Holten
Holten | ||
Herfoarme tsjerke yn Holten (2006) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Rijssen-Holten | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 9.595 (2023) [1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | Spoar fan Dimter nei Almelo, N332, N344, N350 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 16' NB, 6° 25' EL | |
Kaart | ||
Holten (Nedersaksysk: Hooltn) is in doarp en eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Oerisel, yn de gemeente Rijssen-Holten. It doarp Holten hat 9.595 ynwenners (2023).
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Holten leit oan de Holterberch oan it suderein fan de Sallânske Heuvelrêch. Westlik lizze de buorskippen Dijkerhoek en Espelo. Oan de eastkant leit, tusken Holten, Markelo en Rijssen, buorskip en natuergebiet De Borkeld yn syn folle lingte en breedte. Súdlik fan it doarp leit de buorskip Beuseberg en de Lookerenk, dy't oergiet yn in beboske heuvel mei de namme Beuseberch (ek wol "Zuurberch" neamd). Benoarden Holten leit it doarp Nijverdal.
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Holten is berikber fia de provinsjale diken N332, 344 en 350 en fierder is der in treinstasjon, stasjon Holten oan it Spoar fan Dimter nei Almelo.
Kultuer en Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op de Holterberch leit it Kanadeeske begraafplak Holterberch Op it Kanadeeske begraafplak út de Twadde Wrâldkriich hawwe neist 1355 Kanadezen ek 36 Britten, twa Australiërs en ien Belch harren lêste rêstplak. súdwestlik fan it Kanadeeske begraafplak stiet it Natuermuseum Holterberch. It museum bestiet út 11 libbensgrutte diorama's dêr 't mear as 1000 bisten tentoansteld wurde yn harren natuerlike hâlding en omjouwing. It Piterpaad rint troch Holten en oer de Holterberch rint it Marskramerpaad.
-
Holterberch (2020)
-
Stasjon Holten (2024)
-
Saksyske pleats oan de Pasmanweg (2020)
-
It eardere gemeentehûs fan Holten (2020)
-
Swimbad Twenhaarsveld (2020)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Rijssen-Holten | ||
---|---|---|
stêd: Rijssen | ||
Doarp: Holten | ||
Buorskippen: Beuseberg • De Borkeld • Dijkerhoek • Espelo • Holterbroek • Lichtenberg • Look • Neerdorp | ||
Wetter: Regge | ||
· · |