List fan spoarstasjons yn Amsterdam
Appearance
Dit is in List fan spoarstasjons yn Amsterdam, yn dizze list binne allinne de offisjele stasjons opnaam de stopplakken en halteplakken binne net meirekkene. It earste spoarstasjon fan Amsterdam wie it earste stasjonsgebou fan Nederlân, It stasjon stie offisjeel net yn Amsterdam, mar yn de doetiidske gemeente Sloten. It stasjon hat nea in ôfkoarting fan de namme hân en stiet op de posysjekaart ûnder de list oanjûn mei 1e. Ek it Stasjon Skiphol Airport stiet offisjeel net yn Amsterdam, mar is al meinaam yn dizze list.
List fan spoarstasjons
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stasjon | Ofkoarting | Iepene | Sletten | Opm. | |
---|---|---|---|---|---|
Amsterdam Sintraal | Asd | 1889 | Meardere kearen ferboud | ||
Stasjon d'Eenhonderd Roe | 1839 | 1842 | It stasjonsgebou is yn 1850 ôfbrútsen. It wie it earste stasjonsgebou fan Nederlân. It stasjon stie offisjeel net yn Amsterdam mar yn de gemeente Sloten. It stasjon waard ferneamd nei de útspanning "Herberg d'Eenhonderd Roe", de útspanning wie mei in houten brêge oer de Haarlimmer trekfeart ferbûn mei it stasjon. | ||
Stasjon Amsterdam Willemspoarte | 1842 | 1878 | stasjonsgebou yn 1978 ôfbrutsen | ||
Stasjon Amsterdam Haarlemmermeer | Ash | 1915 | 1950 | Stasjonsgebou is yn gebrûk by de museumtramline. | |
Stasjon Amsterdam Oosterdok | 1874 | 1879 | It houten stasjonsgebou is yn 1879 troch brân ferlern gien. | ||
Stasjon Amsterdam Sloterdijk Súd | Assz | 1956 | 1985 | Stasjonsgebou is yn 1986 ôfbrutsen | |
Stasjon Amsterdam Weesperpoarte | Asp | 1843 | 1939 | Stasjonsgebou is yn 1939 ôfbrutsen | |
Stasjon Amsterdam Westerdok | 1878 | 1889 | Stasjon Amsterdam Westerdok wie in tydlik stasjon ûnder de bou fan it Amsterdam Sintraal. It út hout oplutsen gebou waard nei iepening fan Amsterdam Centraal wer ôfbrutsen. | ||
Stasjon Amsterdam de Vlugtlaan | Asdv | 1986 | 2000 | Stasjonsgebou is yn 2001 ôfbrutsen | |
Stasjon Amsterdam Amstel | Asa | 1939 | It stasjonsgebou is in unyk foarkriichsk ûntwerp fan arsjitekt H.G.J. Schelling. | ||
Stasjon Amsterdam Bijlmer ArenA | Asb | 1971 | 1e stasjonsgebouw houten wachthokje mei kaartferkeap. 2e stasjonsgebouw iepene yn 1976 ûntwurpen troch arsjitekten B. Spängberg en S. van Rhijn. 3e stasjonsgebou yn 2006 iepene ûntwurpen troch arsjitekt J.A. van Belkum. | ||
stasjon Amsterdam Holendrecht | Ashd | 2008 | ûntwurpen troch arsjitekt I. Veeger. | ||
Stasjon Amsterdam Lelylaan | Asdl | 1986 | It stasjon is in ûntwerp fan arsjitekt R.Steenhuis. | ||
Stasjon Amsterdam Muiderpoarte | Asdm | 1896 | Pas yn 1939 krige it stasjon in echt stasjonsgebouw in unyk foarkriichsk ûntwerp fan arsjitekt H.G.J. Schelling. | ||
Stasjon Skiphol Airport | Shl | 1978 | Ien fan de earste ûndergrûnse spoarstasjons fan Nederlân. It stasjon leit offisjeel net yn Amsterdam mar falt ûnder de gemeente Haarlimmermar. | ||
Stasjon Amsterdam RAI | Rai | 1981 | 1e stasjonsgebouw iepene yn 1981 ûntwurpen troch arsjitekt Koen van der Gaast. 2e stasjonsgebou yn 1992 iepene, ûntwurpen troch arsjitekt R. Steenhuis. | ||
Stasjon Amsterdam Science Park | Assp | 2009 | It stasjon is in ûntwerp fan KCAP Architects&Planners. | ||
Stasjon Amsterdam Sloterdijk | Ass | 1983 | It stasjon krige pas yn 1986 in stasjonsgebou, it gebou is in unyk ûntwerp fan arsjitekt H.C.H. Reijnders. | ||
Stasjon Amsterdam Súd | Asdz | 1978 | It stasjon is yn 2012 yngreven ferboud. |
Opmerkingen:
- Stasjon d'Eenhonderd Roe, stiet oanjûn mei 1e op de kaart.
- Stasjon Willemspoarte, stiet oanjûn mei 2e op de kaart.
- Stasjon Amsterdam Oosterdok stiet oanjûn mei 3e op de kaart.
- Stasjon Amsterdam Westerdok stiet oanjûn mei 4e op de kaart.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|