Springe nei ynhâld

Natascha McElhone

Ut Wikipedy
Natascha McElhone yn 2009

Natascha McElhone (Londen, 14 desimber 1969) is in Ingelske teater-, film- en telefyzjeaktrise. Sy is bekend fan har rollen yn Ronin, The Truman Show (har meast súksesfolle rol) en Solaris. Ek spilet hja in haadrol yn de telefyzjerige Californication.

McElhone waard berne as Natascha Taylor yn Hampton Court, Surrey, Londen. Har âlden wienen sjoernalisten. Sy studearre ôf oan de London Academy of Music and Dramatic Art yn993.

Sy begûn yn it teäter, mei ûnder oaren rollen yn Richard III, 'De greve fante-Cristo', The Cherry Orchard en Midsummer Night's Dream. Foar telefyzje debutearre sy yn Bergerac foar de BBC yn 1991, en wie te sjen yn in ôflevering fan Absulutely Fabulous yn 1992.

Har filmdebút kaam yn 1996 mei Surviving Picasso mei Anthony Hopkins. Har bekendste rol wie dy yn de súksesfilm The Truman Show út 1998 mei Jim Carrey. Fieders hie hja haadrollen yn Ronin en yn Solaris.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]