Springe nei ynhâld

Tawny Kitaen

Ut Wikipedy
Tawny Kitaen
akteur
Tawny Kitaen yn 1984.
Tawny Kitaen yn 1984.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Julie Ellen Kitaen
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 augustus 1961
berteplak San Diego (Kalifornje)
stoarn 7 maaie 2021
stjerplak Newport Beach (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
Joadsk
Skotsk
jierren aktyf 19832017
offisjele webside
Tawny Kitaen yn 'e IMDb

Tawny Kitaen (útspr.: [ˈtɔːni kɪ'te:n], likernôch: "-ny kit-teen"; wiere namme: Julie Ellen Kitaen; San Diego, 5 augustus 1961Newport Beach, 7 maaie 2021) wie in Amerikaansk aktrise, presintatrise en model. Hja waard it bekendst fan har byrollen yn 'e spylfilm Bachelor Party en de tillefyzjesearje Hercules: The Legendary Journeys. Dêrnjonken wurke Kitaen ek mei oan fideoclips fan ferskate foaroansteande bands. Nei de milenniumwiksel wie se ek in protte te sjen yn realitytillefyzjeprogramma's.

Kitaen waard yn 1961 berne yn San Diego, yn Súdlik Kalifornje, as de dochter fan Linda Taylor, in húsfrou en eardere dielnimster oan skientmewedstriden, en Terry Kitaen, in wurknimmer by in fabryk dêr't neönreklames makke waarden. Oan har memme kant wie se fan mingd Iersk en Skotsk etnysk komôf. Fia har heit wie se etnysk Joadsk en stamme se ôf fan 'e Asjkenazyske Joaden fan Ruslân. Kitaen waard grutbrocht yn har heite joadske religy, al wie se strikt nommen (neffens de regels fan it joadendom sels, dy't soks inkeld fia de mem rekkenje) gjin joadinne. Doe't se tolve jier wie, naam se op eigen manneboet de bynamme "Tawny" (likernôch: "Brúntsje") oan as de iennichste foarnamme dy't se tenei noch brûke woe.

Kitaen begûn har karriêre yn 'e iere 1980-er jierren as model. Se wie te sjen yn ferskate doedestiden bekende reklamespotsjes op 'e Amerikaanske tillefyzje, yn 't bysûnder foar Jack LaLanne's European Health Spas, in keatling fan welnesssintra. It ferskinen foar de kamera yn dy spotsjes ynspirearre Kitaen derta, sa skreau se yn jannewaris 2021 op Instagram, om aktrise wurde te wollen.

Yn dy snuorje stie Kitaen ek op 'e cover fan 'e EP Ratt (1983) en it album Out of the Cellar (1984) fan 'e glam metal-band Ratt, mei't se op dat stuit in relaasje hie mei de gitaris fan Ratt, Robbin Crosby. Kitaen wie ek te sjen yn 'e fideoclip fan it nûmer Back for More (1984) fan Ratt.

Har wurkpaad as aktrise sette Kitaen yn 1983 útein mei in lyts roltsje yn 'e tillefyzjefilm Malibu. It jiers dêrop spile se de haadrol yn 'e eroatysk tinte aventoerefilm The Perils of Gwendoline in the Land of the Yik-Yak. Ien fan har bekendste rollen hie se, ek yn 1984, yn 'e komeedzjefilm Bachelor Party (betsjutting: "frijfeintefeest"), as de breid fan in jonge Tom Hanks. Yn 1986 hie se fierders de haadrol yn 'e horrorfilm Witchboard.

Yn 1987 ferskynde Kitaen yn ferskate fideoclips foar nûmers fan 'e band Whitesnake, te witten: Still of the Night, Here I Go Again en Is This Love? Krektsa wie se letter te sjen yn noch twa oare fideoclips fan dyselde band: yn 1989 yn dy fan it nûmer Fool for Your Loving en yn 1990 yn dy foar it nûmer The Deeper the Love.

Oan 'e ein fan 'e 1980-er en it begjin fan 'e 1990-er jierren hie Kitaen gastrollen yn ferskate tillefyzjesearjes, wêrûnder de soapsearje Santa Barbara en de komeedzjesearjes Seinfeld en Married… with Children. Teffens hie se as Mona Loveland in fêste rol yn 'e komeedzjesearje The New WKRP in Cincinnati. Fan 1992 oant 1994 presintearre Kitaen mei Dave Coulier it home video-programma America's Funniest People.

Yn 1994 hie Kitaen ien fan har bekendste rollen as Deïaneira, de frou fan 'e Grykske held en healgod Herkules (spile troch Kevin Sorbo), yn 'e tillefyzjefilms Hercules and the Circle of Fire, Hercules in the Underworld en Hercules in the Maze of the Minotaur. Dy blieken sa populêr dat der in tillefyzjesearje fan makke waard, Hercules: The Legendary Journeys, wêryn't Kitaen fan 1995 oant 1997 in weromkearende rol as Deïaneira hie.

Nei de milenniumwiksel wie Kitaen mear yn realitytillefyzjeprogramma's te sjen. Sa wurke hja fan 2006 ôf mei oan The Surreal Life. Yn 2008 wie se te sjen wie yn Celebrity Rehab with Dr. Drew, wêryn't se fan har ferslaving oan medisinen besocht ôf te kommen. Yn 2017 ferskynde se yn Botched (oer plastyske sjirurzjy) om har boarste-ymplantaten ferwiderje te litten. Fierders hie Kitaen yn 2011 noch in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje CSI: Crime Scene Investigation.

Kitaen hie dysleksy.

Op 'e middelbere skoalle en dêrnei, yn 'e iere 1980-er jierren, hie Kitaen in relaasje mei Robbin Crosby, de gitarist fan 'e metalband Ratt. Dêrnei wie hja de mêtresse fan Amerikaansk fuotbalstjer en akteur O.J. Simpson yn in oerhuorrige ferhâlding dy't in ier lang duorre wylst Simpson doe troud wie mei Nicole Brown Simpson. Dat wie op dat stuit geheim, mar kaam oan it ljocht by it proses tsjin Simpson yn 1997 foar de moard op syn frou en har minner Ron Goldman.

Yn 1989 troude Kitaen mei David Coverdale, de sjonger fan 'e band Whitesnake, mar dat houlik einige yn 1991 yn in skieding. Neitiid krige se in relaasje mei honkballer Chuck Finley, mei wa't se yn 1997 wertroude. Mei him krige se twa dochters, Wynter (1993) en Raine (1998). Dit houlik rûn op 'e klippen nei't Finley yn 2002 oanjefte tsjin Kitaen die foar húslik geweld. De saak waard bûten de rjochtbank om skikt, wêrby't Kitaen tasei in kursus folgje te sillen foar dieders fan húslik geweld. Ek mocht se net mear besykje kontakt op te nimmen mei Finley.

Oanfarrings mei justysje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn novimber 2006 waard Kitaen by har thús yn San Juan Capistrano arrestearre foar it besit fan 15 g kokaïne. Se ûntrûn fannijs strafferfolging troch akkoart te gean mei in seis moannen duorjend rehabilitaasjeprogramma om fan har drugsferslaving ôf te kommen. Op 26 septimber 2009 waard Kitaen op 'e nij oppakt, diskear yn Newport Beach, foar riden ûnder ynfloed. Se bekende skuld en waard feroardiele ta twa dagen finzenisstraf, 64 oeren taakstraf en it folgjen fan in rehabilitaasjekursus. Op 22 july 2019 waard Kitaen wer yn Newport Beach oppakt foar riden ûnder ynfloed. Op 'e nij bekende se skuld, mar se ferstoar ear't de saak foarkomme koe.

Tawny Kitaen kaam op 7 maaie 2021 thús yn Newport Beach te ferstjerren. Se waard 59 jier. De deadsoarsaak wie net fuortendaliks dúdlik, en de plysje liet in ferklearring útgean om geroften de kop yn te drukken en dúdlik te meitsjen dat der gjin oanwizings fûn wiene dat it om in oerdoazis drugs gie. Yn oktober 2021 waard bekendmakke dat út 'e lykskôging bleken wie dat Kitaen stoarn wie oan dilatative kardiomyopaty, in gauris foarkommende foarm fan hertsykte. Der waard steld dat har ferslaving oan ferskate soarten medisinen, wêrûnder mirtazapine, alprazolam, acetaminophen, pregabaline en hydrocodone, oan har hertfalen bydroegen hie, mar net direkt ferantwurdlik foar har dea wie.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1983 Malibu faam fan Mahoney tillefyzjefilm
1985 California Girls Karen Malone tillefyzjefilm
1986–1987 Capitol Meredith Ross weromkearende rol
1987 Glory Years Melinda Murphy tillefyzjefilm
1989 Santa Barbara Lisa DiNapoli weromkearende rol fan 28 febrewaris oant en mei 21 july 1989
1989 Booker Skylar Samperton gastrol; ôfl. Someone Stole Lucille
1991 They Came from Outer Space Monica Bates gastrol; ôfl. Sex, Lies & UFOs: Part 2
1991 Veronica Clare ûnbekend gastrol; 1 ôfl.
1991 Seinfeld Isabel gastrol; ôfl. The Nose Job
1991–1993 The New WKRP in Cincinnati Mona Loveland fêste rol; 19 ôfl.
1992–1994 America's Funniest People n.f.t. as presintatrise
1992–1996 Eek! The Cat Annabelle as stimaktrise; fêste rol; 39 ôfl.
1994 Married... with Children Dominique ôfl. Shoeway to Heaven
1994 Hercules and the Circle of Fire Deïaneira tillefyzjefilm
1994 Hercules in the Underworld Deïaneira tillefyzjefilm
1994 Hercules in the Maze of the Minotaur Deïaneira tillefyzjefilm
1995 The Naked Truth harsels gastrol; ôfl. Real Life Henry Higgins Turns Dork into Duke!
1995 Burke's Law Rhonda Dooley gastrol; ôfl. Who Killed Cock-a-Doodle Dooley?
1995 Hercules: The Legendary Journeys Deïaneira weromkearende rol; ôfl. The Wrong Path, The Other Side
1997 Hercules: The Legendary Journeys Deïaneira weromkearende rol; ôfl. When a Man Loves a Woman
2006 The Surreal Life harsels realitytillefyzjeprogramma
2006 Behind the Music harsels dokumintêresearje; ôfl. Ratt
2008 Celebrity Rehab with Dr. Drew harsels realitytillefyzjeprogramma
2011 CSI: Crime Scene Investigation Lydia Kole gastrol; ôfl. Father of the Bride
2012 Life@Large Diane Kaplan websearje, minysearje
2017 Botched harsels realitytillefyzjesearje; ôfl. Boob Trains and Big Butts
films
1984 The Perils of Gwendoline in the Land of the Yik-Yak   Gwendoline
1984 Bachelor Party Debbie Thompson  
1986 Witchboard Linda Brewster
1986 Crystal Heart Alley Daniels
1986 Instant Justice Virginia
1987 Happy Hour Misty Roberts
1989 White Hot Vanessa
1993 Three of Hearts frou yn bar
1996 Playback Sara Burgess
1997 Dead Tides Nola
2011 Here We Go Again harsels koarte film
2014 After Midnight Rikki
2015 Come Simi Dee Dee
fideoclips
1984 Back for More fan Ratt
1987 Still of the Night fan Whitesnake
1987 Here I Go Again fan Whitesnake
1987 Is This Love? fan Whitesnake
1989 Fool for Your Loving fan Whitesnake
1990 The Deeper the Love fan Whitesnake

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.