Springe nei ynhâld

Kees Woudenberg

Ut Wikipedy
Cornelis Woudenberg
politikus
bertedatum 16 desimber 1883
berteplak Amsterdam
stjerdatum 16 oktober 1954
stjerplak Amsterdam
partij SDAP, PfdA
Algemien sekretaris IFW
amtsperioade 1919 - 1929
Gemeenteriedslid Amsterdam
amtsperioade 1924 - 1939
Lid Earste Keamer[1]
amtsperioade 1945 - 1954

Cornelis (Kees) Woudenberg (Amsterdam, 16 desimber 1883 - dêre, 16 oktober 1954) wie in Nederlânske syndikalist, bestjoerder en politikus foar de S.D.A.P. en dêrnei de PfdA.

Syn heit wie molkboer yn de Joden Houttuinen yn Amsterdam en lid fan de Apostolyske Gemeenten. Syn mem wie Nederlânsk herfoarme. De húshâlding hie njoggen bern, wêrfan 't der twa betiid stoaren. Hy wie de âldere broer fan ûnder oaren Henk Woudenberg, dy 't foarsitter wie fan de Nationale Werknemers Vereeniging (NWV) en politikus foar de Nationaal-Socialistische Beweging (NSB). [2]

Woudenberg gie nei de ambachtsskoalle, dêr't er in oplieding ta meubelmakker folge. Yn 1901 kaam er yn kontakt mei it sosjalistyske bûn De Zaaier en fuort dêrnei sleat er him oan by de Amsterdamske ôfdieling fan it Algemeene Meubelmakerbond Amstel Eendracht. Nei't Amstel Eendracht him ôfskiede fan it bûn rjochte Woudenberg mei in pear lykgesinden in eigen Amsterdamske ôfdieling fan it Algemeene Meubelmakersbond op. Yn 1909 fusearre dat fakbûn mei it Nederlandsche Behangers-, Stoffeerders- en Beddenmakersbond ta it Algemeene Nederlandsche Bond voor Meubelmakers, Behangers en Aanverwante Beroepen en in skoftke dêrnei waard Woudenberg oansteld as sekretaris fan de Amsterdamske ôfdieling.

Yn 1919 waard er oansteld as algemien sekretaris fan de International Federation of Woodworkers (IFW) dêr't er de Dútser Theodor Leipart opfolge. Dy funksje hat er útoefene oant 1929. Under it kongres yn Heidelberg waard de Dútser Fritz Tarnow as syn opfolger keazen. [3]

Nei de besetting fan Nederlân troch de nazi's waard Woudenberg in skoftke haad fan de SDAP, mar hy fernaam dat de nazi's de SDAP as marionette-organisaasje brûke woene en naam dêrom ûntslach. Woudenberg reizge de rest fan de oarloch troch it lân en ûnderhold kontakten tusken S.D.A.P-oanhingers.

Oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch waard de SDAP op 'e nij oprjochte en Woudenberg bleau sekretaris en ponghâlder. Yn 1946 waard de S.D.A.P. ferfongen troch de Partij fan de Arbeid. Woudenberg waard opnij sekretaris en ponghâlder en gie yn 1949 mei pensjoen. Fan 1945 oant 1950 siet er ek yn de senaat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fiche C. Woudenberg; Eerste Kamer der Staten-Generaal. Argivearre op 26 oktober 2019.
  2. BARNOUW David; Biografie Hendrik Jan Woudenberg (s.247-250); BWSA 6; 1995. Argivearre op 31 maart 2023.
  3. Internationale Arbeidersbeweging: Het Houtbewerkerscongres; Algemeen Handelsblad; 27 july 1929