Lytse leppelbek
lytse leppelbek | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Platalea minor | ||||||||||||
Temminck & Schlegel, 1849 | ||||||||||||
IUCN-status: bedrige | ||||||||||||
De lytse leppelbek (Platalea minor) is in fûgelsoarte út de famylje út de famylje fan 'e wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). De fûgel komt foar oan 'e kustgebieten fan East-Aazje en waard mei útstjerren bedrige, mar de populaasje hat him yn 'e 21e iuw stadich oan wat wersteld.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse leppelbek is lytser as de gewoane leppelbek dêr't er in soad op liket. De fûgel mjit 60-78,5 sm en hat in spanwiidte fan 110 sm. De lytse leppelbek is hast hielendal wyt, útsein it neakene swart op it gesicht en om it each hinne, de swarte snaffel sels en de lange donkergrize oant swarte poaten. Ek wurde de haadslachpinnen nei bûten ta jimmeroan swarter.
In folwoeksen fûgel yn 'e briedtiid hat op it boppediel fan it boarst oant yn 'e nekke in ljochte gielbrune flek. Ek de fearren op 'e krún binne dan gielbrún.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt fan maart oant en mei augustus yn koloanjes mei oare fûgelsoarten op lytse eilannen. Se foerazjearje op 'e modderige grûn, dêr't se mei de snaffel hinne en wer swylje om iten te finen. Se kinne ek aktyf jeije op dierkes, dy't se mei de snaffel besykje te fangen. Lytse fiskjes en wringeleazen binne de belangrykste proaien. Se rêste fakentiden yn beammen of steand yn ûndjip wetter op in ôfstân fan twa oant trije kilometer fan it plak dêr't se foerazjearje.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse leppelbek hat fan 'e leppelbekken it lytste ferspriedingsgebiet. De soarte komt allinne yn East-Aazje foar en briedt op 'e eilannen foar de noardwestlike kust fan Noard-Koreä en oan 'e kust fan 'e Sineeske provinsje Shandong. It is in trekfûgel dy't winterdeis grutte groepen foarmet. De belangrykste oerwinteringsgebieten binne Taiwan, dêr't mear as 50% fan 'e populaasje oerwinteret. Oare oerwinteringsgebieten binne Hong Kong, it fêstelân fan Sina, Japan, Makau, Súd-Koreä en Fjetnam. Ek wurdt de fûgel wer yn Ruslân waarnommen.
Status en bedriging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt troch de IUCN as bedrige kategorisearre. In earste telling fûn yn 'e jierren 1988-1990 plak en de wrâldpopulaasje waard doe op noch mar 288 fûgels rûsd. By in telling yn 2001 wie de rûzing fan 'e wrâldpopulaasje 835 fûgels en yn 2012 2.693 fûgels. Yn jannewaris 2017 wiene der al 3.941 fûgels.
It tebekrinnen fan 'e populaasje hat in soad te meitsjen hân mei it gebrûk fan pestisiden. No foarmet de ferneatiging fan it biotoop de wichtichste bedriging. It briedgebiet leit hast hielendal yn it gebiet fan 'e Giele See, dêr't it gebiet dat by leech wetter drûch stiet yn in alderheislikst heech tempo ynpoldere wurdt. De oerwinteringsgebieten yn Sina en Taiwan wurde bedrige troch de yndustrialisaasje, wylst fersmoarging yn Hongkong in bedriging foarmet. In útbraak fan botulisme dêr ferneatige yn in pear moanne tiid yn 2002-2003 7% fan 'e wrâldpopulaasje. Yn Fjetnam en Sina binne njonken de jacht ek fiskers en it toerisme in bedriging foar de fûgel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|