Sankt Goarshausen
Sankt Goarshausen | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Lahn-Kreis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.288 (2021) | |
Oerflak | 7,06 km² | |
Befolkingsticht. | 182 ynw./km² | |
Hichte | 100 m. | |
Oar | ||
Postkoade | 56346 | |
Koördinaten | 50° 09' N 7° 42' E | |
Offisjele webside | ||
www.sankt-goarshausen | ||
Kaart | ||
De Loreleystêd Sankt Goarshausen leit yn de Rhein-Lahn-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts en is de bestjoersstêd fan de ferbânsgemeente Loreley. Oant 1969 wie Sankt Goarshausen de bestjoersstêd fan it Loreleykreis (oant 1961: Landkreis Sankt Goarshausen).
Sankt Goarshausen is mei de lizzing oan ien fan de moaiste dielen fan de Ryn in wichtich toeristysk sintrum en heart sûnt 2002 ta it UNESCO-wrâlderfskip Boppe Middenryndelte.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd leit oan de foet fan de Loreley op de rjochter kant fan de Ryn en likernôch 30 km. súdlik fan Koblenz. Oan de oare kant leit de susterstêd Sankt Goar, dy it fluchst mei in oerset is te berikken.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ta Sankt Goarshausen hearre ek de plakjes Ehrenthal, Wellmich en Heide.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sankt Goarshausen waard yn it jier 1222 foar it earst neamd. It hearde fan it ein fan de 13e iuw ôf by it greefskip Katzenelnbogden en krige fan kening Loadewyk IV yn 1324 stedsrjochten. Greve Willem II fan Katzenelnbogen liet yn 1371 boppe Sankt Goarshausen de boarch Katz (eins: Neu-Katzenelnbogen) bouwe. Dat wie in antwurd op de bou fan de boarch Maus (doesdestiids: boarch Peterseck) troch de karfoarst fan Trier. Doe't it grevenhûs útstoar foel Sankt Goarshausen oan it greefskip Hessen. De stêd makke fan 1583 oant 1806 diel út fan Hessen-Kassel en fersoarge tegearre mei Sankt Goar, as iennichste yn it Hessyske gebiet, it ynjen fan de tol op beide kanten fan de Ryn.
Nei de Frânske besetting waard de stêd nei it Kongres fan Wenen (1815) by it hartochdom Nassau foege. Mei't it hartochdom Nassau yn 1866 troch Prusen anneksearre waard, is Sankt Goarshausen doe de Kreisstadt fan it nij gearstalde Landkreis Sankt Goarshausen wurden.
Nei de Earste Wrâldkriich foel de stêd mei it Rynlân yn de jierren 1920 ûnder de besetting fan de Alliearden. Oant 1945 bleau de stêd ûnder it bestjoersdistrikt Wiesbaden fan de provinsje Hessen-Nassau fallen. Nei de Twadde Wrâldkriich kaam de stêd yn de Frânske besettingssône telâne en waard sa loswekke fan de Hessysk-Nassauske bestjoerslaach om by Rynlân-Palts foege te wurden.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boppe de stêd lizze de ruïnes fan de yn 1806 troch de troepen fan Napoleon Bonaparte ferwoastge boarch Katz en, boppe it stedsdiel Wellmich, boarch Maus. De boarch Katz is net iepensteld foar besichtiging, wylst op de boarch Maus regelmjittich rôffûgelshows organisearre wurde. Boarch Maus jout ek in goed sicht op de ruïne fan it kastiel Rheinfels yn Sankt Goar. Rheinfels is fanút Sankt Goarshausen te berikken mei in oerset, in brêge leit 30 kilometer fierderop.
De protestânske tsjerke fan Sankt Goarshausen waard yn 1863 troch Eduard Zais boud. Yn de tsjerke stiet in oargel fan Christian Friedrich Voigt út Igstadt, dat yn 2006 restaurearre waard. De roomske Sint-Jehannes de Doper-tsjerke waard troch de arsjitekten Hans en Christoph Rummel yn de jierren 1923-1925 boud. De Sint-Martenstsjerke fan Wellmich hat op de noardlike muorre fan it skip in grut goatysk fresko fan 10 meter lingte mei in hichte fan 4 meter. It fresko stelt de einichste dei foar en waard nei alle gedachten frij gau nei de bou fan de tsjerke skildere.
Sankt Goarshausen leit flakby de Loreley-rots. In besikerssintrum mei in museum informearret op it plak oer de kultuer en de omjouwing.
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ein juny: Tal total, beide kanten fan de Ryn binne dan fan Koblenz oant Rüdesheim sletten foar auto's om fytsers rom baan te jaan.
- Elts tredde wykein fan septimber Rhein in Flammen, in spektakulêr fjoerwurk by Sankt Goarshausen en Sankt Goar
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Likernôch 50% fan de befolking is lid fan de protestanske tsjerke, wylst 30% katolyk is. Yn Sankt Goarshausen hat fan de 17e iuw oant yn de jierren 1930 in lytse joadske mienskip west, dy't nea mear as 2,4% (1895) fan de befolking útmakke.
Ôfbyldings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Boarch Katz
-
Boarch Maus boppe Wellmich
-
Protestânske tsjerke
-
Katolike Jehannes de Dopertsjerke
-
Sint-Martenstsjerke
-
Sint-Sebastiaantsjerke fan Ehrental
-
Rûne toer
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sankt Goarshausen fan Wikimedia Commons. |