 Japanske ymmigranten en ôfstammelingen fan Japanske ymmigranten ynternearre yn kampen yn 'e woastyn fan Utah en Colorado, der't se min behannele waarden. Dat wiene frijwol alle etnyske Japanners dy't oan of deunby de Amerikaanske westkust wennen. Op Hawaï, dêr't yn 1941 mear as 150.000 minsken fan etnysk Japansk komôf wiene (oftewol mear as in trêdepart fan 'e befolking), wie soks net praktysk en waarden 'mar' 1.200 oant 1.800 minsken ynternearre.

Under de steat fan belis waard elts faset fan it iepenbiere libben op Hawaï behearske troch de militêr gûverneur. It militêre regear liet alle ynwenners fan it territoarium âlder as seis jier fingerôfdrukken ôfnimme, lei blackouts en in jûnsklok op, stelde benzine en (neffens guon boarnen) itenswaren op rantsoen, lei de media sensuer op, sensurearre alle ynkommende en útgeande post en ferbea (neffens guon boarnen) alkohol, feardige nije ferkearsregels út en bemuoide him sels mei it leegjen fan 'e jiskefetten. Wa't him net oan 'e opleine regels hold, waard foar in militêr tribunaal sleept dat bestrafte sûnder dat der heger berop mooglik wie. Der waard (by Algemien Befel Nû. 91) ek in befriezing fan 'e wurksitewaasje ôfkundige (men mocht inkeld noch fan baan feroarje as jins wurkjouwer dêr tastimming foar joech). Fierders waarden alle rjochtbanken opheft dêr't tsjûgen en sjuerys foar nedich wiene. De útspraken fan 'e militêre tribunalen út dy tiid lieten dúdlik in befoaroardieling fan militêren tsjin boargers blike. Der briek ek in ûnderlinge striid om ynfloed út tusken de ministearjes fan Oarloch, Justysje en Binnenlânske Saken fan it militêr regear, wêrby't Justysje no ris in bemiddeljende rol spile en dan wer mei Oarloch of Binnenlânske Saken ûnder ien tekken skûle.

Yn it twadde jier fan it militêr bestjoer fûn der in opmerklike botsing plak tusken militêre en boargerlike autoriteiten. Glockner en Seifert, twa Dútske ymmigranten dy't ta Amerikaanske steatsboargers nasjonalisearre wiene, waarden troch de militêre autoriteiten al in skoft sûnder foarm fan proses of ynbeskuldigingstelling finzen holden. Yn augustus 1943 stjoerde rjochter Metzger in deifurding nei generaal Richardson om foar him te ferskinen mei in útlis oangeande dy beide saken. De generaal hie ûnder Algemien Befel Nû. 31 de oanbringer fan dy deifurding arrestearje litte kinnen foar it yn beskuldiging stellen fan in militêr, mar ynstee liet er de man troch syn ûnderhearrigen mei licht geweld nei bûten smite om sa de ûntfangst fan 'e deifurding te ûntrinnen. De beide finzenen waarden neitiid op it fêstelân fan 'e Feriene Steaten frijlitten om 'e ymplikaasje foar te kommen dat it militêr bestjoer bûgd hie foar in boargerlike rjochter.

Doe't dúdlik waard dat de Alliëarden de Twadde Wrâldoarloch winne soene en dat Japan mooglikheden noch slachkrêft mear hie om Hawaï te reitsjen, wie de steat fan belis op in stuit net mear hâldber. Yn 1944 waard dy sitewaasje dêrom ôfskaft en krige it territoarium wer in boargerlik bestjoer ûnder lieding fan 'e Hawaïaanske Republikeinske Partij.

Yn 1951, doe't de Feriene Steaten yn 'e gryp wiene fan 'e Twadde Reade Panyk, stelde de federale resjerzje FBI yn Hawaï in ûndersyk yn nei it fakbûn International Longshore and Warehouse Union (ILWU) en de Kommunistyske Partij fan Hawaï. Dêrby waarden by syngronisearre ynfallen om 06:30 oere moarns op 28 augustus de saneamde 7 fan Hawaï arrestearre: Koji Ariyoshi, Jim Freeman, Charles en Eileen Fujimoto, Jack Hall, Jack Kimoto en John Reinecke. Dyselden waarden foar 'ûn-Amerikaanske' aktiviteiten en ferrie nei in rjochtsaak fan twa jier feroardiele ta lange finzenisstraffen. Uteinlik waarden se yn 1958 frijlitten.

Yn 1954 ûntstie der yn Hawaï grutte politike en maatskiplike opskuor. Der wiene stakings, demonstraasjes en dieden fan boargerlike oerhearrigens, dy't mei-inoar bekend steane as de Demokratyske Revolúsje fan 1954. De folksbeweging kulminearre yn 'e territoriale ferkiezings fan dat jier, dy't in abrupte ein makken oan 'e hegemony fan 'e Hawaïaanske Republikeinske Partij. De leden fan dy partij waarden en masse fuortstimd troch it lulke elektoraat en ferfongen troch leden fan 'e Demokratyske Partij fan Hawaï.

Fan territoarium nei steat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens wie al yn 1919 foar it earst (troch Kuhio Kalanianaole) in serieus foarstel dien om fan Hawaï in folweardige Amerikaanske steat te meitsjen. Dat waard negearre en yn 'e 1920-er jierren waard net mear oer dit ûnderwerp praat om't de plantaazje-eigners, dy't yn Hawaï de tsjinst útmakken, fan miening wiene dat it yn harren belang wie as Hawaï in territoarium bleau. Yn maaie 1935 brocht Samuel Wilder King in nij foarstel yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen op it aljemint om Hawaï de status fan steat te jaan. Dêr waard lykwols net oer stimd om't presidint Franklin D. Roosevelt dat wol nei fleanen liek, en Súdlike leden fan 'e Demokratyske Partij, dy't gjin net-blanke kongresleden hawwe woene, alle kommisjes fan it Hûs behearsken.

De útslach fan it referindum dat op 27 juny 1959 yn Hawaï holden waard oer opname fan it gebiet as folweardige steat yn 'e Feriene Steaten. Mar leafst 94,3% fan 'e kiezers stimde foar. De ynset lit it stimbiljet sjen.

Yn 1940, doe't Hawaï by territoriale ferkiezings de fraach op 'e stimbiljetten pleatste, oft Hawaï in folweardige steat wurde moatte soe, antwurde twatrêde part fan it Hawaïaanske elektoraat dêr befêstigjend op. Nei ôfrin fan 'e oarloch wie der sels in noch gruttere mearderheid foar te finen. De ferkiezing fan John A. Burns as de waarnimmer foar it Territoarium Hawaï yn it Amerikaanske Kongres, yn 1956, bliek in kearpunt te wêzen. De blanke Burns, in âld-plysjeman, wie in Demokraat dy't keazen wie sûnder stipe fan 'e blanke minderheid yn Hawaï, mar mei oerweldigjende stipe fan 'e etnysk Japanske en Filipynske mienskippen. Sadree't er yn Washington, D.C. arrivearre wie, begûn er kontakten te lizzen mei ynfloedrike kongresleden om harren oer te heljen en stim foar de opname fan Hawaï yn 'e Amerikaanske Uny. Sa wist er de Demokratyske fraksjefoarsitter yn 'e Amerikaanske Senaat, Lyndon B. Johnson út Teksas, op syn hân te krijen.

In probleem dat oerwûn wurde moast, wie dat de Demokratyske Partij neat foar in steatsstatus fan Hawaï fielde, om't de befolking fan Hawaï, sa wie de oertsjûging, altyd yn grutte mearderheid op 'e Republikeinske Partij stimme soe. De Demokraten wiene wol foarstanner fan it ferlienen fan steatsstatus oan it Territoarium Alaska, om't dat, sa tocht men doe, altyd wol Demokratysk stimme soe. (Sûnt de 1980-er jierren binne dy foarsizzings persiis tsjinsteld útkommen, mei't Alaska in Republikeinsk bolwurk is, wylst Hawaï Demokratysk stimt.)

Uteinlik gie it Amerikaanske Kongres yn maart 1959 akkoart mei de opnimming fan Hawaï yn 'e Amerikaanske Uny (nei't yn jannewaris fan dat jier Alaska al tatrêde wie). By in referindum op 27 juny 1959 stimde 94,3% fan 'e befolking fan Hawaï foar lidmaatskip fan 'e Feriene Steaten, en op 21 augustus fan dat jier waard Hawaï as de fyftichste (en oant no ta lêste) steat talitten ta de Amerikaanske Uny. Yn 'e Wet op 'e Talitting fan Hawaï lei it Amerikaanske Kongres lykwols fêst dat de Steat Hawaï (oars as it Territoarium Hawaï) net de ûnbewenne Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen Johnston, Kingman Reef, Midway en Palmyra omfetsje soe, dy't neitiid los fan Hawaï bestjoerd waarden.

De Hawaïaanske Organyske Wet fan 1900, dy't Hawaï formeel de status fan in organisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten joech, stelde it amt yn fan territoriale gûverneur yn. De gûverneur waard nominearre troch de Amerikaanske presidint en yn syn funksje befêstige troch de Amerikaanske Senaat. Hy wie ornaris fan deselde politike partij as de presidint en koe troch de presidint op elts momint út syn funksje set en ferfongen wurde. De gûverneur joech lieding oan it territoriaal bestjoer, dat de útfierende macht foarme.

De Organyske Wet skoep ek de Territoriale Legislatuer fan Hawaï as de wetjaande macht. Dat wie in parlemint besteande út it Hûs fan Offurdigen fan Hawaï en de Senaat fan Hawaï, wêrfan't de leden by mei geregelde tuskenskoften holden ferkiezings oanwiisd waarden troch de Hawaïaanske befolking. Yn it Amerikaanske Kongres waard it Territoarium Hawaï, krekt as oare Amerikaanske territoaria dy't gjin folweardige steaten wiene, fertsjintwurdige troch ien inkele waarnimmer sûnder stimrjocht.

It ‘Iolani Paleis yn Honolulu, it iennichste keninklik paleis yn 'e Feriene Steaten.

De rjochterlike macht waard yn 'e hannen pleatst fan it Heechgerjochtshôf fan Hawaï, dat bestie út inkele rjochters ûnder lieding fan in opperrjochter, mei ferskate legere ûnderhearrige gerjochtshôven en rjochtbanken. De rjochters fan it Territoriaal Heechgerjochtshôf waarden ek oansteld troch de Amerikaanske presidint, mei grûnwetlik fêstleine rie en ynstimming fan 'e Amerikaanske Senaat.

De ekonomy fan it Territoarium Hawaï stipe oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw benammen op 'e produksje fan sûkerreid. Dy fûn plak op ûnbidich grutte plantaazjes, dy't frijwol allegear eigendom wiene fan in lytse klyk rike blanke grutgrûnbesitters. Dyselden wiene de driuwende krêft efter de Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï, om't troch de anneksaasje de ymporttariven foar Hawaïaanske reidsûker yn 'e Feriene Steaten ferdwûnen (Hawaï en it fêstelân foarmen doe ommers ien en itselde lân).

Dat betsjutte dat de winst fan 'e plantaazje-eigners yn ien klap sterk fergrutte waard. Guon fan harren ynvestearren dat jild yn útwreiding fan materieel, lân en arbeid, mei as gefolch dat úteinlik fiif grutte reidsûkerprodusinten ûntstiene, dy't elts miljoenen dollars yn it jier fertsjinnen. Dy bedriuwen waard de Grutte Fiif neamd: Castle & Cooke, Alexander & Baldwin, C. Brewer & Co., American Factors (letter ôfkoarte ta Amfac) en Theo H. Davies & Co.

James Dole, letter bekend as de 'Ananaskening', arrivearre yn 1899 yn Hawaï, dêr't er te Wahiawa de earste ananasplantaazje fan 'e arsjipel opsette. Yn 1901 liet er deunby syn plantaazje in ynblikkingsfabryk sette, wêrmei't de Hawaiian Pineapple Company, letter omneamd ta Dole Food Company, ûntstie. De saken giene útsûnderlike goed foar Dole, dat yn 1907 liet er yn Iwilei, by de haven fan Honolulu, in grutter fabryk bouwe, dat oant 1991 yn gebrûk bleau.

Yn 1922 kocht er it hiele eilân Lanaï op dat er feroare fan in wyldernis fan tropyske leechlânwâld yn 'e grutste ananasplantaazje fan 'e wrâld. Tsjin 'e 1930-er jierren wie de ananastylt nei de produksje fan reidsûker de op ien nei grutste sektor fan 'e Hawaïaanske ekonomy wurden. Jierrenlang produsearre Lanaï 75% fan alle ananassen fan 'e wrâld, sadat it bekend kaam te stean as it 'Ananaseilân'. (Tsjintwurdich wurde yn Hawaï net folle ananassen mear produsearre en ymportearret de steat de fruchten út Tailân.)

In advertinsje út 'e 1900-er jierren fan 'e Matson Navigation Company fan 'e Hawaï-eilannen as toeristyske bestimming.

It toerisme stiek yn Hawaï foar it earst de kop op doe't de Matson Navigation Company, oprjochte troch William Matson, yn 1882 begûn mei it hinne en wer farre litten fan sylskippen tusken de eilannen en San Francisco. It doel wie eins it ferfier fan fracht, mar passazjiers koene ek mei. De animo dy't dêrfoar bliek te bestean, brocht Matson derta om passazjiersskippen te keapjen dy't as doel hiene om rike Amerikaanske toeristen nei de eilannen oer te farren en wer werom te bringen. Yn 'e 1920-er jierren berikte dy foarm fan toerisme in hichtepunt, foar't it ûnder de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren alhiel ynstoarte. Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch begûn it toerisme yn Hawaï geandewei de 1950-er jierren stadichoan wer wat by de wâl op te klauwen, mar pas fan 'e 1960-er jierren ôf berikte it wer âlde nivo's.

Neffens de folkstelling fan 1900 hie Hawaï doe 154.001 ynwenners. De befolkingstichtens bedroech 5,4 minsken de km². Yn 1950 wie de befolking fan it territoarium oanwoeksen ta 499.794 minsken, wat delkaam op in befolkingstichtens fan 17,6 lju de km².

Fan 'e lânseigen befolking fan 'e Hawaï-eilannen, de etnyske Hawaïanen, hiene der by de ûntdekking fan Hawaï yn 1778 troch de Britske ûntdekkingsreizger James Cook noch sa'n 300.000 west. Tsjin 1850 wiene der troch de sykten dy't troch de blanken op 'e eilannen yntrodusearre wiene, noch mar sa'n 60.000 etnyske Hawaïanen oer. By de oprjochting fan it Territoarium Hawaï wiene der yn 1900 noch 37.656 folbloed- of healbloed-Hawaïanen, wat delkomt op 24,5% fan 'e totale befolking. Yn 1920 wie harren oantal sakke ta likernôch 24.000 oftewol 9,4% fan 'e totale befolking. Se wiene tsjin dy tiid in lytse minderheid yn eigen lân wurden, dy't eltse ynfloed op 'e takomst fan harren heitelân kwytrekke wie.

In spotprint út 1899 mei de Feriene Steaten as skoalmaster dy't syn nije gebietsdielen de Filipinen, Hawaï, Porto Riko en Kuba ûnderwiis jaan sil.

Fan 'e oare befolkingsgroepen wiene de Angelsaksyske Amerikanen dy't har yn Hawaï fêstige hiene, in lytse mar tige rike en polityk ynfloedrike elite. Fan 'e Sinezen, winliken foar it meastepart Kantonezen út súdlik Sina, setten har tusken 1850 en 1900 46.000 yn Hawaï nei wenjen. De earste 153 etnyske Japanners arrivearren yn 'e tiid fan it Keninkryk Hawaï yn 1885. Yn 'e folgjende fearnsiuw ymmigrearren tsientûzenen fan harren nei de eilannen. Yn 1920 wiene der 110.000 Japanners yn Hawaï (Rjûkjûanen ynbegrepen), en makken se dêr 43% fan 'e befolking út.

De ymmigraasje fan etnyske Portegezen, eins benammen Maderanen en Azorezen fan Madeara en de Azoaren, dêr't ek sûkerreid ferboud waard, sette yn 1878 útein mei in earste groep fan 438 minsken. Tsjin 1901 libben der 16.000 fan harren yn Hawaï. Op Porto Riko, in eardere Spaanske koloanje dy't as gefolch fan 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch yn 1898 yn Amerikaanske hannen kommen wie, waard de bou fan sûkerreid yn 1899 fierhinne ferrinnewearre troch twa orkanen. Yn 1900 ferfear sadwaande in earste groep fan 56 Portorikanen nei Hawaï. Tsjin oktober 1901 wiene der al 5.000 fan harren arrivearre.

De earste Rjûkjûanen, in etnyske groep fan 'e Súdjapanske Rjûkjû-eilannen, kamen ek yn 1900 yn Hawaï oan. Hja kamen foar it meastepart fan it grutte eilân Okinawa. Tsjin 1908 wiene der al mear as 8.500 fan harren yn Hawaï, en tsjin 1920 20.000. De Rjûkjûanen waarden troch oare Hawaïanen beskôge as Japanners, mar troch etnyske Japanners waarden se bespot en diskriminearre om't se gjin 'goed Japansk' sprieken en 'achterlike' gewoanten hiene. De earste grutte groep etnyske Koreänen sette him yn 1903 yn Hawaï nei wenjen. Tsjin 1905 wiene der al 7.200 Koreänen op 'e eilannen. De Filipino's, ôfkomstich út 'e Filipinen dy't doedestiden in Amerikaanske koloanje foarmen, kamen yn 'e tiid fan it Territoarium oer nei Hawaï. Tusken 1906 en 1946 setten har 125.000 Filipino's yn Hawaï nei wenjen.

De offisjele taal fan it Territoarium Hawaï wie it Ingelsk. It Hawaïaansk wie yn dy snuorje net yn tel, en it soe oant 1978 ta duorje, ear't it Hawaïaansk yn 'e Steat Hawaï de status fan offisjele taal krige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.