Leon Spilliaert
Leon Spilliaert | ||
keunstner | ||
Portret fan Léon Spilliaert | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Leontius Petrus Ludovicus Spilliaert | |
nasjonaliteit | Belgysk | |
berne | 28 july 1881 | |
berteplak | Oostende | |
stoarn | 23 novimber 1946 (65 jier) | |
stjerplak | Brussel | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Skilder, graveur | |
streaming | Symbolisme, ekspresjonisme | |
offisjele webside | ||
RKD-profyl |
Leon Spilliaert (Oostende, 28 july 1881 – Brussel, 23 novimber 1946) wie in Flaamske symboalistyske keunstskilder en graveur.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spilliaert waard berne yn Oostende as âldste fan sân bern fan Léonard-Hubert Spilliaert, dy't kapper en parfumeur wie, en Léonie Jonckheere.[1] Fan jongs ôf oan hy er al niget oan keunst en tekenjen; hy wie yn 't foarste plak autodidakt. Hy wie in protte siik (astma) en wat op himsels, dat hy tekene in soad, sênes út it deistich libben en lânskippen. Doe't er 21 wie gie er oan 't wurk foar Edmond Demon, in Brusselsk útjouwer fan symboalistyske skriuwers, dy't Spilliaert dan yllustrearje moast. Hy bewûndere foaral it wurk fan Edgar Allan Poe. Hy rekke dêr befreone meien de Frânskskriuwende dichter en keunstkritikus Emile Verhaeren, dy't him tige oanmoedige yn syn wurk. Hy krige dêr ek ferkearing mei Paule, de dochter fan syn wurkjouwer, mar dat rûn op neat út en Spilliaert rekke slim teloarsteld en deprimearre, wat lange tiid oanhâlde.
Nei wat teloarstellende eksperiminten û.o yn Parys, brekt er yn 1911 troch mei in ynstjoering op de Salon des Indépendants fan Brussel.
Yn it tydskrift L'Art Moderne resinsearre Franz Hellens yn 1912 it ynstjoerde wurk fan Spilliaert yn de Brusselske salons Doe stil voort, Le Sillon en de Galerie Georges Giroux. In oare freon, Henri Vandeputte, iepene in galery mei wurk fan Spilliaert yn Parys.
Yn 1914 waard er mobilisearre by de Garde civique. Dat noaske him net en hy slagge deryn en ûntkom de tsjinst. Op 23 desimber 1916 troude er mei Rachel Vergison en yn maart fan 1916 sette se harren yn Brussel ta wenjen; op 15 novimber 1917 waard dochter Madeleine berne, harren iennichst bern.
Wilens besocht Spilliaert it Belgysk oarlochsgeweld te ûntflechtsjen en yn Switserlân te kommen. Yn de neifolgjende jierren krige er ynternasjonaal súkses, mei troch syn kunde oan ferskate keunstners yn it bûtenlân.
It ferstjerren fan syn heit yn 1927 holp him út de finansjele krapte. Fan doe ôf oan hat er hast neat mear ferkeapje wold. Foar P.-G. Van Hecke fersoarge er doe de tekstplaten fan it surrealistyske tydskrift Variétés. De bekende Brusselske Galerie Georges Giroux organisearre in wichtige Exposition Léon Spilliaert yn 1929.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Akwarel, gouache, en houtskoal wiene de middels dêr't er syn bêste wurk yn begjin 20e iuw mei makke, ynklusyf in tal selsportretten yn swart kryt. Spilliaert waard tige beynfloede troch Odilon Redon,[2] waans ekspressive wurk yn 't swart parallellen fint yn Spilliaerts eigen wurk. Hy bylde faak in iensume figuer út yn in wat dreameftich hear. Spilliaert's skilderijen roppe in gefoel fan stiltme en mankelikens op.
Yn syn lettere wurk lei er him mear ta op skilderjen fan see en strân. Hy stoar mei 65 jier yn Brussel.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Swarte Marine (1900)
-
Vrouw met roze hoed (1904)
-
De wynstjit (1904)
-
Marine (mei sicht op de Royal Palace) (1905)
-
Selsportret mei spegel (1908)
-
Selsportret mei Emile Verhaeren
-
De dûzeling (1908)
-
De dijk (1909)
-
Marine, strân by leechwetter (1909)
-
De baaister (1910)
-
Fiskersfamke (1910)
-
It loftskip Belgique II yn syn loads (1910)
-
Portret fan frou Storck-Hertoghe (1925)
-
De Keignaertkreek yn Zandvoorde (1931)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fabritius gallery - In grutte samling fan Spilliaerts wurk yn de feitebank fan it Keninklik Museum foar Keunsten fan Belgje (Frânsk)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Symbolist paintings fan Wikimedia Commons. |