Hiroshige Ando
Hiroshige Ando (Japansk: 安藤 広重, Andō Hiroshige), ek bekend as Hiroshige Utagawa (歌川 広重, Utagawa Hiroshige), (1797 - 12 oktober 1858, Edo) wie in Japansk keunstner.
Hy makke ukiyo-e (Japanske houtfyk-druk) printen. Hy waard it meast bekend fan syn lânskippen. Hy waard in ferneamd keunstner yn de perioade 1831-1834 mei de publikaasje fan De 53 halteplakken fan de Tōkaidō, in rige fan 55 printen mei de haltes en it begjin- en einpunt fan de Tōkaidō, de wichtichste dyk tusken Edo en Kyoto. Syn grutte súkses siet him efter en hie in perioade fan delgeande artistisiteit yn de jierren 1840-1850 fan gefolgen. Yn 1856 sette er út ein mei syn lêste grutte wurk, 'Hûndert ferneamde gesichten fan Edo'.
Katsushika Hokusai hat in boarne fan ynspiraasje west foar Hiroshige, mar Hiroshige hat sels it lânskipssjênre op briljante wize fierder ûntwikkele. De man fan Hiroshige syn adoptearre dochter folge him op as Hiroshige II.
Vincent van Gogh en Hiroshige
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vincent van Gogh wie wei fan Hiroshige en hat in tal kopyen fan syn wurk makke, lykas Kameido Ume (lofts it orzjineel, Van Gogh syn kopy rjochts). Oer syn bewûndering foar de Japanske houtfiken skreau er op 24 septimber 1888 oan syn broer Theo:
“ | Ik benijd de Japanners de buitengewone duidelijkheid die alle dingen bij hen hebben. Nooit is het vervelend en nooit lijkt het haastig gedaan. Hun werk is even simpel als ademhalen en zij maken een figuur in enkele zekere trekken met hetzelfde gemak alsof het zoiets eenvoudigs betrof als het dichtknopen van je vest. | ” |
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Print 11: Hakone
-
Print 16: Kanbara
-
Print 46: Reinbui by Shōno
-
Edo, print 30: De prûmehôf yn Kameido
-
Edo, print 63: De Suidō-brêge en it Bridge Surugadai-kertier
-
Fuji, print 3: Sukiyagashi yn de Eastlike Haadstêd
-
Fuji, print 27: De Futamibaay yn de provinsje Ise
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Utagawa Hiroshige fan Wikimedia Commons. |