Sanahin (kleaster)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
It Kleaster fan Sanahin (Armeensk: Սանահին վանք) is in 10e-iuwsk kleaster yn Sanahin yn 'e Armeenske provinsje Lori. It kleaster stiet mei it kleaster fan Haghpat sûnt 1996 op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
De namme betsjut letterlik: "dizze is âlder as dy". It liket der op dat dêrmei eartiids ornearre waard dat it kleaster âlder is as it tichteby lizzende kleaster fan Haghpat. De twa doarpen Haghpat en Sanahin en harren kleasters hawwe arsjitektoanysk en skiedkundich in soad oerienkomsten en wurde ek wol susterkleasters neamd. Se lizze beide op in plato en wurde troch in djippe kleau, dy't foarme is troch de rivier de Debed, fan inoar skieden.
De twa kleasters wurde troch jimmeroan gruttere tallen pylgers en toeristen besocht, om't se yn 'e rûte's fan in grut tal Armeenske reisburo's opnommen binne. It kompleks is eigendom fan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De haadtsjerke is wijd oan 'e Hillige Ferlosser en tusken de jierren 967 en 970 boud yn opdracht fan keniginne Chosrovanûjsj, de frou fan 'e Armeenske kening Asjot III de Barmhertige. Sanahin wie yn 'e 10e en 11e iuw it bestjoerssintrum en it plak dêr't de leden fan it Bagratiden-skaai byset waarden. Ek wie it oant de 11e iuw de biskoplike residinsje fan it bisdom. Dy funksjes soargen foar de bou fan in soad tsjerken en oare gebouwen. Yn 'e kleasters, mar benammen yn Sanahin, waarden humane wittenskippen, muzyk en medisinen studearre, wittenskiplike ferhannelings skreaun en miniatueren skildere.
Krekt lykas it kleaster fan Haghpat waard ek Sanahin plondere, nei't de Mongoalen earst it fort Akner, dat tusken de twa kleasters boud wie om se te beskermjen, ynnommen hiene.
Kleastertsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster bestiet út trije tsjerken: de Hillige Mem Gods (Soerp Astvatsatsin), de Hillige Ferlosser (Soerp Amenaprkitsj) en de Hillige Grigoarius (Soerp Grigor).
De Tsjerke fan 'e Mem Gods (nû. 1 op 'e plattegrûn) is in krúsfoarmige tsjerke mei in sintrale koepel. De tsjerke waard boud yn opdracht fan keninginne Chosrovanûjsj. Fuort njonken de relatyf lytse tsjerke liet de keninginne yn 966 oan 'e súdlike kant de folle gruttere Ferlossertsjerke (3) bouwe. Oarspronklike wiene beide tsjerken mei fresko's fersierd, mar dêr is hjoed-de-dei neat mear fan oerbleaun. Oan 'e eastlike gevel is as ûnderdiel fan in timpaan in gevelstien ferwurke, mei dêrop in basreliëf fan 'e twa soannen Gûrgen en Smbat fan it keningspear. Hja drage yn harren hannen in tsjerkemodel.
De tredde tsjerke is de lytse Gregoariustsjerke (6), dy't oan 'e súdeastlike hoeke fan 'e portiko en de bibleteek (8) oanboud waard. De koepel fan 'e kapel waard yn 1652 by in renovaasje rekonstruearre.
Súdeast fan it kleaster steane de resten fan noch in pear tsjerken.
De narteksen (yn it Armeensk gavit) fan 'e twa grutte tsjerken binne de grutste gebouwen fan it kleaster. De flierren fan 'e narteksen, dy't meardere funksjes hiene, binne belein mei grêven fan û.o. religieuze lieders en leden fan 'e keninklike famylje. De trijeskippige narteks fan 'e Mem Gods-tsjerke (2) datearret út 1211, de narteks fan 'e Ferlossertsjerke is âlder en stamt út 1181 (4).
Tusken de Tsjerke fan 'e Mem Gods en de Ferlossertsjerke slút op 'e eastlike ein fan 'e narteks fan 'e Tsjerke fan 'e Mem Gods it seminaarje of de saneamde Magistros Akadeemje oan (ein 10e, begjin 11e iuw). De rigen nissen yn 'e muorren tsjinnen foar studinten om te sitten by lêzings.
De klokketoer (9) is in trije ferdjippings tellend gebou en waard boud tusken 1211 en 1235. Yn 'e westlike gevel is in grut krús fan reade tufstien ferwurke.
Op 'e noardeastlike hoeke fan it kompleks stiet ien fan 'e meast ynteressante gebouwen fan Sanahin. De bibleteek (7) út 1063 fertsjintwurdiget in foar dy tiid heech nivo fan boargerlike arsjitektuer. It fjouwerkante bouwurk hat in achthoekich tintedak, dat rêst op diagonale bôgen op heale pylders yn de muorren.
Op it kleasterkompleks binne fierder sa'n fyftich krússtiennen (Chatsjkars) bewarre bleaun.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|