Sense of Gender Award
Sense of Gender Award センス・オブ・ジェンダー賞 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Japansk | |
útrikt foar | science fiction- en fantasyliteratuer | |
útrikt troch | Japanske Feriening foar Geslacht, Fantasy en Science Fiction | |
frekwinsje | 1x jiers | |
ynsteld | 2005 | |
offisjele webside | ||
gender-sf.org |
De Sense of Gender Awards (Japansk: センス・オブ・ジェンダー賞)binne in groep Japanske literatuerprizen dy't elts jier útrikt wurde troch de Japanske Feriening foar Geslacht, Fantasy en Science Fiction foar wurken op it mêd fan fantasy of science fiction dy't it foargeande jiers yn orizjinele of oersette foarm publisearre binne yn 'e Japanske taal, en dy't it bêste it begryp geslacht ferkenne en ferdjipje. De útrikkende organisaasje stiet ek wol bekend as de Japanske Feriening foar Feministyske Fantasy en Science Fiction. De Sense of Gender Awards (de namme betsjut "Gefoel foar Geslacht") waarden yn 2005 ynsteld troch science fiction-resinsinten Mari Kotani en Reona Kashiwazaki en Noriko Maki, de foarsitter fan 'e Japanske Konfederaasje foar Science Fiction Fandom. Dizze prizen wurde gauris as de Japanske wjergaders fan 'e Amerikaanske James Tiptree, Jr. Award beskôge.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |