Springe nei ynhâld

Rocky V

Ut Wikipedy
Rocky V
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John G. Avildsen
produsint Robert Chartoff
Irwin Winkler
Tony Munafo
senario Sylvester Stallone
kamerarezjy Steven Poster
muzyk Bill Conti
filmstudio United Artists
Star Partners III
distribúsje MGM UA Communications
spilers
haadrollen Sylvester Stallone
Talia Shire
byrollen Burt Young
Sage Stallone
Tommy Morrison
Burgess Meredith
Richard Gant
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 16 novimber 1990
foarm langspylfilm
sjenre sportdrama
taal Ingelsk
spyltiid 104 minuten
budget en resultaten
budget $42 miljoen
opbringst $119,9 miljoen
filmsearje
filmsearje Rocky (filmsearje)
● foarich diel Rocky IV
● folgjend diel Rocky Balboa

Rocky V is in Amerikaansk sportdrama út 1990 ûnder rezjy fan John G. Avildsen, mei yn 'e haadrollen Sylvester Stallone en Talia Shire. Wichtige byrollen waarden spile troch Stallone syn soan Sage en de echte bokser Tommy Morrison. It ferhaal folget Rocky Balboa, dy't harsensletsel oprûn hat en dêrom ophâlde moat mei boksen. Hy fynt in nije útlit foar syn hertstocht foar de sport as er in talintfolle nije bokser ûntdekt. Rocky V waard oer it algemien troch de filmkritisy mei negative resinsjes ûnthelle. Hoewol't de film wol winst makke, foel de opbringst yn 'e bioskopen ôf. It liek sadwaande dat Rocky V de lêste film út 'e Rocky-searje wêze soe, oant sechstjin jier letter, yn 2006, Rocky Balboa makke waard.

Nei syn oerwinning op Ivan Drago yn Moskou (sjoch: Rocky IV) keare bokser Rocky Balboa, syn oarehelte Adrian, syn sweager Paulie en syn trainer Tony "Duke" Evers werom yn 'e Feriene Steaten, dêr't Rocky mei grut fertoan ynhelle wurdt en begroete wurdt troch syn tsienjierrige soan Robert. In parsekonferinsje fan Rocky wurdt op ûnfatsoenlike wize ûnderbrutsen troch de lûsje bokspromoater George Washington Duke, dy't besiket om Rocky safier te krijen dat er in útdaging ta in gefjocht akseptearret fan syn bokser, Union Cane. Rocky stegeret him ôf, mar Duke wol fan gjin ophâlden witte, om't er inkeld tinke kin oan alle jild dat er binnenswylje kin as er in bokswedstryd mei Rocky organisearje soe. Hy nimt him foar om Rocky op 'e iene of oare manear dochs sa te manipulearjen dat dy mei in gefjocht ynstimme sil.

Nei't Rocky-en-dy thúskommen binne yn harren filla, docht bliken dat Paulie Rocky in dokumint fan 'e boekhâlder ûndertekenje litten hat wylst se der net ien fan beiden nei sjoen hawwe wat der eins yn stie. Nei't no oan it ljocht komt, wie it tastimming foar de boekhâlder om sûnder beheinings oer Rocky syn jild beskikke te kinnen. De man hat it hiele fermogen dêrnei ynset om te spekulearjen mei ûnreplik goed, wêrby't alle jild ferlern gien is. Dat, net inkeld is Rocky al syn jild kwyt, mar de boekhâlder hat ek al yn gjin seis jier Rocky syn belestings betelle en in hypoteek op 'e filla ôfsletten ter wearde fan $400.000. Fan gefolgen sit Rocky djip yn 'e skulden.

Syn abbekaat bewissiget him derfan dat alles op te lossen is as er noch in pear wedstriden bokst, dat Rocky beslút it oanbod foar de wedstryd tsjin Cane oan te nimmen. Op oanstean fan Adrian giet er lykwols earst te rie by in pear neurologen, dy't permanint harsensletsel by him fêststelle, dat er oprûn hat yn syn gefjocht mei Drago. Gjin dokter sil him dêrmei noch goedkarre om te boksen. Adrian bepraat Rocky om foargoed op te hâlden mei fjochtsjen, en hy leit him dêr mei uterste tsjinnichheid by del.

De bank leit beslach op 'e filla en alle besittings fan wearde wurde ferboelguodde. Rocky, Adrian, Robert en Paulie keare werom nei Rocky syn âlde buert yn Philadelphia, dêr't Paulie syn âlde hûs al dy jierren oanholden hie. Dêr lûke se mei syn allen yn. Adrian fynt parttime-wurk as winkelbetsjinde by de dierewinkel dêr't se ek wurke doe't Rocky mei har yn 'e kunde kaam. Sels weriepenet Rocky de âlde sportskoalle fan syn ferstoarne trainer Mickey Goldmill, dy't op namme fan syn soan Robert stiet en dêrom bûten berik fan 'e skuldeaskers bleaun is. Robert sels giet nei de skoalle dêr't Rocky sels as jonge ek hinne hie, en moat him as rikeljusbern oan 'e arbeidersbuert oanpasse. De earste dei wurdt er daliks al yninoar slein troch in pear oare jonges dy't him syn jild en syn jas ôfdievje. Ek komt er lykwols yn 'e kunde mei it famke Jewel, mei wa't er ferkearing kriget.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

In jonge bokser út Oklahoma, dy't Tommy Gunn hjit, siket kontakt mei Rocky yn 'e hope dat dy syn trainer wurde wol. Rocky hat dêr earst syn twifels oer, mar beslút it dochs te dwaan. Hy nimt Gunn ûnder syn hoede, jout him in sliepplak by him yn 'e hûs en besiket him by te bringen wat Mickey him leard hat. Rocky ûntdekt dat it trainen fan in jonge bokser him wer in doel yn it libben jout, nammenste mear as Gunn in protte talint blykt te hawwen en de iene nei de oare wedstryd begjint te winnen. Rocky rekket sa ôflaat troch it trainen fan Gunn, dat er alhiel net mear omsjocht nei Robert, dy't op syn omke Paulie fertrouwe moat om him te trainen, sadat er de bullebakken op skoalle fan him ôfslaan kin. Nei't dat slagge is, wol er syn heit oer syn oerwinning fertelle, mar dy hat gjin belangstelling, mei't er dwaande is mei in trainingssesje mei Gunn. Robert slút neitiid freonskip mei de jonges dy't him earder tramtearren, hinget mei harren op 'e strjitte om, begjint te smoken en bemuoit him net mear mei syn âldelju.

Underwilens is Union Cane útroppen ta wrâldkampioen boksen yn 'e swiergewichtklasse, de titel dy't fakant bleaun wie nei't Rocky him út 'e sport weromlutsen hie. Gunn begjint himsels as de wichtichste útdager fan Cane te sjen en kin net wachtsje op in wedstryd tusken harren beiden, mar Rocky besiket syn entûsjasme te bedimjen, om't er fynt dat Gunn dêr noch net klear foar is. George Washington Duke mient dat er yn 'e relaasje tusken Rocky en Gunn in manear fûn hat om Rocky dochs wer yn 'e ring te krijen. Hy giet op fluenske wize mei Gunn om, wêrby't er it ego fan 'e jonge bokser op alderlei wize flaaiket, him it iene nei it oare djoere geskink jout en him boppedat yn kontakt bringt mei de foluptueuze callgirl Karen. Underwilens flústeret er him yn dat hy, Duke, de iennichste is dy't in gefjocht mei Union Cane bewurkmasterje kin, en dat Rocky Gunn tebekhâldt fan 'e rom dêr't er rjocht op hat. Paulie sjocht it ferrie fan Gunn oankommen en warskôget Rocky, mar dy wol it net leauwe, ek al bart it rjocht foar syn eagen.

Op krystjûn besiket Duke it hûs fan 'e Balboa's om Rocky te fertellen dat Gunn oerstapt is nei him. Hy biedt Rocky in rol as Gunn syn trainer oan, en rekkenet him foar hoe't sa'n konstruksje finansjeel yn it foardiel fan alle belutsenen wurkje soe. Rocky wol dêr lykwols neat fan hearre, en besiket Gunn dúdlik te meitsjen dat Duke oer liken giet, en dat syn omgong mei de man inkeld yn triennen einigje kin. Gunn beskuldiget Rocky derfan dat dy him it kampioenskip net gunt, en riidt lulk fuort mei Karen yn 'e sportauto dy't er fan Duke krigen hat. Adrian besiket Rocky te treastgjen, mar syn frustraasje wurdt him oermânsk, en hy hellet ferbaal nei har út om't Duke en Gunn bûten syn berik binne. Rocky raast har ta dat syn libben einlings wer sin hie doe't er fia Gunn syn oerwinnings werbelibje koe. Adrian skreaut werom dat Gunn wol talint, mar gjin moed of karakter hat, en dat Rocky syn eigen soan ferwaarleazge en syn houlik op it spul set hat. As dat besef ta him trochkringt, omearmet Rocky syn frou en begjinne se harren skeel by te lizzen. Letter siket er Robert op, dy't wer mei syn faam en freonen op 'e strjitte omhinget, en besiket er it mei syn soan goed te meitsjen.

Duke organisearret in gefjocht om 'e wrâldtitel yn 'e swiergewichtklasse, wêrby't Gunn Union Cane sûnder folle muoite ferslacht. Rocky sjocht de wedstryd thús op 'e tillefyzje, dêr't er ta yrritaasje fan Paulie en Adrian noch hieltyd partij kiest foar Gunn. Nei't er it gefjocht wûn hat, wurdt Gunn útgeid troch it publyk, mei't bekend wurden is dat er Rocky sûnder pardon oan 'e kant set hat. By in parsekonferinsje hawwe de sjoernalisten de gek mei him, om't Cane neffens harren inkeld in 'papierren kampioen' wie, dy't nea om 'e titel tsjin Rocky bokst hie. Se wolle hawwe dat Gunn pas in echte kampioen wêze sil as er it tsjin in echte tsjinstanner opnommen hat. Gunn, dy't dochs altyd al in opljeppende driftkikkert wie, wurdt dêr lulk om, en as ien sjoernalist seit dat er "nea in Rocky Balboa wêze sil" driuwt him dat ta razernij. Dat jout Duke de kâns dêr't er op wachte hat. Hy plantet it idee yn 'e holle fan Gunn om no fuortendaliks, deselde jûns noch, Rocky út te daagjen ta in gefjocht op sa'n wize dat Rocky net wegerje kin.

Mei in tillefyzjeploech yn har sok, dy't live opnamen útstjoert, sykje Duke en Gunn Rocky op yn in kroech yn syn buert dêr't er mei Paulie wat sit te drinken. Duke en Gunn daagje Rocky út ta in gefjocht, mar Rocky wiuwt it foarstel fuort. Gunn begjint Rocky dêrop te misledigjen, eat dêr't dy de skouders oer ophellet. Paulie wurdt lykwols lulk en seit Gunn it mannewaar op. As Gunn dêrop Paulie delslacht, wurdt Rocky einlings lulk. Hy daget Gunn út ta in gefjocht op 'e strjitte foar de kroech. Duke, dy't neat oan in strjittegefjocht fertsjinje kin, besiket dêr op wanhopige wize it near op te lizzen, mar hy kriget de geast, dy't er sels ûntsnappe litten hat, no net mear werom yn 'e flesse.

Gunn en Rocky geane nei bûten ta, op 'e foet folge troch de kameraploech en alle kroechbesikers, en as de slaanderij begjint, wêrby't de boksregels net jilde, slacht Rocky Gunn sûnder folle muoite del. Gunn falt him dêrop twaris fan efteren oan, wêrby't er Rocky serieus ferwûnet. Ferskate kroechbesikers liede Gunn ôf (en wurde troch him delslein), wylst Rocky yn syn holle de stim fan Mickey heart, dy't him oanfiteret om oerein te kommen en troch te fjochtsjen. Rocky klaut er oerein en weeft diskear foargoed mei Gunn ôf, wêrnei't er tajûchheid wurdt troch Paulie, Adrian en Robert (dy't de bylden op 'e tillefyzje seagen en nei it plak fan 'e fjochtpartij tahastige binne) en de hiele buert. Wylst Gunn troch de plysje ôffierd wurdt, kin Duke it net litte om noch in lêste stek ûnder wetter oan Rocky te jaan. As dy de fûst ûnderhellet, warskôget Duke him dat er him oankleie sil foar skeafergoeding as er him oanrekket, mar Rocky, dy't inkeld noch skulden hat, hellet de skouders op en slacht him likegoed del.

De oare moarns giet Rocky mei Robert nei it Philadelphia Museum of Art, wêrfan't er de treppen yn it ferline withoefaak opdraaft is by wize fan training, mar dêr't er noch nea nei binnen ta west hat. De film einiget as heit en soan by it stânbyld fan Rocky wei, dat boppe-oan 'e treppen stiet, útsjogge oer de skyline fan Philadelphia.

Sylvester Stallone yn 2015.
Tommy Morrison yn 2011.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Rocky Balboa Sylvester Stallone
Adrian Pennino Balboa Talia Shire


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Paulie Pennino Burt Young
Robert "Rocky" Balboa jr. Sage Stallone
Tommy Gunn Tommy Morrison
Mickey Goldmill Burgess Meredith (yn nij filme flashbacks)
George Washington Duke Richard Gant
Tony "Duke" Evers Tony Burton
Jewel Elisebeth Peters
Chickie Kevin Connolly
Karen Delia Sheppard
Union Cane Michael Williams
pastoar Carmine Paul J. Micale
Apollo Creed Carl Weathers (op argyfbylden)
Ivan Drago Dolph Lundgren (op argyfbylden)
himsels kommentator Al Bernstein
himsels sportferslachjouwer Stu Nahan

Rocky V waard, krekt as de earste film út 'e Rocky-rige, regissearre troch John G. Avildsen nei in senario fan Sylvester Stallone. As produsinten wiene Robert Chartoff, Irwin Winkler en Tony Munafo by it projekt belutsen, foar de filmstudio's United Artists en Star Partners III. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Steven Poster, wylst de filmmuzyk fannijs fersoarge waard troch Bill Conti. Der wie foar Rocky V in budget fan $42 miljoen beskikber. De opnamen fûnen plak op lokaasje yn Philadelphia.

Yn it oarspronklike senario kaam Rocky Balboa op 'e ein fan 'e film yn it strjitgefjocht mei Tommy Gunn om, en stoar er yn 'e earms fan syn frou Adrian. Pas doe't de opnamen hast foltôge wiene, stapte Stallone fan dat idee ôf en besleat er Rocky yn libben te litten. Neffens in fraachpetear dêr't er yn 1997 oan meiwurke, soene Avildsen en de produsinten harren betinkings oer de oarspronklike ein fan 'e film hân hawwe. Uteinlik joech Stallone ta oan 'e druk dy't op him útoefene waard, om't er ornearre dat Rocky oer trochsettingsfermogen en rehabilitaasje gean moast, en de dea fan 'e haadpersoan yn in strjitgefjocht tsjin it útgongspunt fan 'e filmsearje yngean soe.

De distribúsje fan Rocky V waard fersoarge troch de MGM/UA Communications Company. De film gie op 16 novimber 1990 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Rocky V krige oer it algemien negative oant op syn bêst lauwe resinsjes fan 'e filmkritisy. Der wie û.m. krityk op 'e feroaring fan 'e ein fan 'e film op it alderlêste momint, dy't neffens guon resinsinten de hiele foargeande opbou fan 'e film teneate die. Nettsjinsteande dat wie der lof foar it aktearjen fan Sylvester Stallone. Yn in seldsum ôfwiken fan 'e noarm beskôge de Los Angeles Times Rocky V as de bêste fan alle Rocky-ferfolchfilms. It tydskrift Time pleatste de film yn 1999 lykwols op in list mei de hûndert minste ideeën fan 'e tweintichste iuw. Yn 2010 joech Stallone yn in fraachpetear ta dat er Rocky V út habsucht makke hie.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in leech goedkarringspersintaazje fan 27%, basearre op 35 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It besykjen fan Rocky V om 'e oarspronklike sfear fan 'e hurd wurkjende arbeidersklasse werom te bringen, is like trochsichtige nep as elts fan 'e troch- en trochfoarsisbere ûntwikkelings fan 'e plot yn dit ûntrochtochte diel, dêr't de filmsearje […] foar langere tiid troch yn it faaiefjoer bedarre." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Rocky V in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 16 resinsjes. Amerikaanske bioskoopgongers dy't nei ôfrin fan it bioskoopbesyk befrege waarden, joegen de film lykwols in 91/2 op in skaal fan 1 oant en mei 10.

Yn 'e Amerikaanske bioskopen brocht Rocky V mar $40 miljoen op. Fans fan 'e eardere Rocky-films mochten oer it algemien net oer de film om't de plot sterk ôfwiek fan 'e gebrûklike formule. Dêropta hie de film sterk te lijen ûnder konkurrinsje mei Home Alone, dat tagelyk ek yn 'e bioskopen draaide. Yn alle oare lannen en territoaria brocht Rocky V $79,9 miljoen op, sadat de totale opbringst wrâldwiid útkaam op $119,9 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $42 miljoen betsjutte dat in winst fan $77,9 miljoen. Sels mei ôflûk fan 'e marketingkosten waard dêrmei troch de studio's noch jild fertsjinne, mar der wie folle mear fan 'e film ferwachte, en yn dy sin wie Rocky V in rare misslach.

Rocky V waard yn 1990 nominearre foar sân Golden Raspberry Awards foar de minste prestaasjes op it mêd fan 'e filmkeunst, wêrûnder de prizen yn de kategoryen minste film, minste akteur (Sylvester Stallone), minste aktrise (Talia Shire), minste byrol fan in akteur (Burt Young), minste regisseur (John G. Avildsen), minste senario (Stallone) en minste orizjinele liet (The Measure of a Man).

Nei it ôffallende resultaat fan Rocky V liek der einlings in ein te kommen oan 'e Rocky-filmrige. Pas yn 2006, sechstjin jier letter, besocht Sylvester Stallone it op nij, en wist er mei Rocky Balboa de searje wer nij libben yn te blazen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Rocky (filmsearje)
Rocky (1976) • Rocky II (1979) • Rocky III (1982) • Rocky IV (1985) • Rocky V (1990) • Rocky Balboa (2006) • Creed (2015) • Creed II (2018)