Springe nei ynhâld

Penguin Random House

Ut Wikipedy
Penguin Random House
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 2013
eigner Bertelsmann AG (53%)
Pearson PLC (47%)
dochters Random House
Penguin Group
offisjele webside
www.penguinrandomhouse.com

Penguin Random House is in Amerikaansk-Britsk bedriuw dat yn 2013 ûntstie troch in fúzje fan 'e útjouwerijen Random House en de Penguin Group. Mei't dy allebeide al ta de grutste útjouwerijen fan 'e wrâld hearden, is dêrmei in reus binnen de útjouwersbrâns ûntstien. It bedriuw is in joint venture fan it Dútske útjouwersconcern Bertelsmann AG, de eigner fan Random House, en syn Britske wjergader Pearson PLC, de eigner fan 'e Penguin Group. It is foar 53% eigendom fan Bertelsmann en foar 47% fan Pearson. De fúzje fan Random House en de Penguin Group is troch ynwijden wol útlein as it andert fan 'e útjouwersbrâns op it almar dúdliker oerwicht fan Amazon.com yn 'e boekeferkeap.

Penguin Random House leit him ta op it útjaan fan sawol literatuer foar folwoeksenen as bernelektuer, en publisearret sawol fiksje as non-fiksje. It bedriuw is yn prinsipe yn 'e hiele wrâld aktyf, mar benammen yn 'e Feriene Steaten, Grut-Brittanje, Kanada, Ierlân, Austraalje, Nij-Seelân, Súd-Afrika, Yndia, Dútslân, Spanje, Meksiko, Argentynje, Oerûguay, Kolombia en Sily. Der wurkje wrâldwiid mear as 10.000 minsken by Penguin Random House, en it bedriuw omfiemet krapoan 250 ymprints en dochterútjouwerijen, dy't jiers mei-inoar mear as 15.000 nije titels publisearje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References, op dizze side.