Richard Wright (toetsenist)
Richard Wright | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Richard Wright (1971) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Richard William Wright | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 28 july 1943 | |
berteplak | Londen | |
stoarn | 15 septimber 2008 | |
stjerplak | Londen | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock | |
ynstrumint | Oargel, Piano | |
jierren aktyf | 1962 – 2008 |
Richard William Wright (Londen, 28 july 1943 - 15 septimber 2008) wie in Ingelsk toetsenist. Hy is bekend as ien fan de oprjochters fan Pink Floyd
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pink Floyd (1965-1979)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Richard Wright wie yn 1965 ien fan de oprjochters fan Pink Floyd. Hy spile yn 'e earste jierren in wichtige rol en brocht ferskate nûmers yn yn it repertoire fan 'e band. Letter soe Wright him minder dwaande hâlde mei it skriuwen fan teksten, en him mear talizze op it skriuwen fan ynstrumintale nûmers. By de opnamen fan The Wall waard hy troch Roger Waters oan de kant set, it resultaat fan sawol groeiende ûnmin tusken Waters en Wright, en ek fan persoanlike problemen. Hy waard lykwols wol as sesjemuzikant ynhierd by de toernee dy't folge op it ferskinen fan The Wall. Mei hat Richard Wright offisjeel tsien studioalbums útbrocht.
Solo karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn earste soloprojekt wie it album Wet Dream yn 1978. Ek brocht er noch in tal albums út mei oare muzikanten ûnder oaren yn 1970 mei earder Pink Floyd sjonger Syd Barrett. Yn 1996 kaam syn twadde solo-album út hjirop wurke Wright gear mei Sinéad O'Connor. Solo hat Richard Wright twa studioalbums útbrocht.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1964 boaske Wright mei Juliette Gale sjongeres fan ien fan de bands dy't foarôf giene oan Pink Floyd hja giene yn 1982 by inoar wei. Nei Gale boaske Wright yn 1984 mei Franka dit houlik duorre oant't 1994. Yn 1995 gie er foar de tredde kear in houlik dis kear mei Mildred Hobbs it hâld stân oant 2007. Wright hat twa bêrn út de lêste twa houliken. Yn 2008 ferstoar Richard Wright op 65 jierrige leeftiid oan de gefolgen fan longkanker.
.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
The Piper at the Gates of Dawn | 4 augustus 1967 | Pink Floyd | Flaming |
A Saucerful of Secrets | 29 juny 1968 | Let There Be More Light | |
Ummagumma | 7 novimber 1969 | ||
Atom Heart Mother | 2 oktober 1970 | ||
Barrett | 14 novimber 1970 | Syd Barrett | |
Meddle | 5 novimber 1971 | Pink Floyd | One of These Days |
The Dark Side of the Moon | 1 maart 1973 | Money, Us and Them | |
Wish You Were Here | 12 septimber 1975 | Have a Cigar, Shine On You Crazy Diamond (Part I) | |
Animals | 21 jannewaris 1977 | ||
Wet Dream | 22 septimber 1978 | Richard Wright | |
The Wall | 30 novimber 1979 | Pink Floyd | Another Brick in the Wall, Part 2, Run Like Hell, Comfortably Numb |
Identity | 9 april 1984 | Zee | |
Broken China | 7 oktober 1996 | Richard Wright |