Springe nei ynhâld

Stasjon Utert-Sintraal

Ut Wikipedy
Stasjon Utert-Sintraal
station Utrecht Centraal
Stasjon Utert-Sintraal yn 2017
Stasjon Utert-Sintraal yn 2017
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
plak Utert
adres Stationshal 305
koördinaten 52° 5' 21" NB, 5° 6' 35" EL
arsjitektuer
stasjonskoade Ut
type Trochgongsstasjon
iepening 18 desimber 1843
boujier 1843 1e stasjonsgebou
1939 2e stasjonsgebou
1974 3e stasjonsgebou
2012 4e stasjonsgebou
sloopjier 1938 1e stasjonsgebou
1975 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1843
ûnbekende ûntwerper
1e stasjonsgebou
1939
S. van Ravesteyn
2e stasjonsgebou
1974
K. van der Gaast
3e stasjonsgebou
2012
Benthem en Crouwel
4e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 8
perronspoaren 16
spoarline Sintraalspoarwei
Rhijnspoarwei
Steatsline H
Utert-Rotterdam
stedsbus Utertsk busnet
tramline flugge tram
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Utert-Sintraal (Utert-Binnenstêd)
Stasjon Utert-Sintraal
It stasjonshal fan de earste ferdjipping ôf sjoen
Yngong fan de Jierbeurs ôf
Undergrûnske tramhalte oan de eastkant (iepene yn 2019)

It Stasjon Utert-Sintraal (Ut) (Nederlânsk: Station Utrecht Centraal as ek wol Utrecht Centraal) is it sintraal stasjon fan de Nederlânske stêd Utert, de haadstêd fan de provinsje Utert. It stasjon is it knooppunt fan de Nederlânske spoarwegen en dêrom ek it grutste en drokste stasjon fan Nederlân mei mear as 200.000 passazjiers deis en likernôch 1.000 treinôfreizgings.[1] It busstasjon leit njonken it treinstasjon en is ek it grutste en drokste busstasjon fan Nederlân. It stasjon hat 16 perronspoaren, dus trochgongspoaren en 4 kopspoaren, dus it einpunt.

It stasjon leit westlik fan de Utertske binnenstêd. It stasjon betsjinne yn 2019 207.360 passazjiers deis. Mei in 57 miljoen reizgers jiers is it stasjon it drokste fan Nederlân. Tichteby it stasjon binne de Haadgebouwen I, II, III (De Inktpot) en IV fan de Nederlânske Spoarwegen en ProRail. It stasjon waard oant desimber 2016 yngeand ferboud en útwreide ta OV-terminal. De spoaren wurde yn it midden oerdutsen troch de grutte stasjonshal dêrboppe. De spoaren 4 en 5 wurde foar in part oerdutsen troch de Katreinetoren en it rayongebou fan NS-Reizgers (Laag Katreine). De kopspoaren 1 oant en mei 3 wurde oerdutsen troch it Paviljoen, dêr't hoareka yn fêstige is en eigendom is fan de eigener fan Hoog Catharijne

It earste treinstasjon iepene dêre op 18 desimber 1843 doe't de Nederlandsche Rhijnspoorweg-Maatschappij it earste stasjon fan Utert iepene. Yn 1938 waard it stasjon in sintraal stasjon doe't it Stasjon Maliebaan oan oare kant de stêd ticht gie en de spoarline fan Hilfertsom nei it sintraal stasjon laat waard. It oarspronklike stasjonsgebou fan 1865 waard yn 1936 yngeand ferboud. Twa jier letter rekke it stasjon slim skeind troch in brân, dochs waard weropboud.

It stasjonsgebou waard yn de 1970-er jierren sloopt om plak te meitsjen foar Hoog Catharijne, dy't doe it grutste oerdutsen winkelsintrum fan Jeropa wie. Dy waard op 17 desimber 1973 iepene. Fan dat stuit ôf hie it stasjon gjin eigen yngong mear, mar moasten passazjiers troch it winkelsintrum hinne om yn it stasjon te kommen. Yn 1989 waard de stasjonshal fergrutte. Yn 1995 waard de stasjonshal fannijs fergrutte mei de bou fan in nij perron.

Tusken 2011 en 2016 waard it gânse stasjonsgebiet fannijs alhiel op 'e kop helle. De stasjonshal waard ferfongen troch in nijenien dy't folle grutter is, dêr't njonken it treinstasjon ek de bus- en tramstasjons oerdutsen waarden. It nije ûntwerp mei in bûgd dak waard ûntwurpen troch Benthem Crouwel Architekten. It dak hat trije bûgings: ien gruttenien yn it midden foar it treinstasjon en twa lytseren foar de bus- en tramstasjons oan wjerskanten. Nije oerdekkings waarden foar alle perrons boud en it stasjon waard skaat fan Hoog Catharijne.

Tram- en busstasjons

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In lightrail-tsjinst mei in flugge tram sette yn 1983 útein yn Utert mei tsjinsten nei Nieuwegein en Iselstein, de "SUNIJ-line". De tramhalte op Utert-Sintraal wie ynearsten oan de eastkant fan it stasjon. By it ferbouwen fan it stasjonsgebiet waard de tramhalte ferfongen troch in tydlike halte oan it Jierbeursplein oan de westkant fan it stasjon. Dy tydlike halte hie trije spoaren.

Yn july 2016 waard it busstasjon oan de eastkant ek ferpleatst nei de kant fan de jierbeurs. Dat makke it plak oan de eastkant frij foar it bouwen fan in nije bus-en tramstasjon Centrumzijde (oan de kant fan it sintrum), allyk foar it bouwen fan in nij tramspoar nei de Uithof, in nij stasjonsplein, in nije fytsestalling en de Moreelse-brêge.

Op 9 desimber 2019 waard it bus- en tramstasjon oan de eastkant Centrumzijde iepene. It is fêstige yn it haadgebou oan de eastkant fan it spoarstasjon, en kin berikt wurde út it haadgebou wei. Op 16 desimber 2019 waard de Uithofline iepene, dy't fan de Centrumzijde nei de Uithof yn it easten fan de stêd rint.

Op 4 july 2020 waard de SUNIJ-line tydlik sletten om it Jierbeursplein op te kaltefaterjen. Nije perrons dêrfan waarden njonken de trochgongspoaren boud. Op 3 jannewaris 2021 waard it tramstasjon oan it Jierbeursplein iepene. De nije perrons waarden ûndergrûns boud. Op 2 july 2022 waard de ûndergrûnske trochgong fan it stasjon oan it Jierbeursplein nei Centrumzijde iepene, sa't der net mear 500 meter rûn hoegd te wurden fan de iene kant nei de oare kant. Trams kinne no fan Nieuwegein en Iselstein ûnder it Sintraal Stasjon nei de Uithof ta ride.

It stasjon hat acht perrons en sechtjin perronspoaren, dêr't der fjouwer kopspoaren fan binne. Fansiden de treinperrons binne der twa grutte busperrons oan de kant fan de Jierbeurs. Oan de kant fan it sintrum (Centrumzijde) is in bus-tramstasjon ûnderferparte yn in busperron en twa tramperrons. De stasjonshal is boppe de spoaren. Oan de eastkant fan de hal einiget oan in ferhege stasjonsplein dêr't ek de haadyngong fan winkelsintrum Hoog Catharijne is en einiget oan de kant fan de Jierbeurs (westlik) oan in plato dêr't de yngong fan it stedskantoar is en yn sydtagong ta it Beatrixgebouw fan de Jierbeurs en de haadtagong ta ien fan de WTC's fan Utert. It plato giet dêrnei oer yn in nust treppen nei it Jierbeursplein, in hotel en ferskate kantoaren.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynternasjonale, nasjonale en pleatslike treintsjinsten brûke it stasjon. It opmerklikste is dy fan de Intercity-Express en NightJet-treinen nei Dútslân, Switserlân en Eastenryk, de nasjonale intercity-tsjinsten nei alle parten fan Nederlân, en de pleatslike Sprinter-tsjinsten dy't nei plakken yn de omkriten fan Utert. Frachtferfier komt ek by it stasjon del, sa as de rûte Amsterdam - Betuwerûte - Ruhrgebiet, en de rûte Antwerpen - Noard-Dútslân.

De folgjende passazjierstsjinsten dogge Utert-Sintraal oan, mei in trochsneed fan 70 ôfreizgings deis (skema fan 2023):

Ynternasjonale treinen
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
100
ICE 43
Intercity-Express
(NS International)
Amsterdam SintraalUtert SintraalArnhim SintraalOberhausen HbfDuisburg HbfDüsseldorf Hbf / Hannover HbfMindenHerfordBielefeld Hbfütersloh HbfHammHagen HbfWuppertal HbfKöln HbfSiegburg/BonnFrankfurt am Main Flughafen FernbahnhofMannheim HbfKarlsruhe HbfOffenburgFreiburg (Breisgau) HbfBasel Bad BhfBasel SBB Ien kear deis tusken Amsterdam en Basel.
120/220
ICE 78
Intercity-Express
(NS International)
Amsterdam SintraalUtert SintraalArnhim SintraalOberhausen HbfDuisburg HbfDüsseldorf HbfKöln HbfFrankfurt am Main Flughafen FernbahnhofFrankfurt am Main Hbf Ien kear deis tusken Amsterdam en Basel.
400 ÖBB Nightjet (ÖBB) Amsterdam SintraalUtert SintraalArnhim SintraalInnsbruck Hbf / Wenen Hbf / Zürich HB
Intercity's
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
500 Intercity (NS) Rotterdam SintraalUtert-SintraalAmersfoart SintraalSwolAssenGrins In healoeretsjinst mei searjes 600 en 700.
600 Intercity (NS) LjouwertMeppelSwolAmersfoart SintraalUtert-SintraalRotterdam Sintraal In healoeretsjinst mei searjes 500 en 1800.
800 Intercity (NS) MaastrichtSittardRoermondWeertEindhoven SintraalDe BoskUtert-SintraalAmsterdam SintraalAlkmarDe Helder Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan em nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.
1700 Intercity (NS) De Haach SintraalGoudaUtert-SintraalAmersfoart SintraalApeldoarnDimterAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
11700 Intercity (NS) Amersfoart SchothorstAmersfoart SintraalUtert-SintraalGoudaDe Haach Sintraal
2000 Intercity (NS) De Haach SintraalGoudaUtert-Sintraal
2800 Intercity (NS) Rotterdam SintraalGoudaUtert-Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei.
2900 Intercity (NS) InkhuzenHoarnAmsterdam SintraalUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalWeertRoermondSittardMaastricht Rydt allinne yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren.
3000 Intercity (NS) NimwegenArnhim SintraalEde-WageningenVeenendaal-De KlompDriebergen-ZeistUtert-SintraalAmsterdam SintraalSaandamAlkmarDe Helder Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.
3100 Intercity (NS) Skiphol AirportUtert-SintraalVeenendaal-De KlompEde-WageningenArnhim SintraalNimwegen
3200 Intercity (NS) Arnhim SintraalEde-WageningenUtert-SintraalAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei.
3500 Intercity (NS) Skiphol AirportUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700.
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
3900 Intercity (NS) InkhuzenHoarnAmsterdam SintraalUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalWeertRoermondSittardHeerlen Rydt op freed o/m snein oant 18:00 oere net tusken Amsterdam Sintraal en Heerlen. Tusken Eindhoven Sintraal en Heerlen rydt dan de 13900. Wurdt yn de jûnsoeren ferfongen troch searje 2900.
8800 Intercity (NS) Leien SintraalAlfen oan de RynWoerdenUtert-Sintraal
Sprinters
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
4900 Sprinter (NS) Utert-SintraalHilfertsomAlmere Sintrum Stoppet net op Hollandsche Rading, Hilfertsom Media Park en Bussum Súd. Rydt yn 'e betide moarn, jûns nei 20:00 en yn it wykein as 14900.
14900 Sprinter (NS) Almere SintrumHilfertsomUtert-Sintraal Rydt allinne jûns en yn it wykein. Stoppet net op Bussum Súd en Hilfertsom Media Park. Wurdt troch de wike oerdeis riden troch searje 4900.
5500 Sprinter (NS) Utert-SintraalDen DolderBaarn Rydt jûns en yn it wykein 1 x yn 'e oere.
5600 Sprinter (NS) Utert-SintraalAmersfoart SintraalSwol
5700 Sprinter (NS) Utert-SintraalHilfertsomWeespAmsterdam SúdSkiphol AirportHoofddorp
6000 Sprinter (NS) Utert-SintraalGeldermalsen De Bosk
6900 Sprinter (NS) De Haach SintraalGoudaUtert-SintraalGeldermalsenTiel
7300 Sprinter (NS) BreukelenUtert-SintraalDriebergen-ZeistVeenendaal SintrumRhenen
7400 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalBreukelenUtert-SintraalDriebergen-Zeist
8900 Sprinter (NS) Leien SintraalAlfen oan de RynWoerdenUtert-Sintraal Rydt net jûns nei 20:00, freed en yn it wykein; Rydet yn in brede spits de hiele rûte.
14000 Sprinter (NS) Utert-SintraalGoudaRotterdam Sintraal
28300 Sprinter (NS) Utert-SintraalUtert Maliebaan Trein nei it Spoarweimuseum, allinnich as dat iepen is (net op moandei, útsein yn de skoalfakânsjes)
Nachttreinen
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
1400 Nachtnet Intercity
(NS)
Utert-SintraalAmsterdam Bijlmer ArenAAmsterdam SintraalSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftRotterdam Sintraal De treinsearje 21400 foar de trajektferlingingen Rotterdam Sintraal - Eindhoven Sintraal en Utert Sintraal - Eindhoven ride allinnich yn freed en sneon te nacht. Yn it earste part fan woansdei en tongersdei te nacht stoppet de trein yn Gouda yn plak fan Delft op. Dêrneist wurde bussen ynset op it trajekt Rotterdam Sintraal - Delft – De Haach HS.
21400 Nachtnet Intercity (NS) Rotterdam SintraalEindhoven SintraalUtert-Sintraal Alinne freedtenachts
22400 Nachtnet Intercity (NS) Utert-SintraalAmersfoart Sintraal Alinne freedtenachts
23400 Nachtnet Intercity (NS) Utert-SintraalDriebergen ZeistVeenendaal-De KlompEde-WageningenArnhim SintraalElstNimwegen Alinne freedtenachts en sneontenachts, stoppet richting Utert-Sintraal net op Veenendaal-De Klomp en Driebergen Zeist.
32700 Nachttrein (Arriva)[2] MaastrichtSittardRoermondWeertEindhoven SintraalDe BoskUtert-SintraalSkiphol Airport Alinne freedtenachts

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Parten fan dizze side binne oernommen fan de Ingelsktalige side, sjoch foar boarnen en de bewurkingsskiednis op dizze side.