Syrenaika
Syrenaika برقة (Barqaẗ) | ||
tradisjonele flagge fan Syrenaika | ||
polityk | ||
soarte gebiet | lânstreek | |
lân | Lybje | |
haadplak | Bengazy | |
grutste plak | Bengazy | |
sifers | ||
ynwennertal | 1.613.749 (2006) | |
oerflak | 855.370 km² | |
befolkingstichtens | 1,9 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC+1 |
Syrenaika (Arabysk: برقة, Barqah; sekuerdere transliteraasje: Barqaẗ) is ien fan 'e trije histoaryske lânsdielen fan 'e Noardafrikaanske steat Lybje. De namme komt fan it Aldgrykske Κυρηναϊκή, Kyrinaikí, it gebiet om 'e stêd Syrene (Κυρηναι, Kyrinai) hinne. Yn 'e Aldheid stie dizze kontrei ek wol bekend as de Pentapolis (it "Fiifstêdelân"). Syrenaika omfiemet it eastlike diel fan Lybje, mei as haadstêd Bengazy, de twadde stêd fan it lân. Hoewol't it gebiet yn 1963 syn status fan provinsje ferlear, wurdt der yn it Lybje fan nei de fal fan it Kadaffi-rezjym krewearre foar autonomy foar Syrenaika.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syrenaika omfiemet in gebiet fan rom 855.000 km², dat rûchwei it eastlike twatrêde part fan Lybje útmakket. Dêrta heart ek de Middellânske-Seekust fanôf de Egyptyske grins yn it easten oant it súdlikste punt fan 'e Golf fan Sirte ta. Yn it easten grinzget Syrenaika oan Egypte; yn it súdeasten oan Sûdaan; yn it suden oan Tsjaad, yn it súdwesten oan 'e Fezzan, dy't it súdwestlike part fan Lybje beslacht; en yn it westen oan Tripolitaanje, dat it noardwestlike diel fan Lybje omfettet. Syrenaika bestiet foar it oergrutte part út woastyn, al binne der yn 'e neite fan 'e kust ek griene bergen en sels wâldlân. De befolking fan it gebiet kloftet gear in smelle stripe by de noardkust lâns en yn ferskate lytse oäzen yn it hert fan 'e Sahara, wêrfan't Audjila de grutste is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierst bekende bewenners fan Syrenaika wiene de Berbers, fan wa't in grut part fan 'e tsjintwurdige befolking foar in diel ôfstammet. Yn 'e sânde iuw f.Kr. waard de noardkust fan Syrenaika kolonisearre troch de Griken, dy't der ferskate stêden oanleine, mei as grutste en wichtichste Syrene (stifte yn 631 f.Kr.), dêr't it hiele gebiet úteinlik nei ferneamd waard. Yn 't earstoan wie trouwens de beneaming Pentapolis, "Fiifstêdelân", gebrûkliker. Dy namme sloech op Syrene, Arsinoë (of Tokra), Euesperides (of Berenice), Balagrae en Barke. Yn 'e Aldheid, doe't de Sahara noch lang safier net optein wie as tsjintwurdich, wie noardlik Syrenaika in ryk lânbougebiet, dat bekend stie om syn produksje fan koarn, weet, oliifoalje, wyn, figen, apels, wol, skieppefleis en kowefleis. It ûntjoech him ta ien fan 'e grutte yntellektuële en artistike sintra fan 'e Grykske wrâld en waard ferneamd om syn medyske skoalle, syn learde akademys en syn arsjitektuer.
De Perzen namen Syrenaika yn 525 f.Kr. yn, en yn 332 f.Kr. kaam it gebiet by it ryk fan Aleksander de Grutte te hearren, oan wa't de Syreenske stêden skatting brochten nei't er Egypte ferovere hie. Nei Aleksander syn dea waard it gebiet anneksearre troch de Ptolemidyske dynasty, dy't it doe yn Egypte foar it sizzen krige. It wie koarte tiid ûnôfhinklik ûnder Magas fan Syrene, de styfsoan fan Ptoleméus I, mar kaam nei dy syn dea wer by Egypte te hearren. Uteinlik waard it dêr op 'e nij fan losmakke troch Ptoleméus VIII, dy't it oan syn soan Ptoleméus Apion joech. Dyselde fermakke it yn 96 f.Kr., doe't er sûnder neikommelingen op syn stjerbêd lei, oan 'e Romeinske Republyk.
It is net mear te efterheljen wannear't dat krekt sa regele waard, mar tsjin 78 f.Kr. hiene de Romeinen Syrenaika gearfoege mei it eilân Kreta ta de provinsje Kreta en Syrenaika. Yn 20 f.Kr. krige it gebiet de status fan in senatoriale provinsje. As ûnderdiel fan 'e bestjoerlike herfoarmings fan keizer Diokletianus waard Syrenaika yn 296 losmakke fan Kreta en yn twa aparte provinsjes ferdield: Libia Superior (Grut-Lybje), dat it westen besloech, en Libia Inferior (Lyts-Lybje), dat it eastlike part omfieme. Oan it begjin fan 'e sechsde iuw hearde Syrenaika koart ta it ryk fan 'e Fandalen, mar yn 533 waard it werovere en kaam it by it Eastromeinske of Byzantynske Ryk te hearren.
Yn 643/644 waard Syrenaika oermastere troch de Arabieren, dy't it by harren Islamityske Ryk foegen en it Barqah neamden, nei de stêd dy't hja as haadplak fan it gebiet oanwiisden, it âlde Barke. Iuwenlang foel it dêrnei ûnder it bewâld fan efterinoar de dynastyen fan 'e Omajaden en de Abbasiden. De Fatimiden, dat oarspronklik fazallen fan 'e Abbasiden west hiene, kamen yn 'e tsiende iuw yn opstân en fêstigen in eigen kalifaat, dat him útstriek fan Syrje oant Tuneezje. Letter hearde Syrenaika by de Ajûbidyske en Mamelûkske sultanaten fan Egypte, oant it yn 1517 anneksearre waard troch it Osmaanske Ryk. Dêrbinnen foarme it ûnderdiel fan 'e Osmaanske vilayet fan Tripolitaanje, dat eins in foarrinner fan ít moderne Lybje wie.
It Osmaanske bewâld duorre oant de Italjaansk-Osmaanske Oarloch fan 1911-1912, wêrby't de Italjanen û.m. Syrenaika en Tripolitaanje feroveren. Dêrnei wie Syrenaika fan 1912 oant 1919 in Italjaansk protektoraat, en dêrnei in Italjaanske koloanje. Yn 1920 joegen de Italjanen de titel fan emir oan Idris as-Sanusi, de ynfloedrike lieder fan 'e Sanusi-stam, mar doe't dy him wat al te selsstannich begûn op te stellen, waard syn titel yn 1929 ynlutsen. Yn 1934 waard Syrenaika gearfoege mei Tripolitaaje en de Fezzan ta de koloanje fan Italjaansk Lybje.
Under de begjinjierren fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard der yn Syrenaika fûleindich fochten, earst tusken de Britten en de Italjanen en letter tusken de Alliëarden en it Dútske Afrikakorps fan fjildmaarskalk Erwin Rommel. Ien fan 'e bekendste slaggen yn Noard-Afrika, de Slach om Tobruk, fûn yn Syrenaika plak. Ein 1942 waard it gebiet lykwols foargoed ferovere troch de Alliëarden. Nei de oarloch joech Itaalje yn 1947 formeel syn oanspraken op Lybje op. Yn 1949 waard Idris as-Sanusi mei stipe fan 'e Britten jitris op 'e troan brocht as emir fan Syrenaika, dat doe in ûnôfhinklike steat waard. De selsstannigens duorre lykwols net lang, want al yn 1951 waard it gebiet wer by de rest fan Lybje foege, dat doe in ûnôfhinklik keninkryk waard mei emir Idris as kening.
Yn 1959, doe't de âlde kening foar medyske soarch yn it bûtenlân ferkearde, fûn der yn Lybje in bloedleaze steatsgreep plak, dy't in obskuere legerofsier oan 'e macht brocht mei de namme Muammar Kadaffi. Binnen it keninkryk Lybje, en dêrnei ek noch in hoart, behold Syrenaika syn status fan provinsje, oant it Libyske steatsbestel yn 1963 yngeand reorganisearre waard en de provinsjes ferfongen waarden troch lytsere gûverneminten. Under de diktatuer fan Kadaffi fûnen der yn Syrenaika, folle mear as yn oare dielen fan Lybje, út en troch dieden fan ferset plak, mei as hichtepunt in militêre opstân yn Tobruk, yn 1980. Yn 2011, doe't de Libyske befolking yn it ramt fan 'e bredere Arabyske Maityd yn opstân kaam tsjin Kadaffi, begûn de rebûlje ek wer yn Syrenaika, dêr't it spul him wei fersprate nei oare dielen fan it lân. Nei de fal fan Kadaffi giene yn Syrenaika, dat him binnen Lybje altyd eftersteld field hat, stimmen op foar autonomy. It nije demokratysk keazen regear fan it lân hat besocht dêr it near op te lizzen, mar dat is oant op 't heden (mids 2014) noch net slagge.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As gehiel nommen is Syrenaika in tige tinbefolke gebiet; allinnich in relatyf smelle stripe lân by de súdlike Middellânske-Seekust lâns en guon fersprate oäzen yn 'e woastyn binne tichtbefolke. De grutste stêd en it regionale haadplak is de havenstêd Bengazy. Yn 2006 hie Syrenaika goed 1,6 miljoen ynwenners, wat delkomt op 29% fan 'e Libyske befolking. Yn etnysk opsjoch is de Syreenske befolking foar it meastepart fan Arabysk of mingd Arabysk-Berbersk komôf. De deistige omgongstaal is foar it grutste part fan 'e befolking it Syreensk-Arabysk. Yn 'e grutte oäze Awjilah wurdt in Berberske minderheidstaal sprutsen, it Audjilysk.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|