Midnederdútsk
Appearance
It Middelnederdútsk is in Nederfrankysk-Nedersaksyske taal dy't fan likernôch 1150 oant 1600 praat waard yn fan it midden fan Nederlân oant it easten fan Dútslân.
De taal wie fuortkaam út it Aldsaksysk, en waard de ferkearstaal fan de Hânze. Mei it ôfnimmen fan it belang dêrfan rûn ek it belang fan de taal tebek, oant dy yn in groep dialekten sûnder skriuwtaal útelkoar foel. Middelnederdútsk is de oertaal dêr't de Nedersaksyske talen út ûntstien binne.