Lisa Bonet
Lisa Bonet | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Lilakoi Moon (berne as Lisa Michelle Bonet) | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 16 novimber 1967 | |
berteplak | San Francisco (Kalifornje) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
jierren aktyf | 1978 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Lilakoi Moon (San Francisco, 16 novimber 1967), berne as Lisa Michelle Bonet en beropsmjittich bekend as Lisa Bonet, is in Amerikaansk tillefyzje- en filmaktrise. Hja waard yn 'e jierren tachtich ferneamd, ek bûten de Feriene Steaten, troch har spyljen fan Denise Huxtable Kendall yn 'e tillefyzjekomeedzjesearje The Cosby Show. Dat is noch altiten har bekendste rol. Dêrnjonken hie se yn 't earstoan de haadrol yn 'e spinoff-searje A Different World, en letter spile se noch yn in ferskaat oan films en searjes. Se is foar de twadde kear troud en hat trije bern.
Komôf en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lisa Bonet waard op 16 novimber 1967 yn San Francisco, yn 'e steat Kalifornje, berne as Lisa Michelle Bonet (net as "Lisa Michelle Boney", sa't hjir en dêr op it ynternet te lêzen falt).[1][2] Har Afro-Amerikaanske heit, Allen Bonet (1928-2008), wie in operasjonger fan Teksaanske komôf en har joadske mem, Arlene Litman (1930), is in pinsjonearre leararesse. Bonet hat ferskate jongere healbruorren en -susters.
Se folge middelber ûnderwiis oan 'e Reseda High School yn Reseda, yn Kalifornje, en letter gie se nei de Celluloid Actors' Studio yn North Hollywood, dêr't se in akteursoplieding folge.[3]
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bonet begûn al mei aktearjen doe't hja noch mar alve jier wie[4]. Yn 't earstoan fral op audysjes en yn reklamespotsjes en mei in inkeld gastroltsje yn in tillefyzjesearje. Ek die se mei oan ferskate miss-ferkiezings. Yn 1984 waard se cast foar de rol fan Denise Huxtable, de op ien nei âldste fan 'e fjouwer dochters fan Bill Cosby en Phylicia Rashād yn 'e tillefyzjekomeedzjesearje The Cosby Show. Dat wie har grutste súkses en de rol dêr't se ferneamd mei waard, sawol yn de Feriene Steaten as derbûten.
Yn 1987 ferliet se foar koarte tiid The Cosby Show om 'e haadrol te spyljen yn 'e spinoff-rige A Different World, wêryn't it libben fan Denise Huxtable oan 'e universiteit sintraal stie. Datselde jier naam Bonet de rol fan Epiphany Proudfoot oan yn 'e spylfilm Angel Heart fan regisseur Alan Parker, dy't it tema voodoo behannelet. It joech frijwat opskuor doe't dy film útkaam en bliken die dat der in sêne yn siet wêryn't Bonet neaken ferskynt, wylst sy en har tsjinspiler Mickey Rourke yn in oare sêne op frijwat eksplisite wize de leafde bedriuwe. Sa dúdlik dat der in stikje útknipt wurde moast om troch de Amerikaanske sinsuer te kommen as film mei in R-klassifikaasje (bern ûnder de santjin inkeld talitten ûnder begelieding fan de âlden). Letter kaam der oars dochs noch in ferzje mei in X-klassifikaasje (gjin persoanen ûnder de santjin talitten) op 'e merk. Dêrmei besocht Bonet mei opset sin om fan har sûkerswiete Cosby Show-imago ôf te kommen, mar Bill Cosby wie oer dat alles not amused.[5]
Neidat sy wrâldkundich makke hie dat se yn ferwachting wie, ferliet Bonet datselde jiers noch A Different World.[6] It jier dêrop (1988) kaam hja werom yn The Cosby Show, mar yn 1991 krige hja dien om't se allegeduerigen te let kaam en fanwegen ûnprofesjoneel hâlden en dragen.[7][8]
Nei har definitive ôfskie fan The Cosby Show kaam Bonet yn troch de tiid mei aktearjen yn films dy't streekrjocht op fideo útbrocht waarden en yn tillefyzjefilms. Yn 1998 fertolke se in byrol yn it Will Smith-fehikel Enemy of the State en yn 2000 aktearre hja yn 'e spylfilm High Fidelity. Ek spile se yn 2003 de rol fan Queenie yn 'e film Biker Boyz, wêrby't har tsjinspiler har eardere kollega út A Different World Kadeem Hardison wie.[9] Fierders hie Bonet ek rollen yn 'e film Whitepaddy, út 2006, en de Amerikaanske remake fan 'e Britske tillefyzjesearje Life on Mars.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 16 novimber 1987, op har tweintichste jierdei, troude Bonet yn Las Vegas temûk mei de popsjonger Lenny Kravitz, dy't krekt as har in birasiale joadsk-Afro-Amerikaanske eftergrûn hat.[10] Hja krigen in dochter, Zoe Isabella Kravitz, op 1 desimber 1988[11], mar harren relaasje beswiek úteinlik ûnder de druk fan 'e media-oandacht en troch de bewearde gefallen fan Kravitz syn ûntrou, dy't yn 'e tabloids breed útmetten waarden.[12] Yn 'e rin fan 1992 giene Bonet en Kravitz útinoar en harren skieding waard offisjeel op 12 april 1993.
Underwilens wie Lisa Bonet doe al yn 1992 ynlutsen by har nije freon, de yogalearaar Bryan Kest.[13] Datselde jiers (1992) liet Bonet ek har eigen namme offisjeel feroarje ta Lilakoi Moon, al hold se "Lisa Bonet" oan as artystenamme.[14]
Yn 2005 mette se de akteur Jason Momoa, dy't fan mingd Hawaïaansk-Iersk-Dútsk komôf is en benammen bekend wurden is mei rollen yn tillefyzjesearjes as Baywatch, Stargate Atlantis en Game of Thrones, en yn 2011 de titelrol spile yn 'e remake fan 'e Hollywood-klassiker Conan the Barbarian. Sy beiden krigen in relaasje, trouden yn 2007 en op 23 july fan dat jier waard harren dochter Lola Iolani Momoa berne[15], folge troch harren soan Nakoa-Wolf Manakauapo Namakaeha Momoa op 15 desimber 2008.[16]
Lisa Bonet stiet fierders bekend as boediste en om har fegetaryske libbensstyl. Se wennet mei har gesin yn 'e omkriten fan Los Angeles.[17]
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spylfilms
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Angel Heart (1987);
- Bank Robber (1993);
- Dead Connection (1994);
- Enemy of the State (1998);
- High Fidelity (2000);
- Biker Boyz (2003);
- Whitepaddy (2006);
- Gambit (2009);
- Road to Paloma (2013).
Koarte Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sound of Sunshine – Sound of Rain (1983).
Telefyzjefilms
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- New Eden (1994);
- Lathe of Heaven (2002).
Tellefyzjesearjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- St. Elsewhere, seizoen 2, ôflevering Entrapment (1983);
- The Cosby Show, 103 ôfleverings (1984-1991);
- Tales from the Darkside, seizoen 2, ôflevering The Satanic Piano (1985);
- ABC Afterschool Special, ôflevering Don't Touch (1985);
- A Different World, 22 ôfleverings (1987-1988)
- Life on Mars, 5 ôfleverings (2008-2009).
Prizen en Nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1985: nominearre foar de Young Artist Award foar bêste jonge aktrise yn in byrol yn in tillefyzjekomeedzjesearje (foar har rol yn The Cosby Show);
- 1986: nominearre foar de Young Artist Award foar bêste jonge aktrise yn in tillefyzjesearje (foar har rol yn The Cosby Show);
- 1988: wûn de Young Artist Award foar bêste jonge froulike superstjer yn in spylfilm (foar har rol yn Angel Heart);
- 1988: nominearre foar de Young Artist Award foar bêste jonge aktrise yn in nije tillefyzjekomeedzjesearje (foar har rol yn A Different World);
- 1988: nominearre foar de Emmy Award foar opfallende aktrise yn in byrol yn in tillefyzjekomeedzjesearje (foar har rol yn The Cosby Show);
- 1988: nominearre foar de Saturn Award foar bêste aktrise yn in byrol (foar har rol yn Angel Heart);
- 1989: nominearre foar de Young Artist Award foar bêste jonge akteursgroep yn in tillefyzjekomeedzjesearje, tillefyzjedramasearje of tillefyzjespecial (mei Tempestt Bledsoe, Sabrina Le Beauf, Geoffrey Owens, Keshia Knight Pulliam, Deon Richmond, and Malcolm-Jamal Warner foar harren rollen yn The Cosby Show);
- 2001: nominearre foar de Black Reel Award foar bêste jonge aktrise yn in byrol (foar har rol yn High Fidelity);
- 2006: nominearre foar de TV Land Award foar favorite sjongende bruorren en susters (mei Tempestt Bledsoe, Sabrina Le Beauf, Keshia Knight Pulliam, and Malcolm-Jamal Warner foar harren rollen yn The Cosby Show).
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten:
Boarnen:
|