Scheur (wetter)
De Scheur (dat "Skuor" betsjut) is in takke fan de delta fan de Ryn en de Maas. It wetter is 13 km lang. It begjint op it punt dêr't de Nije Maas en Alde Maas gearrinne. It wetter rint oer yn de Nije Wetterwei. De Scheur rint by Maassluis del en waard earder ek wol t Sluisse Diep ("it Slûs Djip") neamd. Ek waard it wol it Scheurdiep ("Skuordjip") neamd.
Oan de Scheur lizze de gemeenten Flaardingen (foar in part), Maassluis en Rotterdam. Oarspronklik bûgde de Scheur bewesten Maassluis en Rozenburg, op de hichte fan de hjoeddeiske Maeslantkearing nei it súdwesten ta, en mûne besuden it natuergebiet De Beer by Eastfoarne yn de Noardsee út. Dat part fan de Scheur waard ôfdamme en is njonkelytsen ferdwûn. Dat part wie eartiids in tige breed part fan de Maasmûning, en it stie bekend as Pan of Krim.
Nei it iepenjen fan de Nije Wetterwei, dy't fan 1866 en 1872 groeven waard, bleau in bocht yn de Scheur lestich foar skipfeart. De havenhaden fan Maassluis waarden yn 1887 mei 200 meter ferkoarte en der waarden sânplaten fuortbaggere. Ek oan de kant fan Rozenburg waard de ouwer fuortgroeven. In nôtmûne op de Kooilandsedijk moast dêrfoar sloopt wurde. Troch dat rjochtlûken fan de Scheur waard de streamfaasje fan it rivierwetter fergrutte, dêr't it probleem fan fersânjen ek minder troch waard.