Springe nei ynhâld

Svartálfr

Ut Wikipedy

In svartálfr (Aldnoarsk foar "swarte elf" of "dûnkere elf"; meartal: svartálfar), ek in myrkálfr neamd ("tsjustere elf"; meartal: myrkálfar), is in mytysk wêzen út 'e Noardgermaanske mytology, dat nettsjinsteande de namme in soarte fan dwerch is, en gjin elf. Svartálfar libje yn Svartálfheimr (letterlik: "it thús fan 'e svartálfar"). Sawol de svartálfar as Svartálfheimr wurde neamd yn 'e Proaza-Edda, dy't yn 'e trettjinde iuw skreaun waard troch de Iislânske skald Snorri Sturluson. Saakkundigen op dit mêd hawwe opmurken dat svartálfar frijwol synonym lykje te wêzen mei dwergen en mooglik ek mei de dökkálfar ("dûnkere elven"). As svartálfar wier in synonym foar dwergen is, kin Svartálfheimr mooglik in oare namme wêze foar Niðavellir (de "Dûnkere Fjilden").

Yn 'e Proaza-Edda wurde svartálfar foarsteld as knaphandige makkers fan magyske artefakten. Se binne net echt kweadaardich, mar wol grutsk, koppich, deun en folslein ûnmeilydsum, wat mei-inoar faak min ofte mear op itselde delkomt. Se hâlde altyd wurd, en ferwachtsje fan oaren dat dy dat ek dogge. As immen in ûnthjit brekt dat er oan in svartálfr dien hat, dan bringt er himsels yn 'e grutste swierrichheden. Harren thúswrâld Svartálfheimr wurdt yn 'e Proaza-Edda twaris neamd, beide kearen as it plak dêr't in beskate svartálfr wennet. Yn Gylfaginning 33 is it it plak dêr't de goaden hinne geane as se de svartálfar freegje wolle en meitsje foar harren de klúster Gleipnir om 'e wolf Fenrir mei te boeien. En in Skáldskarparmál 39 is it it plak dêr't de god Loki de svartálfr Andvari moetet. In oare bekende passsaazje oer svartálfar stiet yn Skáldskaparmál 35, dêr't Loki de soannen fan Ivaldi ynhiert om in nije hierdos fan goud te meitsjen foar Thor syn oarehelte Sif, nei't er har echte hier by wize fan grap ôfskeard hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.