Graz
Graz | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Eastenryk |
Dielsteat | Stiermarken |
Sifers | |
Ynwennertal | 291.072 (1 jan. 2020) |
Oerflak | 127,57 km² |
Befolkingstichtens | 674/km² |
Hichte | 89 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.graz.at |
Graz is in stêd yn Eastenryk en de haadstêd fan de dielsteat Stiermarken. Graz, de op ien nei grutste stêd fan it lân, is ferneamd fanwegen de histoaryske binnenstêd. Yn 1999 waard de binnenstêd byskreaun op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO. Yn 2003 wie de stêd Kulturele Haadstêd fan Europa.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik stie op de lokaasje fan de stêd in romeinsk fort. De Slovenen bouden letter in lyts kastiel, dat letter in delsetting waard dat goed ferdigene wurde koe. It wurd Gradec, dêr't Graz de namme oan tanket, betsjut yn it Sloveensk letterlik "lyts kastiel". De Dútske namme Graz waard yn 1128 foar it earst brûkt. Under it bewâld fan it Hûs Babenberg feroaren de hartogen de stêd ta in wichtich hannelssintrum. Letter foel de stêd yn 'e hannen fan de Habsburgers. Kening Rudolf I ferliende Graz yn 1281 spesjale privileezjes.
De stêd waard yn de 14e iuw de residinsje fan de Habsburgers. De Schlossberg (Grazer Burg) tichteby de domtsjerke wie de residinsje en fan dêr út waarden Stiermarken, Karinsje en dielen fan it tsjintwurdige Itaalje en Sloveenje bestjoerd. Yn de jierren 1520 waard de stêd in protestantsk bolwurk. De Habsburgers diene lykwols alle war om de stêd wer katolyk te meitsjen en noegen yn 1572 de jezuïeten út om de kontrareformaasje te begelieden. Yn 1585 waard de universteit fan Graz stifte en noch jimmeroan is de stêd in universiteitsstêd. Yn dy tiid setten italjaanske keunstners en boumasters it stimpel op de stêd. Ien fan de meast bekende gebouwen is it yn renêssânse styl boude Landhaus fan Domenico dell'Allio, dêr't it stedsbestjoer sit hat.
Nei't yn 1598 de protestantske predikanten de stêd útset en yn 1599 de protestantske skoallen sletten waarden, krigen protestanten de kar om katolyk te wurden en oars it lân te ferlitten. Fanôf 1620 krigen de adel mei deselde maatregels te krijgen. Ien fan dy ballings wie de ferneamde astroloog Johannes Kepler. It soe oant it regear fan keizer Joazef II duorje doe't de protestanten mei de tolerânsje-edikten fan 1781 harren frijheid werom krigen om de protestantske earetsjinst út te oefenjen. Om't de Turken mei harren kriichstochten jimmeroan wer it gebiet fan Graz ynfoelen, waard it hôf yn 1619 twongen te ferhûzjen nei de Hofburg fan Wenen. De stêd waard yn dy tiid fierder fersterke en soe nea yn hannen falle fan de Turkske legers.
Yn 1797 besetten de Frânsen Graz foar it earst. In twadde Frânske besetting folge op 14 novimber 1805 ûnder generaal Auguste Frédéric Louis Viesse de Marmont, dêr't op 11 jannewaris 1806 mei in ôftocht fan de Frânske troepen in ein oan kaam. In tredde Frânske ynvaazje folge op 30 maaie 1809 ûnder generaal Macdonald. Graz foel as iepen stêd sûnder slach, mar it fort op de Schlossberg waard ferdigene. Op 24 july 1809 waard it Eastenrykske garnizoen twongen de fêsting op te jaan. Yn it Fredesferdrach fan Schönburg dat folge, waard de sloop fan it fort oerienkommen en de Frânsen setten útein mei it opblazen fan de ferdigeningswurken. Foar in bedrag fan goed 2.987 gûne kochten de boargers de klokketoer, dy't de Frânske ekplosiventjinst sadwaande stean lieten. Nei de ôftocht fan de Frânsen op 4 jannewaris 1810 makke de stêd in grutte ûntwikkeling mei yn technyske prestaasjes, ekonomyske inisjativen en it kulturele libben.
Rillegau nei it referindum oer de Anschluss besocht Adolf Hitler op 3 en 4 april 1938 Graz en waard dêr troch tsientûzenen minsken ferwolkomme. Fuort nei de machtsoername troch de nasjonaalsosjalisten waarden fertsjintwurdigers fan oare partijen oppakt. Ek de ferfolging fan de likernôch 2.400 minsken tellende joadske mienskip sette útein, werfan't de leden emigrearje moasten of nei Wenen waarden deportearre. By de pogroms fan 1938 waard de synagoge ôfbaarnd en al yn 1940 waard Stiermarken "judenfrei" ferklearre. Om de boargerbefolking te beskermjen waarden sûnt 1943 troch twangarbeiders tunnels yn de Schlossberg groeven, dy't oan likernôch 50.000 minsken plak joechen. Sadwaande bleau it tal slachtoffers troch bombardeminten yn ferhâlding leech: 1.980 deaden en likernôch 2.000 ferwûne minsken. Troch de bombardeminten op Graz gyngen 7.802 gebouwen en rekken likernôch 20.000 hûshâldings harren wenning kwyt. Fral it gebiet om it Sintraal Stasjon hinne waard swier troffen troch de bombardeminten.
Tsjin it ein fan de kriich wie it ynwennertal fan Graz drastysk ôfnommen. De measte manlju fochten oan it front of wiene sûnt 1944 foar de Volkssturm oproppen. Ek besochten in soad minsken in feilich hinnekommen te sykjen en de froulju dy't efter bleane moasten hurd wurkje om it pún fan de bombardeminten op te rûmjen. Nei't it Reade Leger by de Balatonmar in trochbraak forsearren, flechten in soad froulju en fammen om't hja benaud wiene foar ferkrêfting troch russyske soldaten. Gauleiter Sigfried Uiberreither liet op 7 mei 1945, de dei dat er sels útnaaide, in groep fersetsstriders deasjitte en ek politike tsjinstanners waarden op it lêst noch fermoarde yn de hôf fan it plysjeburo. Uiberreither droech dêrnei de lieding oer oan de mear gematigde Armin Dadieu, dy't om 12:00 oer alle funksjonarissen fan de NSDAP yn Stiermarken dien joech en it befel útfeardige it Nearo-dekreet net út te fieren. Graz waard ynearsten beset troch Sovjet-toerpen en letter Britske troepen, dy't oant 1955 bleaune.
Graz is hjoeddedei in wichtich ekonomysk sintrum foar de regio en hat him ûntwikkele ta in universiteitstêd mei likernôch 60.000 studinten (2 jannewaris 2017). Sûnt 1999 falt de binnenstêd fan Graz ûnder it UNESCO-wrâlderfgoed, sûnt 2010 falt ek it Schloss Eggenberg ûnder it wrâlderfgoed. Yn 2003 wie de têd Kulturele Haadstêd fan Europa.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynwennertal fan Graz gyng yn 1870 foar it earst oer de 100.000-grins. Neitiid woeks de befolking fierder troch natuerlike groei, migraasje en it tafoegjen fan oanbuorjende gemeentes nei de Anschluss yn 1938. Yn de jierren 1970 ferhûzen ynwenners nei oanbuorjende gemeentes, sadat de groei doe ôfnaam.
Fan de befolking hie yn 2015 in lytse 84% de Eastenrykske nasjonaliteit. Grutte allochtoane mienskippen wurde foarme troch minsken út Bosnje, Dútslân, Kroaasje, Turkije, Roemeenje, Hongarije, Ruslân en Itaalje.
Jier | 1869 | 1890 | 1910 | 1934 | 1951 | 1961 | 1971 | 1981 | 2001 | 2011 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwennertal | 98.229 | 135.660 | 193.790 | 210.845 | 226.453 | 237.080 | 249.089 | 243.166 | 226.244 | 258.847 | 291.007 |
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Graz tanket it toerisme benammen oan de ûnder it wrâlderfgoed fan UNESCO fallende histoaryske binnenstêd. De stêd wie yn 2003 Kulturele Haadstêd fan Jeropa. Njonken de histoaryske binnenstêd binne der ek in soad monuminten bûten de âlde stêd, fral yn St. Leonhard en Geidorf.
It besjen wurdich (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Schlossberg is in natuerlike fêsting yn de stêd. Fan it fort is nei de ferneatiging allinne de 28 meter hege yn 1561 boude Uhrturm oerbleaun, tsjintwurdich it symboal fan Graz.
- De oan de hillige Egidius wijde domtsjerke (Burggasse) is sûnt 1786 katedraal fan it bisdom Graz-Seckau en waard yn de 15e iuw boud en brûkt as hôftsjerke fan de roomsk-dútske keizer. Eartiids wie de dom mei in gong ferbûn mei de boarch. Fan 1577 oant 1773 brûkten de jezuïeten de tsjerke en hat in ryk barok ynterieur. De bûtenmuorre fan de dom is fersierd mei in fresko, it saneamde "Landplagenbild", dat de trije pleagen fan it lân ôfbyldet: de sprinkhoannepleach, de Turken dy't it lân oanfoelen en de pest.
- Fuort by de dom stiet de Katharinenkirche mei it mausoleum (Burggasse). It is it plak dêr't keizer Ferdinand II (1578–1637) begroeven is. Graz wie an 1379 oant 1619 de residinsje fan de Habsburgers. Tusken de domtsjerke en it mausoleum stiet op in sokkel it brûnzen byld fan de patroanhillige fan de dom, Sint-Egidius.
- Foar de âlde universteit fan Graz oer wennen de muontsen fan de jezuïeten yn de Domherrenhof, in stedspaleis yn de Bürgergasse.
- It tusken 1702 en 1716 boude Palais Attems yn de Sackstrasse is ien fan de moaiste barokke paleizen fan de stêd.
- De Boarch mei de goatyske dûbele slingertrep waard tusken 1438 en 1453 troch keizer Freark III boud. De boarch bleau de residinsje fan it hôf oant 1619.
- De âldste tsjerke fan Graz is de Leechkirche, dy't wat fansiden stiet en te berikken is troch de Zinzendorfgasse of de Glacisstraße. De 13e-iuwske goatyske tsjerke waard eartiids brûkt troch de Dútske Oarder.
- De Fransiskaanske tsjerke (Franziskanerplatz), de op ien nij grutste tsjerke fan Graz, stiet op de eastlike kant fan de Mur.
- Yn de Mur leit it driuwende eilân dat yn it ramt fan Kulturele Haadstêd fan Europa boud waard.
- De Kirche Mariahilf oan 'e Mariahilferplatz op de rjochter kant fan de Mur út 1742-1744 is in beafeartstsjerke en parochytsjerke. Oan de tsjerke oansletten is it minderbruorrenkleaster.
- Oan de westlike stedsrâne stiet it ûnder it wrâlderfgoed fallende Slot Eggenberg, it grutste barokke slot fan Stiermarken.
- Eastlik fan de stêd stiet de monumintale basilyk Mariatrost, ien fan de wichtichste beafeartsplakken fan Stiermarken.
Pleinen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hauptplatz
- Südtirolerplatz
- Jakominiplaz
- Am Eisernen Tor mei de út tankberens foar de befrijing fan de Turken boude Turkenpylder
- Freiheitsplatz
- Karmeliterplatz mei de lêst oerbleaune poarte fan de renêssânse fêsting
-
Hauptplatz -
Mariatrost -
Nije Synagoge -
Mariahilfkirche -
Slot Eggenberg
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Universalmuseum Joanneum (webstee):
- Graz Museum, museum foar kultuerskiednis (webstee)
- Diözesanmuseum Graz (webstee)
- Literaturhaus Graz (webstee)
- Museum der Wahrnehmung (webstee)
- Tramway Museum Graz (webstee)
- Johann Puch Museum Graz (webstee)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Toeristyske ynformaasje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|