Soldatekeizers
De soldatekeizers is de beneaming dy't jûn wurdt oan de rige keizers dy't elkoar snel opfolgen yn it tiidrek fan de Romeinske krisis fan de 3e iuw en dy't foar it meastepart troch harren opstannige legioenen ta keizer útroppen waarden. De keizers wiene oars as de keizers út de foarige iuwen, sy kamen út de provinsjes en hiene dêrtroch in oare eftergrûn as harren foargongers.
Dy keizers hiene muoite om't de grinzen fan it Imperium Romanum te ferdigenjen. It ryk wie feroare, stabiliteit hie plak makke foar ûnwissens en ûnrêst. De druk op de grinzen wie tanommen en ynterne problemen soargen dêrfoar dat sy amper yn Rome ferbleaun ûnder harren - meastal koarte - bewâld. Faak stoaren dy keizers yn it harnas, hoewol't sy de macht ek faak wer kwyt rekken oan oare foaroanmannen dy't fan betinking wienen dat sy it ryk better ferdigenje koenen as de destiidske soldatekeizer.
Oan it tiidrek fan de soldatekeizers soe pas in ein komme troch keizer Aurelianus dy't de macht fan it ryk werstelle koe.
Iere soldatekeizers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Maksiminus Thraks |235–238, earste soldatekeizer, troch syn eigen troepen fermoarde
- Magnus 235, tsjinkeizer, ombrocht
- Kwartinus net bekend-235, tsjinkeizer fermoarde
- Gordianus I, 238 regearet mar 20 dagen lang, pleecht selsmoard
- Gordianus II, 238 regearet mar 20 dagen lang, komt te ferstjerren nei in ûngelok
- Pupienus, 238 regearet mei Balbinus, troch de preatorjanen fermoarde
- Balbinus, |238, regearet mei Pupienus, troch de preatorjanen fermoarde
- Gordianus III 238–244, komt oan syn ein tidens in fjildtocht tsjin de Perzen, de omstannigens binne net dúdlik
- Sabinianus 240 tsjinkeizer yn Afrika, nei alle gedachten ombrocht
- Filippus Arabs 244–249 komt te ferstjerren nei in ûngelok
- Filippus Caesar 247–249 soan en meikeizer fan Filippus Arabs, fermoarde
- Iotapianus 248 tsjinkeizer yn it easten, troch syn eigen troepen deade
- Pakatianus 249 tsjinkeizer oan de Donau, troch syn eigen troepen fermoarde
- Silbannakus onduidelijk tegenkeizer in Germanië, door Decius belegerd
- Sponsianus net echt bekende tsjinkeizer, inkel bekend troch muntfynsten
- Desius 249–251 sneuvelt yn de striid tsjin de Goaten
- Priskus 249–252 tsjinkeizer yn it easten, broer fan Filippus Arabs
- Licinianus 250 troch de senaat stipe tsjinkeizer
- Herennius Etruskus 251 soan en meikeizer fan Desius, komt om nei in ûngelok
- Hostilianus 251 soan fan Desius, meikeizer fan Trebonianus Gallus; ferstjert oan de pokken
- Trebonianus Gallus 251–253 troch syn eigen troepen fermoarde
- Folusianus 251–253 soan en meikeizer fan Trebonianus Gallus, komt om nei in ûngelok
- Aemilianus 253 troch syn eigen troepen fermoarde
- Falerianus 253–260 wurdt troch Sassaniden finzennommen en fermoarde
- Uranius Antoninus 253/254 tsjinkeizer yn Syrje
- Mereades net echt bekende tsjinkeizer yn it easten, ombrocht
- Gallienus soan fan Falerianus; troch offisieren fermoarde
- Saloninus 260 soan fan Gallienus; fermoarde troch Postumus
- Ingenuus net bekend-260 tsjinkeizer yn Pannoanje, deadsoarsaak is net bekend
- Regalianus 260 tsjinkeizer oan de Donau, troch syn eigen troepen fermoarde
- Makrianus Minor 260/261 tsjinkeizer yn it easten, komt om nei in ûngelok
- Kwietus 260/261 tsjinkeizer yn it easten, troch de befolking deade
- Ballista 261 stiper fan de Macriani, troch Odaenathus fermoarde
- Piso 261 tsjinkeizer, troch de troepen fan Falens Tessalonikus deade
- Falens Tessalonikus 261 tsjinkeizer yn Grikelân, troch syn eigen troepen deade
- Memor ûnbekend 261/262 stiper fan de Macriani, ombrocht
- Mussius Aemilianus 261/262 stiper fan de Macriani, ombrocht
- Aureolus, net bekend 268 tsjinkeizer yn Milaan, troch de praetorjanen deade
- Selsus net bekend, ûndúdlike tsjinkeizer yn Afrika, mooglik fiktyf
- Trebellianus net bekende ûndúdlike tsjinkeizer yn Lyts-Aazje, mooglik fiktyf
Keizers fan it Imperium Galliarum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Postumus 260–269 troch syn eigen troepen fermoarde
- Laelianus Ulpius Cornelius Laelianus 269 tsjinkeizer, troch syn eigen troepen fermoarde
- Marius 269 troch syn eigen soldaten fermoarde
- Fiktorinus 269–271 ferlear Spanje, troch in offisier fermoarde
- Domitianus net bekend 271 is mar inkele dagen tsjinkeizer
- Tetrikus I 271–274 troch Aurelianus belegere en ôfset
- Tetrikus II 273–274 meikeizer fan syn heit Tetrikus I
Lette soldatekeizers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Klaudius Gotikus 268–270 ferslaag de Goaten, stjert oan de pest
- Sensorinus net bekend 269/270 tsjinkeizer, mooglik fiktyf
- Kwintillus 270 pleegt nei 77 dagen selsmoard
- Aurelianus 270–275 herstelt de ienheid fan it ryk (Restitutor Orbis), fermoarde
- Fabalathus 270–272 tsjinkeizer yn it easten, soan fan Zenobia
- Felisissimus net bekend 271 tsjinkeizer yn Rome, sneuvelt yn de striid
- Septimius net bekend 271 tsjinkeizer yn Dalmaasje, troch syn eigen troepen fermoarde
- Urbanus net bekend 271/272 tsjinkeizer, troch de troepen fan Aurelianus deade
- Firmus net bekend 272 stiper fan Zenobia, ombrocht
- Florianus 276 broer fan Tacitus, troch syn eigen troepen fermoarde
- Probus 276–282 troch syn eigen soldaten fermoarde
- Saturninus 280 tsjinkeizer yn Egypte, troch syn eigen troepen fermoarde
- Bonosus net bekend 281 tsjinkeizer oan de Rijn, pleegt selfmoard
- Prokulus net bekend 281 tsjinkeizer yn Galje, ombrocht
- Karus 282/283 op fjildtocht yn Perzje troch de bliksem troffen
- Karinus 283–285 troch in offisier fermoarde
- Numerianus 283/284 meikeizer, troch de praefecti praetorio fermoarde