Jerome K. Jerome
Jerome K. Jerome | ||
skriuwer | ||
Jerome K. Jerome | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jerome Klapka Jerome | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 2 maaie 1859 | |
berteplak | Walsall, Staffordshire | |
stoarn | 14 juny 1927 (68 jier) | |
stjerplak | Northampton | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | Humor, roman, novelle | |
bekendste wurk(en) |
Three Men in a Boat (1889) |
Jerome Klapka Jerome (Walsall, Staffordshire, 2 maaie 1859 – Northampton, 14 juny 1927) wie in Ingelsk skriuwer fan foaral koartswillige ferhalen.
Jerome waard berne yn Walsall, yn it eartiidke greefskip Staffordshire, no West Midlands. Hy besocht de Marylebone Grammar School, mar gie al mei 14 jier oan 't wurk as klerk by it spoar. Letter waard er ûnderwizer, akteur en sjoernalist. Hy boaske yn 1888 mei Georgina Elizabeth Henrietta Stanley Marris, dy't al in dochter út in earder houlik hie. Yn 1893 rjochte er it wykblêd 'Hjoed' (Today) op. Yn de Earste Wrâldkriich tsjinne er as ambulânsesjauffeur yn Frankryk wat him geastlik tige feroare hat.
Yn 1888 publisearre er syn earste boek, On Stage and Off (oer de perioade as akteur). In jier letter hy er súkses mei The Idle Thoughts of an Idle Fellow, en fral mei syn bekendste boek, Three Men in a Boat (1889). Yn dat boek beskriuwt er op humoristyske wize, mei in protte omballingen en beskôgjende útstapkes, de aventoeren fan trije freonen dy't in boattochtsje op de Teems meitsje.
Dit boek krige in ferfolch mei Three Men on the Bummel, wêryn deselde trije freonen in tocht troch Dútslân ûndernimme.
Jerome wie befreone mei J.M. Barrie, H.G. Wells, Rudyard Kipling, Arthur Conan Doyle, Thomas Hardy en Israel Zangwill. Yn syn berteplak Walsall stiet in museum ta syn oantins.
Bibliografy (ûnfolslein)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Idle Thoughts of an Idle Fellow (1886), Hy droech it boek op oan syn piip.
- Three Men in a Boat (1889)
- The Diary of a Pilgrimage (1891)
- Novel Notes (1893)
- The Second Thoughts of an Idle Fellow (1898)
- Three Men on the Bummel (1900)
- Paul Kelver, a novel (1902)
- Tommy and Co (1904)
- They and I (1909)
- All Roads Lead to Calvary (1919)
- Anthony John (1923)
- My Life and Times (1926), autobiografy