Pylder fan Igel
De Igeler Säule (Pylder fan Igel) is in 23 meter heech Romeinsk grêfmonumint fan sânstien oan 'e lofter kant fan 'e Mûzel yn it doarp Igel súdwestlik fan Trier, Dútslân. It monumint datearret út de 3e iuw n.Kr. en is ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Romeinske monuminten, dom en Leaffrouwetsjerke yn Trier.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pylder fan reade sânstien is likernôch 23 meter heech en ryk mei reliëfs fersierd. Dy toane foarstellings út it deistige libben en it beropslibben fan lekkenkeaplju, mar ek út de mytology. Oarspronklik wiene de measte antike bylden kleurich, mar fan de eardere beskildering wie al oan it begjin fan de earste ûndersiken yn 'e 19e iuw mar in bytsje oer. Yn it Rheinisches Landesmuseum Trier stiet in replika mei de oarspronklike kleuren.
De spits fan de pylder is mei in earn mei iepenslaande fleugels fersierd. De earn is lykwols slim ferware en hast net mear as in earn werom te kennen.
Oprjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It monumint waard yn 'e 3e iuw yn opdracht fan 'e bruorren Secundinius Aventinus en Secundinius Securus foar harrensels en foar harren famylje oprjochte. De krekte datearring fan it bouwurk is in saak fan strideraasje is, guon datearje de pylder yn it twatredde diel fan 'e 3e iuw, wylst oaren tinke dat it monumint út de earste dessinia fan 'e 3e iuw datearret.
Alhoewol't de pylder neffens de foarm en it ynskrift in grêfmonumint is, binne der by opgravings gjin resten fan begroeven persoanen weromfûn. Dat it monumint goed bewarre is hat faaks te krijen mei in fersin. Faaks tsjinne it monumint dêrom allinne as in senotaaf, in skyngrêf, wylst de grêven fan 'e bouwers en harren ferstoarne famyljeleden op harren eigen lân leine. Njonken de neitins oan de deaden fan 'e famylje hie it monumint nei alle gedachten ek noch as doel om reklame te meitsjen foar de lekkehannel fan 'e famylje.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it Romeinske tiidrek waard it monumint net lykas in soad oare monuminten ferneatige. Yn kristlike tiid waard it belangrykste reliëf útlein as it houlik fan Konstantius Kloarus en Flavia Julia Helena, de heit en mem fan keizer Konstantyn de Grutte en dêrom krige it monumint beskerming fan 'e Tsjerke. Dochs ûnstie der yn 'e midsiuwen skea, mooglik troch it besykjen om de izeren beugels fanwegen de metaalwearde tusken de stiennen út it monumint te skuorren. De Spaanske gûverneur fan Lúksemboarch, Peter Enst I fan Mansfeld, dy't in bulte niget hie oan âldheden, soe yn 'e 16e iuw it plan hân ha om it monumint te ferhûzen nei it park fan syn kasteel yn Clausen Lúksemboarch. Of dat wier is bliuwt ûndúdlik, mar de earnstige skea oan it ûnderste diel fan it grêfmonumint soe hiel goed it gefolch wêze kinne fan in fergees besykjen om it monumint fan syn plak te heljen.
-
Noard
-
East
-
Súd
-
West
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Igeler Säule
|