Robert Louis Stevenson
Robert Louis Stevenson | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | R.L.S., Tusitala | |
echte namme | Robert Lewis Balfour Stevenson | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 13 novimber 1850 | |
berteplak | Edinburgh (Skotlân) | |
stoarn | 3 desimber 1894 (44 jier) | |
stjerplak | Vailima (Samoä) | |
etnisiteit | Skotsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, poëzij, essay's, reisferhalen | |
perioade | Fiktoriaanske Tiid | |
streaming | Romantyk | |
bekendste wurk(en) |
Treasure Island Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde Kidnapped | |
jierren aktyf | 1875 – 1894 | |
offisjele webside | ||
robert-louis-stevenson.org |
Robert Louis Stevenson (berne as: Robert Lewis Balfour Stevenson; Edinburgh, 13 novimber 1850 – Vailima (Samoä), 3 desimber 1894) wie in Skotsk skriuwer fan romans, koarte ferhalen, gedichten, essays, toanielstikken en reisferhalen. Syn bekendste wurken binne de aventoereromans Treasure Island en Kidnapped, en de novelle Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde, in ier foarbyld fan it fantasysjenre en/of fan horror.
Stevenson hie it oan 'e luchtwegen, in krupsje dy't him frijwol syn hiele libben parten spile. Nettsjinsteande dat skreau er oan ien stik wei en reizge er ek in hiel protte yn in tiid dat soks djoer en gefaarlik wie. Syn frou Fanny Van de Grift Osbourne stipe him o sa yn syn aventoerlik, mar ek dreech en nuodlik libben. Yn 1890 sette Stevenson him nei wenjen yn Samoä, yn 'e Stille Súdsee, dêr't er syn lêste jierren trochbrocht. Hy wie ûntsteld troch de oanboazjende Jeropeeske en Amerikaanske ynfloed op 'e Polynezyske kultuer, en fan gefolgen ferskode syn wurk doe fan 'e Romantyk en aventoerefiksje nei in somberder reälisme. Hy ferstoar yn de âldens fan 44 jier oan in oerhaal yn syn wenplak Vailima.
Stevenson wie tige populêr yn syn tiid. Sûnt syn ferstjerren is it mei syn reputaasje as skriuwer op en del gien, mar tsjintwurdich wurdt er wer tige wurdearre. Yn 2018 wied er de op 25 nei meast oersette skriuwer yn 'e wrâld, folgjend op Charles Dickens, dy't it 25e plak ynnaam. Hy waard bewûndere troch tal fan oare auteurs, lykas J.M. Barrie, Bertolt Brecht, Jorge Luis Borges, sir Arthur Conan Doyle, Ernest Hemingway, Rudyard Kipling, Vladimir Nabokov en Marcel Proust.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Robert Louis Stevenson waard yn 'e hjerst fan 1850 berne yn 'e Skotske haadstêd Edinburgh, as de soan fan yngenieur Thomas Stevenson (1818-1887) en dy syn frou Margaret Isabella Balfour (1829-1897). Syn doopnamme wie Robert Lewis Balfour Stevenson, mar doe't er achttjin jier of dêrby om wie, feroare er de stavering 'Lewis' yn 'Louis', en yn 1873 liet er 'Balfour' út syn namme falle. Oan heitekant kaam er út in laach dat bestie út ûntwerpers fan fjoertuorren, in fjild wêryn't net inkeld syn heit aktyf wie, mar ek syn pake Robert Stevenson en syn omkes Alan en David (sjoch ek: David Alan Stevenson en Charles Alexander Stevenson). De famylje fan syn mem wie lânadel út 'e Clan Balfour, ôfstamjend fan in Alexander Balfour dy't yn 'e fyftjinde iuw it lângoed Inchrye yn 'e krite Fife yn besit hie. Syn pake Lewis Balfour wie predikant fan 'e Tsjerke fan Skotlân te Colinton, en syn omkes oan memmekant wiene de dokter George William Balfour en de maritym boukundige James Balfour.
As jonkje brocht Stevenson it meastepart fan syn fakânsjes troch útfanhûs by pake Lewis. Letter soed er dêroer skriuwe: "No freegje ik mysels gauris ôf wat ik fan dy âld predikant oerkrigen haw. Ik moat grif oannimme dat er graach preekje mocht, en dat mei ik ek, hoewol't ik nimmen ea bewearen heard haw dat ien fan ús beiden ek graach nei preken harkje mocht." Krekt as syn pake en syn mem hie Stevenson swakke luchtwegen, en hy rekke faak oanhelle mei hoastjen en koarts. Dat boaze oan doe't de húshâlding yn 1851 yn Edinburgh yn in kâld, fochtich hûs oan Inverleith Terrace kaam te wenjen. Hoewol't se nei in bettere wente oan Heriot Row ferhuzen doe't Stevenson seis jier wie, waard er oant syn alfde ta eltse winter ekstreem siik. Ek yn syn lettere libben wie sykte foar Stevenson in gauris weromkearende steat, en fan gefolgen wied er altyd tige meager. Doedestiden miende de medyske stân dat er tuberkuloaze hie, mar moderne ynsichten wize earder op bronchiëktaasjes of sarkoïdoaze.
De âlden fan Stevenson wiene allebeide fromme presbyterianen, mar de húshâlding libbe de kalvinistyske prinsipes net strikt nei. Syn minne, Alison Cunningham, wie folle stranger yn 'e leare, en har ferminging fan kalvinisme mei it byleauwe fan it sljochtwei folk wie in iere boarne fan nachtmerjes foar Stevenson. Nettsjinsteande dat fersoarge hja him altyd nei har bêste kinnen as er siik wie, en har foarlêzen út 'e Bibel en it wurk fan John Bunyan hie in grutte ynfloed op him, krektlyk as har ferhalen oer de skiednis fan Skotlân. Yn 1885 droech er de dichtbondel A Child's Garden of Verses oan har op.
Stevenson wie in iennichst bern. Hy seach der apart út en hold en droech him ek wat eksintryk, dat hy hie muoite om syn plak tusken de oare skoalbern te finen doe't er mei seis jier nei de legere skoalle stjoerd waard, in probleem dat him fannijs foardie doe't er mei 11 jier nei de Ediburgh Academy gie. Simmerdeis by pake yn Colinton koed er lykwols goed oer de wei mei syn neven en nichten. Mei't er foar syn alfde gauris foar langere tiid siik wie, krige er dan thús ûnderwiis fan priveelearaars om net efterop te reitsjen. Stevenson learde pas let, mei sân jier, om te lêzen en skriuwen, mar foartiid diktearre er al teltsjes dy't er optocht oan syn mem en oan frou Cunningham. Neitiid skreau er syn hiele jonkheid troch op suver twangmjittige wize ferhalen. Dêryn waard er oanfitere troch syn heit, dy't sels as bern ek skreaun hie oant sýn heit dy ferhalen fûn hie en him tabiet om "sokke flauwe kul op te jaan en [him] by syn saken te hâlden".
De Edinburgh Academy, dêr't Stevenson yn oktober 1861 hinne gie, wie in ûnôfhinklike jongesskoalle, dêr't er mei tuskenskoften fyftjin moannen learde. Yn 'e hjerst fan 1863 brocht er ien trimester troch op in kostskoalle yn it Ingelske Isleworth, yn Middlesex (no in diel fan westlik Londen). Yn oktober 1864 gied er nei in priveeskoalle yn Edinburgh dy't rund waard troch in Robert Thompson. Dêr bleau er oant er yn novimber 1867 as studint nei de Universiteit fan Edinburgh gie om, yn neifolging fan syn heit en syn heite famylje, foar yngenieur te learen. Fan it begjin ôf oan ûntbriek it him oan entûsjasme foar dy oplieding en stiek er in protte enerzjy yn it ûntrinnen fan syn kolleezjes. It wie yn dy snuorje dat Stevenson it leauwe ferlear en ateïst waard, alhoewol't syn kristlike opfieding altyd ynfloed op him hâlde soe.
Elts jier gie Stevenson yn 'e fakânsje mei syn heit op ynspeksjereis by de fjoertuorren lâns dy't de Stevensons ûntwurpen hiene: yn 1868 nei Anstruther en Wick, yn 1869 nei de Orkney-eilannen en nei Sjetlân, en yn 1870 nei it ôfhandige eilân Erraid, dêr't se trije wiken trochbrochten. Hy hie dêr in protte niget oan, mar net om't er belangstelling hie foar de tuorren. Ynstee gie it him om it materiaal dat de reizen him joegen om oer te skriuwen. Yn april 1871 brocht Stevenson einlings en te'n lêsten oan syn heit út dat der gjin yngenieur yn him siet en dat er skriuwer wurde woe. Hoewol't syn heit fansels teloarsteld wie, kin it nijs foar him net as ferrassing kommen wêze, en Stevenson syn mem skreau dat er "nuveraardich frede hie" mei de kar fan syn soan. Om te bewissigjen dat Stevenson wat hie om op werom te fallen, waard ôfpraat dat er nei de universiteit weromkeare soe om rjochten te studearjen, dat er abbekaat wurde koe. Dy ôfspraak hold er him oan en yn july 1865 studearre er ôf. Hy oefene lykwols it berop fan abbekaat nea út, mei't er him folslein op syn karriêre as skriuwer talei.
Yntree yn literêre fermiddens en iere reizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op besite by in neef yn Ingelân yn 1873 mette Stevenson twa minsken dy't tige ynfloedryk yn syn libben wurde soene: Sidney Colvin en Fanny (Frances Jane) Sitwell. Dy lêste wie in skieden frou en in allinnichsteande mem fan 34 jier. Hja wie tsjep en garismatysk, en loek in protte oandacht fan manlju, ûnder wa ek Colvin, dy't úteinlik yn 1901 mei har trouwe soe. Stevenson, doe 23, fielde him ek ta har oanlutsen, en hy ûnderhold mei har jierrenlang in libbene briefkerij, wêryn't er wifke tusken de rol fan oanbidder en dy fan leafhawwende soan (hy spriek har oan mei "Madonna"). Colvin waard Stevenson syn literêr adviseur en bewurkmastere syn earste betelle publikaasje, it essay Roads yn it tydskrift The Portfolio. Nei Stevenson syn ûntidich ferstjerren waard Colvin ek de earste redakteur fan syn brieven.
Al rillegau wie Stevenson aktyf yn literêre fermiddens yn Londen, dêr't er befreone rekke mei bekende skriuwers út dy tiid, lykas Andrew Lang en Edmund Gosse, en teffens mei Leslie Stephen, de haadredakteur fan it blêd The Cornhill Magazine, dy't belangstelling krige foar it wurk fan 'e jonge auteur. Stephen naam Stevenson op sleeptou by in besyk oan in pasjint yn in sikehûs yn Edinburgh, dy't de dichter William Ernest Henley bliek te wêzen. Dyselde waard in goede freon fan Stevenson, mei wa't er út en troch ek literêr gearwurke, oant harren freonskip der yn 1888 ûnder strûpte troch rûzje. Henley, dy't in bûtengewoan garismatyske persoan wie en in houten poat hie, wie neffens Stevenson sels de ynspiraasje foar it ferneamde personaazje fan 'e seerôver Long John Silver yn Treasure Island.
Yn novimber 1873 waard Stevenson nei Menton, oan 'e Frânske Riviêra, ta stjoerd om op te betterjen nei't er wer yn 'e minnichte rekke wie. Yn april it jiers dêrop kearde er sûner werom nei Edinburgh om him wer oan syn stúdzje te setten, mar neitiid gied er noch ferskate kearen nei Frankryk. Hy besocht dêr faak de krite fan it Wâld fan Fontainebleau en ferbleau dan yn Barbizon, Grez-sur-Loing en Nemours, dêr't in protte keunstners taholden. Ek reizge er nei Parys om nei de museä en skouboargen te gean. Yn septimber 1876 gie Stevenson op in tocht mei kano's troch de wetterwegen fan Belgje en noardlik Frankryk, tegearre mei syn stúdzjefreon sir Walter Simpson. Dy reis, dy't de basis foarmje soe foar syn earste reisboek, An Inland Voyage (1878), brocht him yn Grez, dêr't er yn 'e kunde kaam mei Fanny Van de Grift Osbourne (1840-1914), mei wa't er tsien jier skeelde.
Houlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanny wie in Amerikaanse fan Nederlânsk etnysk komôf út in begoedige fermidden yn Indianapolis, dy't mei santjin jier troud wie mei in Samuel Osbourne. Nei't dyselde yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch tsjinne hie, wie hja nei it Territoarium Nevada ferfearn om har wer by him te jaan. Syn geduerige gefallen fan oerhoer hiene lykwols foar in brek yn it houlik en in skieding fan tafel en bêd soarge, wêrby't Fanny ôfset wie nei Frankryk mei har bern Isobel (1858-1953), Lloyd (1868-1947) en Hervey (1869-1875). Dêre studearren sy en har dochter keunstskiednis. Tsjin 'e tiid dat Stevenson har mette, wie Fanny sels al in skriuwster fan koarte ferhalen dy't in beskate erkenning genoat.
Koart nei harren earste moeting kearde Stevenson werom nei it Feriene Keninkryk, mar Fanny bleau blykber yn syn tinzen, mei't er yn The Cornhill Magazine it essay On Falling in Love ("Oangeande Fereale Reitsjen") publisearre. Yn 1877 troffen se inoar wer en waarden se minners. Stevenson brocht in grut diel fan it folgjende jier mei har en har bern troch yn Frankryk. Yn augustus 1878 kearde se werom nei de Feriene Steaten, dêr't se har yn San Francisco nei wenjen sette, wylst Stevenson op in kuiertocht gie troch de Sevennen (in diel fan it Sintraal Massyf), dy't de basis foarme foar syn Travels with a Donkey in the Cévennes (1879). Tsjin 'e goerie fan syn freonen yn en sûnder syn âldelju deroer yn te ljochtsjen, sette er har yn augustus 1879 efternei. Hy stiek de Atlantyske Oseaan oer as passazjier yn 'e twadde klasse op it steamskip de Devonia, foar in part om jild út te sparjen, mar ek om te ûnderfinen hoe't 'de gewoane man' reizge, wat er letter fêstlei yn it reisboek The Amateur Emigrant. Nei oankomst yn New York teach er oer lân nei Kalifornje. Dêr skreau er letter Across the Plains oer, mar de reis wie him te swier, dat syn sûnens stoarte yn.
Tsjin 'e tiid dat er oankaam yn Monterey (Kalifornje), wied er de dea nei-oan. Hy waard troch guon pleatslike boeren ferpleegd oant er wer opbettere. Neitiid ferbleau er yn it French Hotel oan Houston Street (no it oan him wijde museum Stevenson House). Hy iet gauris fergees yn in restaurant deunby, dat eigendom wie fan 'e Frânsman Jules Simoneau (oan wat no Simoneau Plaza is). Jierren letter stjoerde er dyselde in eksimplaar mei ynskripsje fan syn novelle Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde (1886), wêrby't er oantekene dat it noch in nuveraardiger saak (stranger case) wêze soe as Robert Louis Stevenson ea Jules Simoneau ferjitte soe. Tsjin desimber 1879 wied er wer safierhinne opbettere as foar him wenstich wie, en reizge er fierder nei San Francisco. Dêr besocht er himsels te ûnderhâlden troch it ferrjochtsjen fan swier lichaamlik wurk. Oan 'e ein fan 'e winter soarge dat foar in nije tebeksetter fan syn sûnens, sadat er it op 'e nij by de dea om 't ôf helje moast. Fanny wie ûnderwilens lykwols skieden fan har man, en se ferpleegde him oant er wer opbettere. Doe't syn heit oer syn swierrichheden hearde, stjoerde dy him genôch jild om him troch de dreechste tiid te helpen.
Stevenson en Fanny trouden yn maaie 1880, hoewol't er doe noch, yn syn eigen wurden, "earder in symboal foar stjerlikens wie as in brêgeman". Mei syn breid en syn styfsoan Lloyd reizge er nei de Napadelling boppe San Francisco, dêr't se har houliksreis trochbrochten yn in ôftanke goudsikerskamp op 'e skeanten fan 'e Mount Saint Helena (yn wat no it Steatspark Robert Louis Stevenson is). Oer dy simmer skreau er letter yn The Silverado Squatters. Om dyselde snuorje hinne mette Stevenson Charles Warren Stoddard, in redakteur fan 'e Overland Monthly, dy't nei de Stille Súdsee reizge wie en Stevenson oanrikkemandearre om dat ek te dwaan. Jierren letter soe dat idee wer by him opkomme, mar yn augustus 1880 reizge er ynstee mei Fanny en Lloyd nei New York en dêrwei nei Ingelân, dêr't se yn 'e haven fan Liverpool ferwolkomme waarden troch syn âlden en Sidney Colvin. Neitiid wist Fanny mei har sjarme en gefoel foar humor stadichoan de kleau te tichtsjen dy't Stevenson syn ûnberette ôfreis nei Noard-Amearika tusken him en syn heit iepene hie.
Ingelân en wer nei de Feriene Steaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stevenson en syn húshâlding pindelen hinne en wer tusken Skotlân en it fêstelân fan Jeropa, en setten har yn 1884 einlings nei wenjen yn 'e havenstêd Bournemouth yn it Ingelske greefskip Dorset. Fan april 1885 ôf hie Stevenson dêr it selskip fan 'e skriuwer Henry James, dy't er earder met hie yn Londen. Dyselde ferfear nei Bournemouth om syn ynfalide suster Alice by te stean, en de Stevensons nûgen him út om eltse dei by harren te iten. Stevenson sels wie yn dy tiid grutdiels bêdlegerich, mar dochs skreau er yn syn trije jier yn Bournemouth syn bekendste en populêrste wurken, wêrûnder Treasure Island, Kidnapped, Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde (wêrmei't er trochbriek), A Child's Garden of Verses en Underwoods.
Stevenson syn heit Thomas ferstoar yn 1887, wat foar Stevenson it paad klearre om 'e rie fan syn dokter op te folgjen en him yn in klimaat nei wenjen te setten dat befoarderliker foar syn sûnens wie. Mei syn mem, no in widdo, en syn húshâlding ferliet er Ingelân mei de bedoeling om him yn 'e Rocky Mountains fan Colorado te fêstigjen. Mar nei't se yn New York oankommen wiene, besleaten se de winter oer te bliuwen yn 'e Adirondacks, in berchtme yn 'e steat New York. Dêr ferbleaune se yn in kuerwente oan 'e Saranacmar, in gebou dat no bekend stiet as it Stevenson Cottage. Dy bitter kâlde winters skreau Stevenson guon fan syn bêste essays, lykas Pulvis et Umbra. Ek sette er útein mei de roman The Master of Ballantrae en makke er lichthertich plannen foar in syltocht nei de Stille Súdsee yn 'e oankommende simmer.
Reizen yn 'e Stille Súdsee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn juny 1888 sjartere Stevenson it jacht de Casco en sette er mei Fanny, Lloyd en syn mem oer see ôf út 'e haven fan San Francisco. De seelucht en de spanning fan in nij aventoer bettere er foar in skoft fan op en krapoan trije jier lang doarme er troch it easten en de midden fan 'e súdlike Stille Oseaan. Dêrby died er ferskate kearen de Hawaï-eilannen oan, doe noch in ûnôfhinklik lân as it Keninkryk Hawaï. Dêr ferbleau er lange skoften en rekke er goed befreone mei kening David Kalākaua, by wa't er in protte omsloech. Ek krigen de Stevensons dêre gedoente mei de omkesizzer fan 'e kening, prinsesse Victoria Ka‘iulani, dy't behalven Hawaïaansk en Skotsk bloed hie. Op it eilân Molokaï besocht Stevenson pater Damiaan, in Flaamske geastlike dy't dêr wurke mank de ferballe pasjinten fan in leprakoloanje.
Behalven yn Hawaï brocht Stevenson yn dy jierren ek tiid troch op de Gilberteilannen (no Kiribaty), Tahity (yn Frânsk-Polyneezje) en de Samoä-eilannen en yn Nij-Seelân. Hy foltôge The Master of Ballantrae, dichte twa balladen dy't basearre wiene op 'e leginden fan 'e Polynezyske befolking en skreau The Bottle Imp. Syn ûnderfinings út dy tiid leid er fêst yn in ferskaat oan brieven en yn syn In the South Seas, dat yn 1896 postúm ferskine soe. Yn 1889 reizge Stevenson mei syn styfsoan Lloyd op 'e skoender de Equator by Butaritari, Mariki, Apaiang en Abemama yn 'e Gilberteilannen lâns. Se ferbleaune ferskate moannen op Abemama by de tirannike haadman Tem Binoka, dy't Stevenson yngeand beskreau yn In the South Seas.
Yn april 1890 sette Stevenson op 'e Janet Nicoll foar syn trêde en lêste reis troch de Stille Súdsee ôf út Sydney, yn wat doe noch de Britske koloanje Nij-Súd-Wales wie (Austraalje bestie noch net as politike ienheid). Hy hie yn 't sin om in nij reisferhaal te skriuwen dat oanslute moast by In the South Seas, mar úteinlik wie it syn frou Fanny dy't de reis beskriuwe soe yn har wurk The Cruise of the Janet Nichol (mei misstavering fan 'e namme fan it skip). In oare passazjier oan board wie Jack Buckland, waans ferhalen oer syn libben as keapman yn 'e Stille Súdsee de ynspiraasje foarmen foar it personaazje Tom Hadden yn The Wrecker (1892), in wurk dat Stevenson en Lloyd Osbourne tegearre skreaune.
Lêste jierren yn Samoä
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn desimber 1889 arivearren Stevenson-en-dy yn Apia, yn Samoä, dêr't hy en Fanny harren nei wenjen besleaten te setten. Yn jannewaris 1890 kochten se dêr 314¼ acre (wat likernôch itselde is as in pûnsmjit) yn Vailima, in stikmannich kilometers it binnenlân yn by Apia wei. Dêr bouden se it earste hûs mei twa ferdjippings fan 'e hiele arsjipel (no it Robert Louis Stevenson Museum). Op 'e rest fan it lân waard in plantaazje oanlein. Yn maaie 1891 joech Stevenson syn mem Margaret har yn Vailima by Stevenson en syn húshâlding. Wylst Fanny it tafersjoch oer de plantaazje krige, naam Stevenson sels de namme Tusitala oan, wat Samoaansk is foar "Ferhaleferteller", en begûn pleatslike folksferhalen op te tekenjen. Gauris wiksele er dy út tsjin ferhalen dy't er sels koe of skreaun hie. It earste literêre wurk yn 'e Samoaanske taal wie Stevenson syn oersetting fan The Bottle Imp, in fabel mei in moraal en mei Polyneezje as setting.
De ûnderdompeling yn 'e Samoaanske kultuer gie foar Stevenson ûntsjinkearber mank mei in politike ûntwekking, dy't him "oerdwers" pleatste foar de plannen oer dy't de Westerske koloniale machten mei Samoä hiene. Dêrby gie it om it Feriene Keninkryk, it Keizerryk Dútslân en de Feriene Steaten, wêrfan't de marineskippen gauris de Samoaanske havens oandiene. Stevenson, dy't goed thús wie yn 'e skiednis fan Skotlân, begriep dat yn Samoä, krekt as yn 'e Skotske Heechlannen, de lânseigen, op rivalisearjende clans basearre maatskippij alhiel net ree wie foar de oankomst fan útlanners dy't de besteande deilisskippen oanfiteren en de ûnderlinge tsjinstellings fergrutten om dêr sels better fan te wurden. Troch de oanboazjende spannings dy't dat feroarsake, sakke Samoä wei yn ferskate ynterne konflikten dy't útmûnen yn 'e Earste Samoaanske Boargeroarloch.
Op dat punt koe Stevenson net mear oan 'e sydline stean bliuwe as bûtensteander dy't ienfâldichwei de foarfallen beskreau, mar keas er partij en begûn er ynstjoerde brieven nei The Times en oare kranten te stjoeren fol mei ferhalen oer it wangedrach fan Jeropeänen en Amerikanen yn Samoä. Syn noed om 'e lânseigen befolking spriek ek út syn South Sea Letters, dy't er yn 1891 yn ferskate tydskriften publisearre en dy't yn 1896 postúm yn syn boek In the South Seas opnommen wurde soene. Hy holp mei om twa Jeropeeske funksjonarissen dy't it wol hiel bûnt makken, nei hûs weromroppen te krijen, al wied er benaud dat syn aktive belutsenens by dy saak him op deportaasje út Samoä komme soe te stean. De oanboazjende ynfloeden fan 'e Westerske lannen yn Samoä en de Samoaanske Boargeroarloch beskreau Stevenson op detaillearre wize yn syn wurk A Footnote to History: Eight Years of Trouble in Samoa.
Stevenson hie in grouwéligen hekel oan wat er yn Samoä dwaan moast, mar syn gewisse liet him gjin oare kar. Oan syn freon Sidney Colvin skreau er: "Ik seach altyd del op 'e leadjitter, mar wat strielet dy njonken de politikus!" Yn 'e boargeroarloch keas Stevenson iepentlik de kant fan haadman Mata‘afa Iosefo, waans rivaal Malietoa Tanumafili I stipe waard troch de Dútske hannelsfirma's dy't al in moai ein op slach wiene nei it reälisearjen fan in monopoalje op 'e ferwurking fan kopra en kakaobeane. Hy siet noch it meast yn noed oer de naïviteit fan 'e Samoänen op it mêd fan ekonomyske kwestjes, mei as wichtichste foarbyld it feit dat se sels harren hiele eilannegroep net yn besit namen om foar te kommen dat blanken harsels simpelwei grûn ta-eigenen dy't fan nimmen wie.
Yn 1894, inkele moannen foar syn dea, spriek Stevenson de gearkommen haadlju fan Samoä ta, en fitere er harren oan om har eigen lân sichtber yn besit te nimmen om't it har oars ûntnommen wurde soe. Hy hie, sa fertelde er harren, sjoen wat der barde as men soks net die: yn it Keninkryk Hawaï, dêr't de ferlitten lânseigen timpels "as sarken [stiene] op in grêf, middenmank de sûkerreidfjilden fan 'e blanke", mar ek yn Ierlân en "yn 'e bergen fan myn eigen heitelân, Skotlân." Oer de Skotten seid er:
Dat wie yn it ferline in skoander foltsen, moedich, fleurich, trou en tige allyk de Samoänen, útsein op ien manear, te witten: dat se folle wizer en mear bedreaun wiene yn dat fjochtsjen dat jimme sa heech hawwe. Mar de tiid kaam oer harren, krekt sa't dy no oer jimme komt, en hja wiene net ree."
Goed fiif jier nei it ferstjerren fan Stevenson, yn 1900, waard Samoä ferparte yn in westlik, Dútsk diel en in eastlik, Amerikaansk diel. Yn it Dútske diel hie de befolking it measte te lijen ûnder it koloniale bestjoer, mar dêr hiene se it gelok dat it Keizerryk Dútslân de Earste Wrâldoarloch ferlear, wêrnei't it troch de Alliëarden syn koloanjes ûntnommen waard. Dútsk-Samoä kaam doe ûnder it freonliker bewâld fan Nij-Seelân, dat sels ek in koloanje west hie, en it waard yn 1962 ûnôfhinklik as West-Samoä, dat yn 1997 syn namme feroare yn simpelwei Samoä. Amerikaansk-Samoä is anno 2022 noch altyd in ûnynkorporearre territoarium fan 'e Feriene Steaten.
De omstannichheden fan syn bestean yn Samoä laten by Stevenson yn syn skriuwwurk ta in ferskowing fan 'e Romantyk en it aventoer út syn eardere boeken ta in somberder reälisme. The Beach of Falesá (1892), bygelyks, is in koart ferhaal yn it ik-perspektyf oer in Skotske keapman op in eilân yn 'e Stille Súdsee, dy't tsjûge is fan ûnmeilydsume bedragerij fan 'e lânseigen befolking troch de blanken, mar sels mear ynsit oer wêr't er blanke houlikskandidaten fine moat foar syn healbloeddochters. De roman The Ebb-Tide (1894) giet oer de eksploaten fan trije liddichgongers dy't strâne rekke binne yn 'e haven fan Papeete, op Tahity. It boek waard troch Roslyn Jolly, dy't it foarwurd levere foar de útjefe fan South Sea Tales út 1996, omskreaun as: "in mikrokosmos fan 'e ymperialistyske maatskippij, dêr't lieding oan jûn wurdt troch ynklauwerige mar ynkompetinte blanken, wylst de arbeid levere wurdt troch lang lijende lânseigenen dy't har plicht dogge sûnder dêrta befel krigen te hawwen en trou binne oan it troch de misjonarissen brocht leauwe dat de Jeropeänen net iens beare te respektearjen."
Foar in part om 'e ûnkosten fan it libben yn Vailima te beteljen, skreau Stevenson lykwols ek Catriona (1893), in romantysk ferfolch op syn eardere boek Kidnapped. Hoewol't er himsels oerwurke fielde, sette er yn in lêste spurt fan aktiviteit útein mei de roman Weir of Hermiston. Dat spilet yn it achttjinde-iuwske Skotlân en is in ferhaal oer in maatskippij, hoewol folslein oars as dy fan Samoä, wêryn't lykwols krektlyk as yn Samoä de noarmen en wearden en sosjale struktueren yn ferfal reitsje, liedend ta in morele dûbelsinnichheid. Weir of Hermiston ûnthiet gâns ûntwikkeling fan skriuwerskip, en Stevenson beskôge it sels as syn bêste wurk. Spitigernôch soed er it nea foltôgje.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 3 desimber 1894 wie Stevenson mei syn frou oan it praten wylst er him ynspande om in flesse wyn iepen te krijen, doe't er ynienen útrôp: "Wat is dat?" Fuort dêrop frege er syn frou: "Sjocht myn gesicht der ek nuver út?" En doe foel er derhinne. Hy ferstoar inkele oeren letter, yn 'e âldens fan 44 jier, nei alle gedachten oan in oerhaal. De Samoänen stiene derop om syn stoflik omskot dy nachts te omjaan mei skyldwachten en droegen him neitiid op harren skouders de berch de Vaea op, dêr't Stevenson troch harren begroeven waard op in plak dat útseach oer see, yn in stik lân dat skonken wie troch de Britske plakferfangend fise-konsul Thomas Trood. Stevenson hie altyd wollen dat syn gedicht Requiem op syn eigen grêftombe ynkurven waard, en dat kaam der yndie op 'e eastkant op te stean:
- Under the wide and starry sky,
- Dig the grave and let me lie.
- Glad did I live and gladly die,
- And I laid me down with a will.
- This be the verse you grave for me:
- Here he lies where he longed to be;
- Home is the sailor, home from sea,
- And the hunter home from the hill.
- Under the wide and starry sky,
oersetting:
- Under de iepen en troch stjerren ferljochte loft,
- Graaf dêr it grêf en lit my lizze.
- Bliid libbe ik en bliid bin ik stoarn,
- En ik haw my út alle macht deljûn.
- Mei dit it fers wêze dat jimme foar my ynkervje:
- Hjir leit er dêr't er lange om te wêzen;
- Thús is de seeman, thús fan see,
- En de jager thús út 'e heuvels.
- Under de iepen en troch stjerren ferljochte loft,
Stevenson wie de Samoänen tige dierber, en syn grêfskrift waard yn it Samoaansk oerset as in klaachliet. Op 'e westkant fan syn tombe stiet in bibelpassaazje út Ruth 1:16-17 gravearre:
- Want dêr't jo hinnegeane, gean ik hinne,
- en dêr't jo de nacht oerbliuwe, bliuw ik de nacht oer.
- Jo folk is myn folk en jo God is myn God.
- Dêr't jo stjerre sille, sil ik stjerre, en dêr sil ik begroeven wurde."
- Want dêr't jo hinnegeane, gean ik hinne,
Kontekstueel binne dat de wurden fan Ruth, de Moäbitise, dy't se sprekt tsjin har skoanmem Naomi, in Israelitise dy't jierrenlang om utens taholden hat yn Moäb. Nei de dea fan sawol har man as har beide soannen wol Naomi weromkeare nei har heitelân Israel, en se besiket har skoandochter Ruth, dy't har beselskipje wol, werom te stjoeren nei hûs. Mar Ruth wegeret by har wei te gean. Op it grêf fan Stevenson wiist dizze tekst op syn identifikaasje mei de Samoänen.
Wurdearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Robert Louis Stevenson wie yn syn eigen tiid tige populêr. Hy waard doedestiden bewûndere troch oare ferneamde auteurs, lykas J.M. Barrie, sir Arthur Conan Doyle, Henry James, Rudyard Kipling, Marcel Proust en Emilio Salgari, en letter troch ek troch skriuwers as Bertolt Brecht, Jorge Luis Borges, G.K. Chesterton, Ernest Hemingway, Jack London, Vladimir Nabokov en Cesare Pavese.
Sûnt syn ferstjerren is it mei syn reputaasje as skriuwer lykwols op en del gien, mei't er yn in grut part fan 'e tweintichste iuw beskôge waard as in twadderang auteur fan benammen berneboeken en sjenreliteratuer lykas horror. Literêre grutheden as Virginia Woolf (dy't opfallend genôch de dochter wie fan syn iere mentor Leslie Stephen) feroardielen syn wurk, en stadichoan waard Stevenson út 'e kanon fan 'e Ingelsktalige literatuer skrast. Dy útsluting berikte syn hichtepunt mei de útjefte fan 'e 2.000 bledsiden tellende Britske Oxford Anthology of English Literature út 1973, dêr't er alhiel net yn neamd waard, en The Norton Anthology of English Literature út 'e Feriene Steaten, dy't him fan 1968 oant en mei 2000 sân edysjes lang negearre, oant er úteinlik yn 'e achtste edysje fan 2006 in fermelding krige. Nettsjinsteande dat bleau Stevenson by de gewoane lêzer ûnfermindere populêr.
Oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw kaam der in letterkundige werevaluaasje fan Stevenson en syn oeuvre op gong. Tsjintwurdich wurdt er sjoen as in skriuwer mei talint foar in breed skala oan sjenres fan sawol fiksje as non-fiksje en sawol proaza as poëzij, en teffens as in literêr teorist, in essayist en maatskippijkritikus fan grut ynsjoch, in humanist en in tsjûge fan 'e kolonisearring fan 'e Stille Súdsee dy't feroardiele wat er seach en dêrby gjin blêd foar de mûle naam. Dêrmei wurdt er no beskôge as tiidgenoat en gelikense fan sa'n literêre grutheid as Joseph Conrad (waans wurk Stevenson sterk beynfloede mei syn fiksje oer de Stille Súdsee). Yn 2018 naam Stevenson it 26e plak yn op 'e ranglist fan 'e meast oersette skriuwers yn 'e wrâld, fuort nei Lev Tolstoj (23), Isaac Asimov (24) en Charles Dickens (25), en foàr oare ferneamde auteurs, lykas Oscar Wilde (28), Karl Marx (31), Honoré de Balzac (32), Ernest Hemingway (33), Franz Kafka (36), Friedrich Nietzsche (37), Anton Tsjechov (42), J.R.R. Tolkien (43), Edgar Allan Poe (44) en Rudyard Kipling (45). (De top 3 waard trouwens foarme troch Agatha Christie op 1, folge troch Jules Verne op 2 en William Shakespeare op 3.)
Op it mêd fan Stevenson syn moderne reputaasje skreau de foaroansteande Amerikaanske filmkritikus Roger Ebert yn 1996:
"Ik wie okkerdeis yn petear mei in freon, dy't sei dat er noch nea in bern troffen hie dat graach Treasure Island fan Robert Louis Stevenson lêzen hie.
'Ik ek net,' sei ik. En hy hie ek noch nea in bern troffen dat graach Stevenson syn Kidnapped lêzen hie. 'Ik ek net,' sei ik. Myn iere bleatstelling oan beide boeken gie fia de Classics Illustrated-stripboeken. Mar ik haw beide boeken letter, doe't ik gjin bern mear wie, wol deeglik lêzen, en doe haw ik der tige by tige fan genoaten. Itselde jildt foar Stevenson syn Dr. Jekyll and Mr. Hyde.
Feitliks sit it sa: Stevenson is in geweldige skriuwer fan ferhalen foar folwoeksenen, en hy heart op deselde planke thús as Joseph Conrad en Jack London, ynstee fan tusken Winnie the Pooh en Peter Pan yn."
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romans en novelles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](as der it net oars oanjûn stiet, giet it om romans)
- 1877 – The Hair Trunk, or: The Ideal Commonwealth (in ier wurk, ûnfoltôge en ûnpublisearre oant der yn 2014 in annotearre edysje fan útjûn waard)
- 1883 – Treasure Island (in aventoereroman oer seerôverij en in bedobbe skat; yn in iere ferzje yn 1881-1882 as fúljeton publisearre; de ierst bekende titel wie The Sea Cook: A Story for Boys)
- 1885 – Prince Otto (in aventoereroman dy't spilet yn 'e fiktive Dútske steat Grünewald)
- 1886 – Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde (in novelle dy't ta it sjenre fan 'e horror heart of ta fantasy, ôfhinklik fan hoe't men it besjocht)
- 1886 – Kidnapped (histoaryske roman tsjin 'e eftergrûn fan 'e Jakobityske Opstannen yn Skotlân)
- 1887 – The Misadventures of John Nicholson (in novelle mei as ûndertitel A Christmas Story; postúm publisearre yn 'e ferhalebondel Tales and Fantasies út 1905)
- 1888 – The Black Arrow (histoaryske roman tsjin 'e eftergrûn fan 'e Roaze-oarloggen yn it Midsiuwske Keninkryk Ingelân)
- 1889 – The Master of Ballantrae (in aventoereroman oer wraak, dy't spilet yn Skotlân, de Feriene Steaten en Britsk-Ynje)
- 1889 – The Wrong Box (in komyske roman, skreaun troch Stevenson tegearre mei syn styfsoan Lloyd Osbourne)
- 1892 – The Wrecker (in aventoereroman op see, skreaun troch Stevenson en Lloyd Osbourne tegearre)
- 1893 – Catriona (soms ek David Balfour neamd; in aventoereroman dy't in ferfolch is op Stevenson syn eardere wurk Kidnapped)
- 1894 – The Ebb-Tide (in somber reälistysk wurk oer trije liddichgongers dy't strâne rekke binne op Tahity; yn gearwurking mei Lloyd Osbourne)
- 1896 – Weir of Hermiston (in roman oer it 18e-iuwske Skotlân, dy't gâns artistike groei ûnthiet, mar ûnfoltôge bleau)
- 1897 – St Ives’ (ûnfoltôge bleaun, mar letter ôfmakke troch Arthur Quiller-Couch)
Koarte fiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferhalebondels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1882 – New Arabian Nights (befettet 11 koarte ferhalen)
- The Suicide Club (in syklus 3 detektiveferhalen)
- Story of the Young Man with the Cream Tarts
- Story of the Physician and the Saratoga Trunk
- The Adventure of the Hansom Cab
- The Rajah's Diamond (in syklus fan 4 detektiveferhalen)
- Story of the Bandbox
- Story of the Young Man in Holy Orders
- Story of the House with the Green Blinds
- The Adventure of Prince Florizel and a Detective
- The Pavilion on the Links
- A Lodging for the Night
- The Sire De Malétroits Door
- Providence and the Guitar
- The Suicide Club (in syklus 3 detektiveferhalen)
- 1885 – More New Arabian Nights: The Dynamiter (mei Fanny Van de Grift Stevenson)
- Prologue of the Cigar Divan
- Challoner's adventure: The Squire of Dames
- Story of the Destroying Angel
- The Squire of Dames (Concluded)
- Somerset's adventure: The Superfluous Mansion
- Narrative of the Spirited Old Lady
- The Superfluous Mansion (Continued)
- Zero's Tale of the Explosive Bomb
- The Superfluous Mansion (Continued)
- Desborough's Adventure: The Brown Box
- Story of the Fair Cuban
- The Brown Box (Concluded)
- The Superfluous Mansion (Concluded)
- Epilogue of the Cigar Divan
- 1887 – The Merry Men and Other Tales and Fables (befettet 6 koarte ferhalen)
- Markheim
- The Merry Men
- Olalla
- Thrawn Janet
- The Treasure of Franchard
- Will o' the Mill
- 1893 – Island Nights' Entertainments (befettet 3 koarte ferhalen)
- The Bottle Imp
- The Beach of Falesá
- The Isle of Voices
- 1896 – Fables (befettet 20 koarte ferhalen)
- The Carthorse and the Saddlehorse
- The Citizen and the Traveller
- The Devil and the Innkeeper
- The Distinguished Stranger
- Faith, Half Faith and No Faith at All
- The Four Reformers
- The House of Eld
- The Man and His Friend
- The Penitent
- The Persons of the Tale
- The Poor Thing
- The Reader
- The Sick Man and the Fireman
- The Sinking Ship
- Something in It
- The Song of the Morrow
- The Tadpole and the Frog
- The Touchstone
- The Two Matches
- The Yellow Paint
- 1905 – Tales and Fantasies (befettet 3 koarte ferhalen; postúm ferskynd)
- The Body Snatcher
- The Misadventures of John Nicholson
- The Story of a Lie
Net bondele koarte ferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1875 – An Old Song (Stevenson syn earste publisearre fiksjewurk)
- 1875 – When the Devil Was Well (foar it earst publisearre yn 1921)
- 1877 – Edifying Letters of the Rutherford Family (ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 1982)
- 1882 – Diogenes (bestiet út twa stikjes: Diogenes in London en Diogenes at the Savile Club)
- 1885 – The Great North Road (ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 1895)
- 1885 – The Story of a Recluse (ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 1921)
- 188? – The Clockmaker (in fabel)
- 188? – The Scientific Ape (in fabel)
- 1889 – The Enchantress (foar it earst publisearre yn 1989)
- 1891 – Adventures of Henry Shovel (ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 19??)
- 1892 – The Waif Woman (ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 1914)
- 1893 – The Young Chevalier (ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 1897)
- 1894 – Heathercat (ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 1897)
Toanielstikken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1892 – Three Plays (mei William Ernest Henley)
- Deacon Brodie
- Beau Austin
- Admiral Guinea
Non-fiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Essaybondels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1881 – Virginibus Puerisque, and Other Papers
- 1882 – Familiar Studies of Men and Books
- 1887 – Memories and Portraits
- 1896 – In the South Seas (befettet ek artikels)
- 1904 – Prayers Written at Vailima
- 1905 – Essays in the Art of Writing
Net bondele essays
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1887 – On the Choice of a Profession
- 1887 – The Day After Tomorrow
- 1888 – Memoir of Fleeming Jenkin
- 1890 – Father Damien: an Open Letter to the Rev. Dr. Hyde of Honolulu
- 1995 – The New Lighthouse on the Dhu Heartach Rock, Argyllshire (manuskript út 1872)
- 2008 – Sophia Scarlet (manuskript út 1892)
Reisferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1878 – An Inland Voyage (yn in kano fan Antwerpen nei Pontoise, by Parys)
- 1878 – Edinburgh: Picturesque Notes (oade oan Edinburgh)
- 1879 – Travels with a Donkey in the Cévennes (allinnich mei in ezel twa wiken op reis troch de Sevennen yn it Sintraal Massyf fan súdlik Frankryk)
- 1882 – The Old and New Pacific Capitals (ferslach fan Stevenson syn ferbliuw yn Monterey (Kalifornje) fan aug. oant des. 1879)
- 1883 – The Silverado Squatters (oer in ûnkonvinsjonele houliksreis nei in in ferlitten goudsikerskamp op 'e Mount Saint Helena yn Kalifornje)
- 1892 – Across the Plains (skreaun yn 1879-1880; oer de reis fan New York nei Kalifornje)
- 1895 – The Amateur Emigrant (skreaun yn 1879-1880; oer de reis as passazjier twadde klasse fan Liverpool nei New York)
- 1905 – Essays of Travel
Oar non-fiksjewurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1875 – Béranger, Pierre Jean de (lemma oer Jean Pierre de Béranger yn 'e Encyclopædia Britannica)
- 1892 – A Footnote to History: Eight Years of Trouble in Samoa (oer de politike sitewaasje yn Samoä)
- 1895 – Vailima Letters (brieven)
- 1896 – In the South Seas (sammele artikels en essays fan Stevenson oer syn omdoarmings troch de Stille Súdsee)
Poëzij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1885 – A Child's Garden of Verses (dichtbondel, skreaun foar bern, mar ek populêr by âldelju; mei as bekendste gedichten My Shadow en The Lamplighter)
- 1887 – Underwoods (dichtbondel, foar in part yn it Ingelsk en foar in part yn it Skotsk)
- 1891 – Ballads (dichtbondel mei as bekendste gedicht Ticonderoga: A Legend of the West Highlands)
- 1896 – Songs of Travel and Other Verses
- 1916-1921 – Poems Hitherto Unpublished (al Stevenson syn earder ûnpublisearre bleaune gedichten, útjûn yn trije dielen yn 1916, 1916 en 1921)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) In webside wijd oan Robert Louis Stevenson
- (in) Bibliografy fan Robert Louis Stevenson
- (in) Wurken fan Robert Louis Stevenson op Project Gutenberg
- (in) E-teksten fan Robert Louis Stevenson op Wikisource
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Skotsk romanskriuwer
- Skotsk skriuwer fan histoaryske fiksje
- Skotsk horrorskriuwer
- Skotsk misdieskriuwer
- Skotsk mearkeskriuwer
- Skotsk fantasyskriuwer
- Skotsk reisferhaleskriuwer
- Skotsk dichter
- Skotsk berneboekeskriuwer
- Skotsk essayist
- Skotsk ateïst
- Skriuwer yn it Skotsk
- Persoan berne yn 1850
- Persoan stoarn yn 1894