Jan Veth
Jan Pieter Veth (Doardt, 18 maaie 1864 - Amsterdam, 1 july 1925) wie in Nederlânsk keunstskilder, dichter, keunstkritikus en heechlearaar keunstskiednis en estetika.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jan Veth wie in soan fan de Doardtske izerkeapman en liberale politikus Gerrardus Huibert Veth en Anna Cornelia Giltay. Fan memmekant stamme er ôf fan it Doardtske keunstskilderslaach Van Strij; mem wie in bernsbern fan Jacob van Strij. Hy troude 10 augustus 1888 mei Anna Dorothea Dirks; sy krigen fiif bern.
Veth folge de skildersoplieding oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Mei guon fan syn meistudinten wie r oprjochter fan de keunstnersferiening Sint Lucas. Fan 1885 ôf oan wurke er mei de skilder Anton Mauve yn Laren. Nei syn houlik festige er him yn Bussum.
Jan Veth is fral bekend wurden fanwege syn portretten. Hy skildere û.o. portretten fan Max Liebermann, Lambertus Zijl, Frank van der Goes, Antoon Derkinderen en in protte oare tiidgenoaten.
Njonken dat wie er dichter en behearde ta de beweging van Tachtich. Syn publikaasjes ferskynden ûnder mear yn de De Nieuwe Gids. Foar de De Kleine Johannes fan syn freon Frederik van Eeden makke er de boekbân.
As bûtengewoan heechlearaar keunstskiednis en estetika wie er ferbûn oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam.
Wurk (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Jozef Israels, 1887
-
Willem Leyds, 1896
-
Maurits van der Valk
-
Jan Veth
- Portret fan Arnold Aletrino (1885)
- Portret fan skilder Maurits van der Valk (1886)
- Larensk bern (1886)
- Selsportret (1886)
- Portret fan Prof. Dr. Pieter Johannes Veth (syn omke) (1886)
- Portret fan Anna Cornelia Veth-Giltay (syn mem) (foar 9 maaie 1887)
- Portret fan Lambertus Zijl (1886)
- Portret fan Hein Boeken (1887)
- Portret fan Frank van der Goes (1887)
- Portret fan Frans Lebret (1888)
- Portret fan Willem Leyds (1896)
- Portret fan Dirk Hudig (1917)
- Heintje, in Goaisk famke (1891)
- Portret fan Dr. H.G. Samson (1893)
- Portret fan Dr. J.A. Fles (1895)
- Portretten fan Rudolph Peter Johann Tutein Nolthenius (1897) en syn oare helte Alieda Maria Tutein Nolthenius (1898)
- Portret fan Abraham Kuyper (1899)
- Portret fan Gerradus Huibert Veth (syn heit) (1900)
- Postsegels foar Nederlânsk-Ynje, Kurasau en Suriname mei portret fan keninginne Wilhelmina (1902)
- Portret fan Johannes Messchaert (1903)
- Portret fan Max Liebermann (1904)
- Portret fan Klazina Boxman - Winkler (1906)
- Portret fan Prof. August Allebé (1907)
- Portret fan frou H.J.E. Wertheim Salomonson-Hijmans (1908)
- Portret fan Prof. Antoon Derkinderen (1915)
- Portret fan de hear A.J. Lebret (1920)
- Portret fan de hear Jean Pierre Moquette (1921)
- Postsegels foar Nederlân mei portret fan keninginne Wilhelmina (nei 1924)
- Portret fan W.H.J. Oderwald (1925)
- Portret fan Diederik Johannes Korteweg (skets)
- Skipswerf (?)
- Strjitsje yn Naarden (?)
- Portret fan Elisabeth Ragazzi-van den Wall Bake (?)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Johan Huizinga, Leven en werken van Jan Veth, Haarlim 1927.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|