Iishal
In iishal is in oerdekte hal dêr't yn riden wurde kin op bygelyks in 111 meter-baan (shorttrack), 400 meter-baan (langebaan) of in iishockeybaan. Guon banen binne hielendal oerdekt, oaren binne allinnich oerkape. Fryslân beskikt oer twa iishalen, op it Hearrenfean (Thialf en yn Ljouwert (Iishal Ljouwert). De iishal yn Hearrenfean hat in 400 meterbaan, dy't fan Ljouwer is 220-meter.
Yn Nederlân binne relatyf in soad 400 meter-banen, dêr't Thialf op It Hearrenfean fierút de bekendste fan is. Ek yn bygelyks Amsterdam, Grins, Assen, Dimter, De Haach en Utert binne iishallen dêr't faak wedstriden yn ferriden wurde.
By it langebaanriden binne grutte ferskillen yn de kwaliteit fan it iis tusken de banen. Neist de temperatuer fan it iis is it in wichtige faktor op hokker hichte in baan leit. Op heechlizzende banen, lykas yn Salt Lake City en de Olympic Oval yn Calgary, is in legere luchtwjerstân en ride riders mei deselde krêft op dizze banen sneller as op saneamde 'leechlânbanen', lykas it Fikingskip yn it Noarske Hamar of de banen yn Erfurt en Turyn.
.