Kjifdieren
Kjifdieren | ||
In goudmantelgrûniikhoarntsje. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
Bowdich, 1821 | ||
De kjifdieren (wittenskiplike namme: Rodentia) foarmje in grut skift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), dêr't û.m. de famyljes fan 'e mûseftigen, wrotmûseftigen, sliepmûzen, iikhoarntsjes, bevereftigen en kavia-eftigen ûnder falle. Kjifdieren ûnderskiede har fan oare sûchdieren troch twa pear kjiftosken, ien pear yn 'e boppekaak en ien pear yn 'e ûnderkaak, dy't har hiele libben trochgroeie. Hast 40% fan alle sûchdieresoarten binne kjifdieren, en hja binne ferspraat oer alle kontininten útsein Antarktika. Kjifdieren kinne libje yn in ferskaat oan biotopen, wêrûnder wâlden, woastinen, berchtmen en ûndergrûnske habitats. Teffens hawwe guon in amfibyske libbenswize, wylst party fan 'e bekendste soarten treflik witte te oerlibjen en sels te florearjen yn in troch de minske makke om-en-by.
Uterlike skaaimerken en ûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte kjifdieren binne lytse bistkes mei robúste lichems, koarte lidden en lange sturten, al binne der frijwat útsûnderings op dy regel. De bekendste dêrfan sil de bever wêze, dy't folle grutter is, mei in platte sturt. De grutste noch libbene kjifdieresoarte is de Súdamerikaanske kapibara, dy't in sa grut is as in skiep, en in gewicht fan 66 kg berikke kin. De grutste fossile soarte is de reuzepakarana (Josephoartigasia monesi), krektlyk út Súd-Amearika, dy't fan it Plioseen oant it iere Pleistoseen libbe en 1.500 kg weage. De âldste kjifdierfossilen datearje út it Paleoseen. Hja ûntjoegen har yn it Eoseen yn ferskate rjochtings, en begûnen har yn datseldichste tiidrek oer de hiele wrâld te fersprieden, soms troch oseanen oer te stekken. Oars as de measte plasintadieren wist ien ûnderfamylje fan 'e kjifdieren (nammentlik dy fan 'e mûzen en rotten) Austraalje te berikken en te kolonisearjen, hoewol't se yn Nij-Seelân en op 'e eilannen yn 'e Stille Súdsee pas hiel resint mei minsklike help wisten te kommen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kjifdieren brûke har skerpe kjiftosken om op iten en boumateriaal om te gnaujen, hoalen te meitsjen en har te ferdigenjen. De measte soarten ite sied of oar plantaardich materiaal, al hawwe guon in mear fariëarre menu. It binne faak sosjale bistkes, en in protte soarten libje yn komplekse mienskippen mei yngewikkelde kommunikaasjemetoaden. Mei minsken geane kjifdieren op ferskate manearen om. Oan 'e iene kant wurde guon soarten beskôge as skealik ûngedierte dat opsleine rispingen oanfret en bedjert en sykten ferspraat, en wurdt der faak fan alles dien om (beheinde populaasjes) út te rûgjen. Oan 'e oare kant, lykwols, hawwe party soarten (foar in diel deselden as dy't as ûngedierte sjoen wurde) harren wearde bewiisd as iten, hûsdieren en ûndersyksdieren yn laboratoaria. Beskate soarten, lykas de brune rôt, binne yntelligint en kinne traind wurde om gefaarlike putsjes foar minsken op te knappen, lykas it opspoaren fan lânminen (dy't se rûke kinne, wylst se sels te licht binne om de dingen ôfgean te litten).
Skiftopbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|