Springe nei ynhâld

Lytse fjoerflinter

Ut Wikipedy
Lytse fjoerflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje reachwjukflinters (Lycaenidae)
skaai echte fjoerflinters (Lycaena)
soarte
Lycaena phlaeas
Linnaeus, 1761
IUCN-status: net bedrige

De lytse fjoerflinter (Lycaena phlaeas) is in soarte yn it skaai fan de echte fjoerflinters (Lycaena).

De lytse fjoerflinter is in algemiene stânflinter, mar wurdt meastal net yn grutte oantallen oantroffen. Faak is er te finen op drûge greiden en heide. De flinter is honkfêst.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as net bedrige.

De boppekant fan de flinter is altyd oranje mei ûnregelmjittige swarte plakjes. De ûnderkant is griisbrún mei lytse plakjes. Yn Fryslân wurde alle jierren flinters sjoen wêrby it oranje ferfongen is troch ljochtgiel of wyt.

Heal april - ein juny, en begjin july - ein oktober, foaral 5 - 20 augustus. De lytse fjoerflinter fljocht yn twa generaasjes, soms yn trije generaasjes.

De rûp kin 20 mm lang wurde. It liif is donkergrien mei in readbrune streek oer de rêch. De rûp is bedutsen mei lytse wite wartsjes mei dêrop koarte donkere hierkes. De kop is lyts en brún. De rûp is meastal te finen oan de ûnderkant fan de blêden. De rûp fret in lyts laachje fan it blêd, wêrtroch besette blêden goed wer te kennen binne oan it trochfallende ljocht.

De rûp fret fan de lytse surk en de soere surk.