Springe nei ynhâld

Space Cowboys

Ut Wikipedy
Space Cowboys
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Clint Eastwood
produsint Clint Eastwood
Andrew Lazar
senario Ken Kaufman
Howard Klausner
kamerarezjy Jack N. Green
muzyk Lennie Niehaus
filmstudio Village Roadshow Pictures
Clipsal Films
Malpaso Productions
Mad Chance Productions
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Clint Eastwood
Tommy Lee Jones
byrollen Donald Sutherland
James Garner
Marcia Gay Harden
James Cromwell
William Devane
Loren Dean
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 4 augustus 2000
foarm langspylfilm
sjenre aventoere-rampefilm
taal Ingelsk
spyltiid 130 minuten
budget en resultaten
budget $60-65 miljoen
opbringst $128,9 miljoen

Space Cowboys is in Amerikaanske aventoere- en rampefilm út 2000 ûnder rezjy fan Clint Eastwood, mei yn 'e haadrollen hysels en Tommy Lee Jones. De titel betsjut "Romtecowboys", mei cowboys yn 'e betsjutting fan "rûchhouwers". It ferhaal giet oer fjouwer testpiloaten op jierren dy't troch ûnfoarsjoene omstannichheden dochs noch de kâns krije om as astronauten de romte yn te gean, eat dêr't se altyd al fan dreamd hawwe. In âlde Sovjet-satellyt driget nammentlik út syn baan te reitsjen, en de technology dêr't dy gebrûk fan makket is sa ferâldere dat jonge astronauten der net mei omgean kinne. Nettsjinsteande dat ûnreälistyske útgongspunt waard Space Cowboys troch de filmkritisy oer it algemien mei positive resinsjes ûnthelle. Yn 'e bioskopen wie de film ek kommersjeel súksesfol.

Yn 1958 fiere twa testpiloaten en aspirearjende astronauten fan 'e Amerikaanske Loftmacht, Frank Corvin en William "Hawk" Hawkins, in testflecht út fan in oanpaste Bell X-2. Hawk beslút, tsjin it advys fan Frank yn, om te besykjen it hichterekôr foar in flecht yn in fleanmasine te brekken. Hoewol't dat slagget, rekket it fleantúch oertrokken. De motor slacht ôf en wol net wer opstarte, en de beide mannen binne twongen om harren sjitstoel te brûken, wêrnei't se op in hier nei yn botsing komme mei in Boeing B-50 Superfortress dêr't harren navigator "Tank" Sullivan yn meifljocht. Se lânje oan in parasjute, wylst de Bell X-2 delstoart. Ienris feilich oan 'e grûn slacht Frank Hawk del, om't er harren testflecht ferprutst hat. De slaanderij wurdt opbrutsen troch de boardwurktúchkundige fan it team, Jerry O'Neill, dy't de beide piloaten oppikt. Werom op 'e fleanbasis moatte Frank en Hawk by harren befelfierend ofsier Bob Gerson op it matsje komme, dy't har beiden de mantel útfeecht. Dêrnei nimt er harren mei nei in parsekonferinsje, dêr't bekendmakke wurdt dat it Amerikaanske romtefeartprogramma fan no ôf oan útfierd wurde sil troch in nije boargerlike organisaasje, de NASA, en net mear troch de loftmacht. It plak as earste astronaut, dêr't Frank en Hawk sa op longerje, sil ynnommen wurde troch in sjimpansee. Fral Frank is dêr poerrazen oer.

Goed fjirtich jier letter hat Bob Gerson in liedingjaande funksje by de NASA. Yn it ramt fan 'e Amerikaansk-Russyske gearwurking nei de beëiniging fan 'e Kâlde Oarloch wurdt de NASA troch de Russyske generaal Vostov frege om 'e Ikon, in âlde kommunikaasjesatellyt út 'e tiid fan 'e Sovjet-Uny, te rêden. Dy is út syn baan om 'e Ierde rekke en sil oer 36 dagen de atmosfear binnenkomme om earne op 'e Ierde del te stoarten. Neffens Vostov is it foar de Russen in prestiizjekwestje dat de Ikon yn 'e romte bliuwt, om't it de earste Russyske kommunikaasjesatellyt wie. It probleem is lykwols dat de elektroanika folslein ferâldere is en net mear nei te kommen foar de hjoeddeistige generaasje technisy fan 'e NASA.

Haadtechnika Sara Holland ûntdekt dat it systeem fan 'e satellyt eins oarspronklik yn 1969 ûntwurpen wie foar it Amerikaanske Skylab en letter troch de KGB stellen is. De ûntwerper is sadwaande in Amerikaan: nimmen oars as Frank Corwin. Gerson, dy't nei fjritich jier noch altyd net mei Frank troch ien doar kin, stimt der mei tsjinnichheid mei yn om kontakt mei him op te nimmen. Frank heart raar fan it probleem op en wiist Gerson syn boadskippers earst gau it gat fan 'e doar. Mar nei't er der in skoftke oer neiprakkesearre hat, sjocht er syn kâns skoan om himsels en syn âlde team, dat de koadenamme 'Daedalus' hie, dochs noch de romte yn te krijen. Hy sjantearret Gerson om dermei yn te stimmen dat hysels, Hawk, Tank en Jerry op in misje nei Ikon gean kinne om 'e satellyt te reparearjen, of oars wegeret er syn meiwurking. Gerson, dy't mei de rêch tsjin 'e muorre stiet, giet akkoart op it betingst dat de fjouwer âlde knarren allegear troch de medyske keuring foar astronauten hinne komme. Eins is er lykwols fan doel om Frank-en-dy troch fjouwer jonge astronauten te ferfangen sadree't Frank dyselden leard hat wat der mei de satellyt barre moat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Frank hellet syn âlde maten wer byinoar: Hawk, dy't in pear jier lyn widner wurden is, wurket noch altyd as piloat, wylst Tank no predikant is en Jerry achtbanen ûntwerpt. Allegearre wolle se noch altyd de romte yn, dat Frank hoecht net botte lang te praten om harren oer te heljen. It wurdt lykwols noch in hiele toer om troch de medyske keuring te kommen. Frank en Hawk binne reedlik fit, mar Tank is te grou en Jerry, dy't seit dat er al net mear hurddraaft hat sûnt Nixon presidint wie (1972), hat boppedat minne eagen. Mei keunst en fleanwurk (en bedroch, wat de eachtest fan Jerry oangiet), witte se troch de keuring te kommen. Dêrnei begjinne de beide teams, dat fan 'e knarren en dat fan 'e jonkjes, njonken inoar te oefenjen foar de misje. Frank hâldt lykwols mei opsetsin dizenich wat der oan 'e satellyt dien wurde moat, om't er wol foar it ferstân hat dat Gerson him en syn team ferfange litte sil sadree't er dêr de kâns ta sjocht.

It docht bliken dat de jonge astronauten tefolle fertrouwe op 'e stipe fan kompjûters, wylst de âlden fan dagen it spul graach sels yn 'e hân hâlde en leaver hielendal gjin kompjûters derby hawwe. Underwilens leit Jerry it oan mei Anne Caruthers, harren keuringsdokter, wylst Hawk foarsichtich in relaasje begjint mei Sara Holland. Hoewol't Gerson de hiele misje eangstfallich geheim besiket te hâlden, lekt de boel al rillegau út. De media rûke in soppich ferhaal en smite har der boppe-op. Frank-en-dy moatte fraachpetearen dwaan en wurde sels útnûge foar it praatprogramma fan Jay Leno, op 'e Amerikaanske tillefyzje. It docht bliken dat de sympaty foar de krasse knarren de populariteit fan 'e NASA in mânske triuw yn 'e rêch jout, en dêrtroch kart it Amerikaanske Kongres foar it earst yn jierren in útwreiding fan it budget foar de romtefeartorganisaasje goed. Gerson syn plantsje kin dan net trochgean: him wurdt troch syn superieuren te ferstean jûn dat Frank-en-dy omreden fan public relations diel fan 'e misje útmeitsje moatte, sels as út 'e útkomsten fan 'e medyske keuring bliken docht dat Hawk oanhelle is mei terminale alfleisklierkanker en noch heechút acht moannen te libjen hat.

Om't flechtdirekteur Gene Davis oars wegeret tastimming te jaan foar de misje, set it kwartet feteranen mei de jonge astronauten Ethan Glance en Roger Hines as stipe ôf yn it romtefear Daedalus. Se fine de Ikon, mar as se it ding ynspektearje, docht bliken dat it net in kommunikaasjesattelyt is, mar feitliks in wapenplatfoarm mei seis kearnraketten. Dan moat Vostov wat opbychtsje dat Gerson al lang wist mar stilhâlde woe, nammentlik dat de Ikon in oerbliuwsel út 'e Kâlde Oarloch is, wêrmei't de Sovjet-Uny rjocht yngien is tsjin it Romteferdrach fan 1967. De raketten binne rjochte op seis grutte Amerikaanske stêden, en as de Ikon de atmosfear binnen komt en dêrmei alle kommunikaasje mei de satellyt ferlern giet, sil it kompjûterprogramma fan 'e Ikon derfan útgean dat dat komt troch in fijannige die fan 'e Feriene Steaten. Dêrop sil er de raketten ôffjurje. Dat wie de reden dat de Russen de satellyt tsjin eltse priis yn syn baan om 'e Ierde hâlde woene.

Wylst Frank en syn team mei de flechtlieding fan 'e NASA oerlizze oer wat se hjirmei oansille, pykt de arrogante jonge astronaut Ethan, dy't yn 't foar troch Gerson oer de sitewaasje ynljochte wie, út foar in romtewanneling. Hy fynt dat Frank net sa seure moat en gewoan de misje útfiere moat. Tsjin alle warskôgings fan Frank en syn team yn set er syn eigen ideeën troch, wêrmei't er in keatlingreäksje feroarsaket wêrby't it wapenplatfoarm op skerp set wurdt en de sydplaten ôfsmyt. De sydplaten reitsje it romtefear, dat earnstige skea oprint. Under mear de flechtkompjûter giet folslein nei gychem. De sinnepanielen fan 'e satellyt wurde ek ferneatige, mei as gefolch dat de Ikon noch flugger út syn baan falt. Sels wurdt Ethan bewusteleas huft as er rekke wurdt troch in stik romtepún. Yn it romtefear slacht de oare jonge astronaut, Roger, mei de holle earne tsjin oan en rint in harsenskodding op.

Wylst Tank en Jerry Roger fersoargje, geane Frank en Hawk op in romtewanneling nei de satellyt om dy mei de iennichst oerbleaune boosterraket wer in min ofte mear stabile baan te jaan. Dat slagget, mar wylst se Ethan opfandelje, beseffe se dat de satellyt troch de feroarsake skea no net mear te rêden is. It iennichste wat se dwaan kinne, is de motors fan 'e Ikon starte en de satellyt de iepen romte ynstjoere, by de Ierde wei. Dêrfoar moat lykwols ien fan harren mei om't de motors hânmjittich betsjinne wurde moatte, wat in wisse dea betsjut. Hawk easket dy put op, mei't er, neffens himsels, as widner mei alfleisklierkanker de logyske kar is. Hy sil de raketten ôffjurje as se fier genôch fan 'e Ierde ôf binne. Dêrnei hopet er mei it lege wapenplatfoarm de swiertekrêft fan 'e moanne te berikken, sadat er dêr lânje kin. It wie as jongemannen nammentlik altyd de dream fan Hawk en Frank om as astronaut nei de moanne te gean.

Frank, Tank en Jerry sette mei it skansearre romtefear koers nei de Ierde. Gene Davis en Sara Holland ornearje dat se de bêste kâns hawwe om te oerlibjen (hoewol likegoed noch mar 20%) as se de Daedalus foar de kust fan Floarida yn 'e Atlantyske Oseaan dumpe en sels oan parasjutes derút springe. Frank beslút lykwols en besykje om it tastel te lânjen by it John F. Kennedy Space Center op Cape Kennedy. Hy bonsjoeret de oaren derút, mar nei't Tank en Jerry de ferwûne Ethan en Roger oan parasjutes nei bûten ta smiten hawwe, beslute se by Frank te bliuwen. Tsjin alle ferwachtings yn wit Frank it romtefear mei folslein hânmjittige bestjoering te lânjen, wêrfoar't er in maneuver neibeart dy't Hawk by de training yn 'e flechtsimulator útfierd hie. Ienris oan 'e grûn diskusjearje de trije mannen ûnder it bekommen oer de fraach oft Hawk syn sin krigen hat en de moanne witten hat te berikken.

De film einiget as ûnder it lûd fan Frank Sinatra syn liet Fly Me to the Moon ynzoomd wurdt op it oerflak fan 'e moanne, dêr't tusken de brokstikken fan it wapenplatfoarm it romtepak fan Hawk leit, op 'e rêch, mei útsicht op 'e Ierde.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise            
kolonel Frank Corvin Clint Eastwood
kolonel William "Hawk" Hawkins Tommy Lee Jones


byrollen
personaazje              akteur/aktrise
kaptein Jerry O'Neill Donald Sutherland
kaptein "Tank" Sullivan James Garner
Sara Holland Marcia Gay Harden
Bob Gerson James Cromwell
Gene Davis William Devane
Ethan Glance Loren Dean
Roger Hines Courtney B. Vance
generaal Vostov Rade Šerbedžija
Barbara Corvin Barbara Babcock
dr. Anne Caruthers Blair Brown
himsels Jay Leno
de jonge Frank Toby Stephens
de jonge Hawk Eli Craig
de jonge Jerry John Mallory Asher
de jonge Tank Matt McColm
de jonge Bob Gerson Billie Worley
Jason dy't syn jierdei fiert Chris Wylde
Jason syn faam Anne Stedman
jonge piloat Jon Hamm

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Space Cowboys waard regissearre troch Clint Eastwood nei in senario fan Ken Kaufman en Howard Klausner. As produsinten wiene Eastwood sels en Andrew Lazar by it projekt belutsen foar de filmstudio's Village Roadshow Pictures, Clipsal Films, Mad Chance Productions en Eastwood syn eigen Malpaso Productions. Foar de film wie, ôfhinklik fan hokker boarne men leaut, in budget beskikber fan $60 of 65 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jack N. Green, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Lennie Niehaus.

De opnamen foar Space Cowboys setten yn july 1999 útein en duorren in fearnsjier. De sênes yn 'e flechtsimulator, it romtefear en it misjekontrôlesintrum en de measte binnendoarsênes waarden opnommen op sets yn it studiokompleks Warner Bros. Studios, Burbank yn Burbank (Kalifornje). Der waard op lokaasje filme foar bûtendoarsênes by it Johnson Space Center yn Houston (Teksas) en it Kennedy Space Center en it Loftmachtstasjon Cape Canaveral yn Floarida. De prolooch yn 1958 waard filme yn swart-wytbylden mei de jonge akteurs neisyngronisearre mei de stimmen fan harren âldere wjergaders.

De distribúsje fan Space Cowboys waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 4 augustus 2000 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige Space Cowboys oer it algemien positive resinsjes. Sa parte Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "[De film] is te feilich ynboud yn syn tradisjonele ferhaalstruktuer om folle op it spul te setten, mar mei sa'n struktuer giet ek tradisjoneel fermaak mank."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Space Cowboys in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 119 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't de plot ôfmakke is mei klisjees, meitsje it treflike aktearjen fan 'e haadrolspilers […] en de spektakulêre special effects dizze film it besjen wurdich." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Space Cowboys in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 35 resinsjes.

Space Cowboys brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $90,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $38,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $128,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 oant 65 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $63,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 2001 waard Space Cowboys nominearre foar de Oscar foar bêste lûdsmontaazje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.