Springe nei ynhâld

Jayne Mansfield

Ut Wikipedy
Jayne Mansfield
akteur
Jayne Mansfield, Kiss them for me (1957)
Jayne Mansfield, Kiss them for me (1957)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Vera Jayne Palmer
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 19 april 1933
berteplak Bryn Mawr
stoarn 29 juny 1967
stjerplak Slidell
jierren aktyf 1954–1967
offisjele webside
https://www.jaynemansfield.com/


Mansfield yn de trailer fan de film Promises! Promises! Ien fan de earste neakensênes fan in grutte Hollywoodstjer

Jayne Mansfield (Bryn Mawr (Pennsylvania), 19 april 1933 - by Slidell (Louisiana), 29 juny 1967), artystenamme fan Vera Jayne Palmer, wie in Amerikaansk filmaktrise en sekssymboal.

Mansfield wie bekend om har platinablonde hier, har sânglêsfiguer en har djippe dekolletees. Sy waard bekend yn it midst fan de jierren 50, nei't Marilyn Monroe blonde froulju mei in te fergelykjen lichemstype tige populêr makke hie.

Mansfield hat net yn in protte films spile. Nei in pear grutte rollen yn Hollywood makke de kombinaasje fan negative publisiteit en minne saaklike besluten, dat hja út it sicht fan Hollywood rekke. Se spile doe yn lytse nachtclubs en yn in lyts tal produksjes, fral yn melodrama's en komeedzjes. Sy is omkommen yn in autoûngemak mei 34 jier.

Vera Jayne Palmer wie iennichst bern. Se wenne yn Phillipsburg, yn Nij-Jersey. Har heit stoar oan in hertoanfal doe't er mei syn oare helte en dochter fan trije ûnderweis yn de auto wie. Har mem boaske op 'en nij yn 1939, en se ferhuzen nei Dallas yn Teksas.

Se studearre drama en natuerkunde oan de Southern Methodist University en folge in tal kolleezjes oan de Universiteit fan Teksas in Austin, dêr't se ek har earste man moete. Har earste optreden wie op 22 oktober 1953 yn in produksje fan Arthur Miller syn Death of a Salesman.

Mansfield wûn ek in tal skientmewedstriden yn Teksas; se wie ûnder oaren Miss Photoflash, Miss Magnesium Lamp en Miss Fire Prevention. Yn 1954 ferfear de hûshâlding nei Los Angeles, dêr't se drama studearre oan de UCLA.

Se wie altyd al fan fan de aktrise Shirley Temple en woe sels ek filmstjer wurde. Se wie har tige bewust fan de krêft fan publisiteit en socht dy faak aktyf.

Har filmkarriêre begûn mei lytse rollen foar Warner Brothers. Se krige in kontrakt by dy studio nei't se ûntdutsen wie yn in produksje fan Pasadena Playhouse yn 1953.

Yn 1955 wie hja de Playmate fan de moanne yn Playboy. Dat soe net de lêste kear wêze. Itselde jier waard har in rol oanbean yn de film The Burglar. De film waard yn film noirstyl opnaam, mar earst twa jier letter útbrocht doe't hja it bekendst wie. Har dramatyske rol yn dy film wie populêr, mar yn de films dêrnei spile se allinne mar komyske rollen, of rollen dy't de klam leine op har as sekssymboal.

Nei noch twa films ferfear se nei New York, dêr't se yn in promininte rol op it toaniel ferskynde yn de Broadwayproduksje fan de komeedzje Will Success Spoil Rock Hunter? (1955). Ynearsten hie se dy rol net oannimme wollen, mar lang om let krige se de Theatre World Award 1956 foar har portret fan Rita Marlowe mei amper klean om't liif.

Yn 1956 tekene se in kontrakt mei 20th-Century Fox, en mei har rol yn The Wayward Bus besocht se ôfstân te nimmen fan har status als sekssymboal en sjen te litten dat se serieuze rollen oankoe. De film wie aardich populêr en se wûn in Golden Globe foar har rol. Dêrnei spile se fannijs de rol fan Rita Marlowe, dit kear yn de filmferzje fan Will Success Spoil Rock Hunter?.

Jayne Mansfield yn Nederlân (1957)

Yn oktober 1957 makke se in omgong troch Jeropa en besocht 16 lannen. Se moete de keninginne fan Ingelân en krige in soad omtinken by it filmfestival yn Cannes. Ek waard se yn it programma 'Mensen, dingen en nu' ynterviewd troch Wim Sonneveld dat op 11 oktober 1957 útstjoerd waard.

Har films The Girl Can't Help It en Will Success Spoil Rock Hunter? wiene populêr, mar de opfolger Kiss Them for Me (1957) die it net sa goed; it soe har lêste rol yn in grutte Hollywoodfilm wêze.

Se bleau lykwols yn de publisiteit en wûn in Golden Laurel yn 1959 foar har muzikale optreden yn de western-spoof The Sheriff of Fractured Jaw. It wie lykwols nei 1958 dien mei goede rollen foar Mansfield. Se die mei oan in tal lowbudgetfilms. Se krige rollen wêryn't se safolle at koe fan har lichem sjen litte liet en mar yn bytsje fan har akteartalinten gebrûk makke waard.

Persoanlik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grêf fan Jayne Mansfield

Jayne Mansfield boaske trije kear en skiede twa kear:

  • Paul Mansfield. Se trouden yn it geheim op 28 jannewaris 1950; skieding op 8 jannewaris 1958. Se hie in bern út dy relaasje.
  • Miklós "Mickey" Hargitay, in akteur en bodybuilder dy't yn 1955 Mister Universe waard. Hja skiede fan him yn 1963. Se krigen trije bern.
  • Matt Cimber, filmregisseur (ek bekend as Matteo Ottaviano), dy't hja troude op 24 septimber 1964. Mansfield frege om in skieding op 20 july 1966.

Der waard in soad rabbe oer oare ferhâldings dy't hja hawwe soe. Jan Cremer woe hawwe dat er in koarte ferhâlding mei har hie, om't hy syn autobiografyske roman Ik, Jan Cremer út 1964 oan har opdroegen hie. Sy neamde it boek 'in wyld en seksy masterwurk' (a wild and sexy masterpiece) en Cremer my Pop Hero. It wie lykwols in gewoan kontakt.

Yn de jierren 60 waard Mansfield lid fan de "Church of Satan" fan Anton Szandor LaVey [1].

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynterview mei Karla LaVey https://www.youtube.com/watch?v=RB_v_669ctc