Stasjon Amsterdam Amstel
Stasjon Amsterdam Amstel station Amsterdam Amstel | ||
Stasjon Amsterdam Amstel yn 2004 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Amsterdam | |
plak | Amsterdam | |
adres | Julianaplein 1a | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Asa | |
iepening | 15 oktober 1939 | |
boujier | 1939 | |
arsjitekt | H.G.J. Schelling | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 526988 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Rhijnspoarwei | |
metroline | 51 53 54 | |
tramline | 12 | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Amsterdam Amstel (Asa) is ien fan de spoarstasjons yn de Nederlânske stêd Amsterdam, yn de provinsje Noard-Hollân. It waard iepene yn 1939 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It waard yn gebrûk naam op 15 oktober 1939. It stasjonsgebou is in ûntwerp fan arsjitekt Schelling. It stasjon hat trije nivo’s en trije skieden plein dielen. Op it leechste nivo binne de tramhaltes. Dêrwei liedt in brede tunnel ûnder it Julianaplein troch nei de trep nei de grutte stasjonshal. De stasjonshal stiet leadrjocht op de spoarline. De twa oare tagongen binne oan wjerskanten fan it gebou. De noardkant biedt tagong út de binnenstêd wei, de parkearplakken foar taksy's en parkearfakken foar heljen en bringen fan reigers "Tút en derút". Boppe dizze grutte tagong is in brede luifel oanbrocht. It busstasjon is besuden it stasjonsgebou. Oan dizze kant sit in lange smelle luifel fan sa'n fyftich meter boppe de bus halten. Op de kopse kanten fan de stasjonshal binne muorreskilderingen te sjen. Dêr't ôfbyldingen op te sjen binne yn it ramt fan de fiering fan 100 jier spoarwegen yn Nederlân, wat tagelyk mei de iepening fan it stasjon foel, de wrâldwide betsjutting fan de spoarwegen en de technyske foarútgong derfan. De skilderling op de westlike muorre toant it moderne treinferkear. De eastlike muorre stiet yn it teken fan de ûntwikkeling fan de earste stoomlokomotyf oant it moderne materieel. De grutte rúten soargje foar in soad deiljocht yn it stasjonsgebou.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
800 | Intercity (NS) | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert Sintraal – Amsterdam Amstel – Amsterdam Sintraal – Alkmar – De Helder | Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan en nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900. |
2900 | Intercity (NS) | Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Amstel – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – Maastricht | Rydt allinne yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren. |
3000 | Intercity (NS) | Nimwegen – Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Veenendaal-De Klomp – Driebergen-Zeist – Utert Sintraal – Amsterdam Amstel – Amsterdam Sintraal – Saandam – Alkmar – De Helder | Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje. |
3900 | Intercity (NS) | Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Amstel – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – Heerlen | Rydt op freed o/m snein oant 18:00 oere net tusken Amsterdam Sintraal en Heerlen. Tusken Eindhoven Sintraal en Heerlen rydt dan de 13900. Wurdt yn de jûnsoeren ferfongen troch searje 2900. |
4000 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Amstel – Breukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal | |
7400 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Amstel – Breukelen – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|