Springe nei ynhâld

Hyrkaanje

Ut Wikipedy
Lizzing fan Hyrkaanje yn Iran en Turkmenistan.
In oerwâld yn Hyrkaanje
Rysbou yn Mazandaran

Hyrkaanje of Ferkâna wie eartiids sawol de namme fan in krite as fan in kening yn wat tsjintwurdich it noarden fan Iran en it súdwesten fan Turkmenistan is. Geografysk sjoen leit it gebiet tusken de Kaspyske See en it Elbûrs-berchtme.

De Alde Griken joegen de namme Hyrkaanje oan de krite. Yn it Aldperzysk waard it gebiet Ferkâna neamd. Ferkā betsjut yn it Aldperzysk wolf en de namme hâldt dan ek Wolvelân yn.

De Griken neamden de Kaspyske See de Hykanyske See.

Geografy, klimaat en lânskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De geografy fan it lânskip wurdt kenmerke troch in alluviale flakte dat tusken de bergen en de see yn leit. De flakte is net oeral like breed, it fariearet fan in inkele kilometer op sommige plakken oant tsientallen kilometers, bygelyks yn Mazandaran.

De regio hat in subtropysk klimaat. Der wurdt in protte rys ferboud.

De regio hat in protte subtropyske bosken.

It histoaryske Hyrkaanje heart tsjintwurdich ta de provinsjes Ardebil, Gilan, Mazandaran, Golestan en Noard-Korasan.

Hyrkaanje hearde ûnder it regear fan Syrus de Grutte (559 - 530 f.Kr.) by it Perzyske ryk. It gebiet waard doe bestjoerd troch in satraap dy't nei alle gedachten syn sit hy yn de stêd Sary.

Aleksander de Grutte ferovere de omkrite yn 329 f.Kr. Nei syn dea foel syn ryk útinoar en waard Hyrkaanje part fan it Seleusiden ryk.

Doe it Arabyske Ryk ûnder Omar ibn al-Chattab Iran yn 636 ferovere, bleau Hyrkaanje noch lange tiid selsstannich.

Fan 928 oant 1043 wie Hyrkaanje in selsstannige steat ûnder de dynasty fan de Ziyariden. Dêrnei waard de streek ferovere troch de Turkske Seltsjoeken.

Hyrkaanje makke yn de tiid fan de Safaviden foargoed diel út fan Iran, neidat Abbas I de Grutte it gebiet by syn ryk tafoege.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]