Maupin (Oregon)
Maupin | ||
Maupin oan de rivier de Deschutes | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oregon | |
County | Wasco County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 427 (2020)[1] | |
Oerflak | 3,75 km² (ynkl. wetter) 3,61 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 118,15/ km² | |
Hichte | 410 m | |
Oar | ||
Stifting | ein 19e iuw 1922 (incorporated) | |
Postkoade | 97037 | |
Tiidsône | Pacific (PST)UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 45° 10' 26" N 121° 4' 59" W | |
Lokaasje fan Maupin yn Wasco County en Oregon | ||
Offisjele webside | ||
cityofmaupin.org | ||
Kaart | ||
Maupin is in plak (city) yn Wasco County yn Oregon, Feriene Steaten. Neffens de folkstelling fan 2020 hie it plak 427 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Maupin ûntstie yn 'e ein fan de njoggentjinde iuw. Perry Maupin, in pionier dêr't it plak nei neamd waard, hie doe in pleats op it plak fan it hjoeddeistige plak. Der kaam in fearponttsjinst oer de rivier de Deschutes hinne en doe hiet it plak Hunts Ferry nei de eigener fan de fearpont. Neitiids waard it Maupin Ferry neamd troch de stifter fan it plak, William H. Staats. Yn 1909 waard de plaknamme ferkoarte ta Maupin.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Maupin leit oan de US Route 197 dy't yn it stedsje oer in brêge de rivier de Deschutes krúst. It plak leit goed 50 km súdlik fan The Dalles en 60 km noardlik fan Madras.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak hat waarme en drûge simmers, mei trochsneed moanlikse temperatueren net boppe de 22 °C. Neffens de Klimaatklassifikaasje fan Köppen hat it plak in waarm mediterraan klimaat "Csb".
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Maupin bestiet út houtferwurking, wettersport besibbe oan de rivier de Deschutes, lânbou en de dêroan besibbe tsjinsten. Maupin hat in legere skoalle en in skoalle foar it fuortset ûnderwiis, beiden part fan de South Wasco County School District dy't it suden fan Wasco County betsjinnet.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 410 minsken, 199 hûshâldings en 113 famyljes yn it plak. De befolking bestie út 95,7% blanken, 0,7% yndianen, 0,2% Aziaten, 0,2% Pasifisyske Eilanners en 0,2% oare rassen en 2,9 fan mingde rassen. Etnysk sjoen binne 1,2% fan de befolking Hispanics.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|