Spiegheltsjerke
Spiegheltsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Goaiske Marren | |
plak | Bussum | |
adres | Nieuwe 's-Gravelandseweg 34 | |
koördinaten | 52° 16'N 5° 9'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Theo Rueter | |
boujier | 1924 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 513251 | |
Webside | ||
www.spieghelkerk.nl | ||
Kaart | ||
De Spiegheltsjerke is in tsjerkegebou yn 'e wyk 'het Spieghel', yn it Noard-Hollânse plak Bussum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke wie in ynisjatyf fan de Bussumske evangeliste Suzanna Maria van Woensel Kooy en is ûntwurpen troch Theo Rueter, de arsjitekt fan famylje Van Woensel Kooy. De opdrachtjouwer wie de Vereeniging tot Evangelisatie yn Bussum. Rueter ûntwurp de tsjerke yn in styl, dy't rekkene wurd ta de iere Amsterdamske Skoalle. De tsjerke waard yn 1925 iepene.
Yn 2006 waard de toer restaurearre. Yn 1978 kaam der in Verschueren-oargel as ferfanging fan it oargel út 1930.
De toersklok wie oarspronklik bedoeld foar prinsesse Beatrix, mar kaam yn de Spiegheltsjerke te hingjen doe't bliken die dat de inisjalen fan de prinsesse yn spegelbyld op de klok setten wienen.
Funksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanwegen de kultuer-histoaryske wearde en de byldbepalende lokaasje krige de tsjerke de status fan ryksmonumint. It gebou wurdt as foarbyld beskôge fan it bouwen yn it ynterbellum en as foarbyld fan it wurk fan Rueter.
De tsjerke tsjinnet as tsjerkegebou foar de Spiegheltsjerkegemeente en de Gemeente Sion, dy't alle twa diel útmeitsje fan 'e protestantske gemeente fan Bussum.
Yn septimber 2017 waard in multyfunksjonele oanbou by de tsjerke iepene. Dy 'hûskeamer fan 't Spieghel' krige de namme "Spieghelhuys".
De tsjerke is de âldste fan 'e twa protestantske tsjerken yn Bussum. De oare is de Wilhelminatsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|