Springe nei ynhâld

Strovolos

Ut Wikipedy
Strovolos
Στρόβολος
Ald Strovolos
Ald Strovolos
Emblemen
Polityk
Lân Syprus
Distrikt Nikosia
Sifers
Ynwennertal 71.123 (2021)
Oerflak 25 km²
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 35° 08' N 33° 20' E
Lokaasje Strovolos yn it distrikt Nikosia.
Lokaasje Strovolos yn it distrikt Nikosia.
Offisjele webside
www.strovolos.org.cy
Kaart
Strovolos (Syprus)
Strovolos

Strovolos (Gryksk: Στρόβολος; Turksk: Strovolos; Armeensk: Ստրովոլոս) is in stêd en gemeente yn it distrikt Nikosia. Mei in befolking fan goed 71.000 (2021) is it op Limassol nei de meast befolke gemeente op Syprus en it is de meast befolke gemeente fan it distrikt Nikosia. De gemeente waard yn 1986 oprjochte. Yn Strovolos stiet it haadkantoar fan 'e Bank of Cyprus, de grutste Syprioatyske bank.

Strovolos is in stêd fan 25 m² ferdield oer seis parochy's: Agios Chryseleousa, Agios Demetrios, Apostel Varnavas en Agios Makarios, Agios Vasilios, Nasjonale Marler Kyprianos en Stavros.

De rivier de Pedieos streamt troch de stêd nei it westen en Strovolos grinzget yn it easten oan it Athalassa National Forest Park.

Oer de oarsprong fan 'e namme besteane ferskillende ferzjes. De meast foarkommende ferzjes stelle út dat de namme fan 'e âlde namme foar de pynbeam stamt, dy't yn it gebiet groeid en strovilos neamd waard of dat de namme stamt fan 'e twirrewinen, dy't yn it gebiet ûntsteane.

Der binne al sûnt de midsiuwen ferwizings nei Strovolos of Strovilos, lykas fan 'e bekende midsiuwske kronykskriuwer Leontios Makhairas en wat letter fan Florius Boustronius. Neffens dy boarnen wie Strovolos ûnder it Frankyske bewâld in keninklik gebiet. Yn 'e tiid fan 'e Ottomaanske besetting wie Strovolos mar in lyts boeredoarp. Ut dy tiid binne hjoed-de-dei noch in pear gebouwen bewarre bleaun.

Nei de Turkske ynfal fan 1974 waard Strovolos troch de grutte stream flechtlingen út it noarden wat it hjoed-de-dei is.

Yn 1756 waard de lettere aartsbiskop Kyprianos yn Strovolos berne. Noch foardat de revolúsje yn Grikelân yn 1821 útbriek, krewearre de aartsbiskop tige foar it behâld fan 'e Grykske identiteit en it kristlike leauwe. Op 9 july 1821 hongen de Turken him tagelyk mei oare geastliken fan it eilân op.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is foar in grut part in oerseting fan de:Strovolos.